gr I GEMEENTE
fm Leeuwarderadeel
Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op
tongersdei 3 july 2014 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens.
14. Moasje FNP oangeande sport
De hear Dijkstra (FNP): De moasje is baseard op in stik fan in Keamerlid yn de Ljouwerter Krante. Der
hawwe ek al oare gemeenten oer te set west. Hy lest de moasje foar.
De hear Spijksma (CDA): Moat men dan ek sportskoallen mei subsydzje stypje?
De hear Klaver (GBL): Met zo'n motie hoeft men geen actieplan meer op te stellen. Als het
gemeentelijke instellingen betreft is GBLvoorde motie.
De hear Pot (WD): Hij snapt de motie niet helemaal vanwege de gebruikte Friese taal.
De hear De Kroon (PvdA): De PvdA is it folslein iens mei de achtergrun fan de moasje. It kolleezje soe
it punt lykwols fia in beslut oan de ried foarlizze moatte.
De hear Brouwer (CDA): It CDA stiet wol achter de moasje, mar kin de gefolgen net krekt oersjen.
De foarsitter: De vraag is of men de consequenties wel voldoende kan overzien. Het college kan de
teneur overnemen, maar wil een en ander eerst verder uitzoeken. Het college legt vervolgens een
besluit voor aan de raad om het probleem op te lossen.
De hear Pot (WD): Hij heeft inmiddels de motie begrepen en staat achter de teneur.
19
Moasje oangeande Sport
De riedfan Ljouwerteradiel byinoar yn de iepenbiere gearkomste fan 3 july 2014,
Yn berie nimmend dat de 'Wet Markt en Overheid" op 1 july lestlyn yngien is,
boppeneamde wet gemeenten ferplichtet sportakkomodaasjes allinne
tsjin merkkonforme prizen teferhieren oan b.g. sportferienings,
merkkonforme priistrochberekkening de sportferienings opskypje sil
meifolle hegere hierprizen as oant no ta,
sportferienings sadwaande twongen wurde utwrydske
kontribusjeferhegings troch tefieren,
troch sokke kontribusjeferhegings dielname oan sport foar guon
minsken minder berikber wurdt,
meidwaan oan sport fan grut belong is foar de sunens fan sawol
lichem as fan geast en goed is foar de foarming fan mienskipssin,
Stelt ut "Sport" oan te merken as "aktiviteitfan algemien belong"
En giet oer ta de oarderfan de dei.
Stiens, 3 july 2014
Fraksie FNP Ljouwerteradiel
Folkert Dykstra
Jan Willem Tuininga