rfl Leeuwarderadeel
J m I GEMEENTE
9
Stiens, 16 juny 2014
Raadsvergadering: 3 july 2014
Voorstelnummer: 2014/ 42
Portefeuillehouder: drs. J.R.A. Boertjens
Behandelend ambtenaar: Gerrit de Vries
E-mail: g.devries@leeuwarderadeel.nl
Telefoonnr.058-2576617
Onderwerp: Previnsje- en hanthaveningsplan alkohol Ljouwerteradiel 2014 o/m 2017
Te nemen besluit:
It previnsje- en hanthaveningsplan alkohol Ljouwerteradiel 2014 o/m 2017 fest te stellen.
Korte inhoud:
De Drank- en Hoarekawet skriuwt de ferplichting foar om in previnsje- en hanthaveningsplan alkohol
fest te stellen (art. 43a).
Inleiding:
Op 1 jannewaris 2013 is der in nije Drank- en Hoarekawet (DHW) kaam.
Wichtich is dat alle taken fan de DHW op it med fan tafersjoch en hanthavening fan de 'Nederlandse
Voedsel- en Warenautoriteit (NVWA)' oan de gemeenten oerdroegen binne.
Noch datselde jier is troch de gemeenteried de ferplichte oardering foar parakommersjele
ynstellingen lykas doarpshuzen en sportkantines feststeld (2013/73 -12 desimber 2013).
In leste wetswiziging fan begjin dit jier ferplichtet gemeenterieden no ek om ien kear yn de fjouwer
jier in previnsje- en hanthaveningsplan alkohol fest te stellen. Dat moat formeel foar 1 july 2014.
Argumenten:
De Drank- en Hoarekawet skriuwt de ferplichting ta it feststellen fan sa'n plan foar (art. 43a).
Kanttekeningen:
It plan foldocht sa oan 'e easken fan de wet. Kwa utfiering fan kontroles kinne mooglik hjir en der
konsesjes dien wurde yn oerlis mei de utfierende ynstansjes, as soks effisjinter en goedkeaper is.
It kolleezje hat okkerdeis al ynstimd mei in oerienkomst mei Ljouwert oangeande it ynhieren fan
BOA's. Yn it trijehoeksoerlis moat dat formeel noch ofstimd wurde.
Financiele toelichting:
Yn us begrutting wurdt al jierliks in bedrach opnommen fan 10.000,- (post 6.140.200 343.999).
Uitvoering/ afhandeling:
n.f.t.