V
Motie vreemd aan de agenda
RAAD
3 juli 2014
Motie raadsbreed
AANGENOMEN
Moasje oangeande Wynmunen
De ried fan Ljouwerteradiel byinoar yn de iepenbiere gearkomste fan 3 july 2014,
Yn berie nimmend dat provinsje Fryslan foar 1-1-2015 in beslut nimme moat oangeande de
realisaasje fan 530,5 MW opsteld fermogen yn wynenerzjy;
de wurkgroep "Fryslan foar de Wyn" in ynventarisaasje docht nei
allinnich pleatsing fan wynmunen op it grungebiet fan Fryslan;
dizze wurkgroep foar in protte unrest en lilkens under de befolking
soarget;
de befolking yn opstan komt en hantekenings sammelet tsjin de wize
werop dit proses fierd wurdt;
der ek yn us gemeente in aksjegroep untstean is dy't tsjin pleatsing
fan wynmunen is op it grungebiet fan Ljouwerteradiel;
dizze aksjegroep yn Hijum, Feinsum en Aide Leie massaal
hantekenings sammele hat tsjin ekstra wynmunen yn harren
omjouwing (sjoch bylage);
Ekyn berie nimmende dat
Konkludearjend dat
a. de fossile enerzjyboamen ierdgas en oalje op reitsje;
b. it ferbaamen fan fossile enerzjy as ierdgas en oalje grutte skea
tabringt oan it leefmiljeu foar de minsken en de bisten;
c. de ofhinklikens fan enerzjy ut it butenlan bedrigend is foar de
ekonomy en de feiligens fan us lan;
d. ek Ljouwerteradiel in bydrage leveije moat oan it werom bringen
fan it gebruk fan fossile enerzjyboamen;
Freget it Kolleezje
e. yn gearwurking mei de buorgemeenten in plan te meitsjen foar it
werom bringen fan it gebruk fan fossile enerzjy yn us gemeente;
f. it inisjatyf te stypjen om de munen foar de yn Fryslan winske
wynenerzjy te konsintrearjen by de Ofslutdyk lans;
g. stipe te jaan oan de plannen om fan de Ofslutdyk in grutte C02
neutrale enerzjy produsint te meitsjen troch in kombinaasje fan
i.enerzjy fan wynmunen
ii.enerzjy fan sinnepanielen
iii..enerzjy ut de kombinaasje fan swiet en salt seewetter;