g M GEMEENTE
iWi Leeuwarderadeel
Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op
tongersdei 3 july 2014 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens.
4a. Moties met betrekking tot windmolens.
De hear Dijkstra (FNP): Hy haldt him al jierren op 'e hichte oer wynmunen troch in technysk tydskrift.
Der is ek aksje yn de doarpen Feinsum, Hijum en Aide Leije tsjin de wynmunen. Hy lest de moasje
foar.
De moasje is baseard op amendeminten yn de Steaten. Der moatte sinjalen nei de provinsje gean fan
de gemeenten hoe't se oer wynmunen op harren grungebiet tinke.
De hear De Kroon (PvdA): De strekking fan de moasje fan de PvdA is frijwat gelyk as dy fan de FNP,
mar hat in wat oare achtergrun. Men soe it wat breder sjen moatte en net allinne ofgean moatte op
de 'NIMBY-luden'. De gemeente soe konstateare moatte dat de fossile enerzjy stadichoan oprekket
en dat dy fersmoarget en ek ofhinklik makket fan it butelan. Tegearre mei de buorgemeenten soe
men it bruken fan fossile enerzjy werombringe moatte. Stel derta in plan op. Ferwerderadiel is der ek
mei dwaande. It stanpunt fan Ferwerderadiel is om yn te setten op ferskate foarmen fan
enerzjyopwekking op de Ofslutdyk. Dat soe men stypje moatte.
Moasje oangeande Wynmunen
De riedfan Ljouwerteradiel byinoar yn de iepenbiere gearkomste fan 3 july 2014,
Yn berie nimmend dat provinsje Fryslan foar 1-1-2015 in beslut nimme moat oangeande de
realisaasje fan 530,5 MW opsteld fermogen yn wynenerzjy,
de wurkgr oep "Fryslan foar de Wyn" in ynventarisaasje docht nei
allinnich pleatsing fan wynmunen op it grungebiet fan Fryslan,
dizze wurkgroep foar in protte unrest en lilkens under de befolking
soarget,
de befolking yn opstan komt en hantekenings sammelet tsjin de wize
werop dit proses fierd wurdt,
der ek yn us gemeente in aksjegroep untstean is dy't tsjin pleatsing
fan wynmunen is op it grungebiet fan Ljouwerteradiel,
dizze aksjegroep yn FUjum, Feinsum en Aide Leie massaal
hantekenings sammele hat tsjin ekstra wynmunen yn barren
omjouwing (sjoch bylage),
Sprekt ut dat gemeente Ljouwerteradiel gjin ekstra wynmunen op har grungebiet
ta stiet,
de ynwenners fan us gemeente de mooglikheid krije te partisipearjen
yn it uteinlik nij opstelde Provinsjale wynenerzjyfermogen,
gemeente Ljouwerteradiel in opromplicht wol foar besteane
wynmunen om dermei op termyn in wynmunefrije gemeente te
krijen.
En giet oer ta de oarderfan de dei.
Stiens, 3 july 2014
Fraksie FNP Ljouwerteradiel
Folkert Dykstra
Jan Willem Tuininga