Der binne ek oare portefuljes dy't har dwaaande halde mei de biblioteek/de Skalm en der kin er no fierder neat oer sizze. Ik understeun de opmerking fan de Pvda, as de ried besunigje wol dan moat men wol oanjaan wat men dan net mear wol. De foarsitter: Er wordt unaniem conform het voorstel besloten. IB. Einevaluaasje Pastiel Mefrou Bijsterbosch (PvdA): Het project heeft een jaar gedraaid. Van de 100% uitstroom in Leeuwarderadeel naar werk is 44% het aandeel van Pastiel geweest. Kan men de taken niet door de eigen dienst laten uitvoeren? Naar welke werkgevers zijn de mensen uitgestroomd? Men heeft voor de zomer een brief gekregen van de FSU met een aantal kritische opmerkingen. Daarover komt men niets tegen. Gaat men met het project door en hoe hebben andere gemeenten gereageerd? De hear Klaver (GBL): Het is mooi dat mensen zich in het arbeidsproces kunnen voegen. Hij kan zich aansluiten bij de vragen van mevrouw Bijsterbosch. De hear Tuininga (FNP): De wurkjouwer hat der ek profyt fan. Om watfoar wurk giet it eins? Is it betelle wurk of frijwilligerswurk? Wat smyt it yn prinsipe op? By sosjale saken hat men neffens him no minder wurk. Hy wiist der op dat de arbeidsmerk der wol troch beynfloede wurdt as minsken mei behald fan de utkearing oan it wurk binne. Dat komt fuort ut it ryksbelied. De hear Tigchelaar (CDA): It CDA kin har wol oanslute by de foarige sprekkers. In tredde diel fan de potinsjele wurknimmers is fanut Pastiel weromgien nei de gemeente en dat is net goed foar de motivaasje. Men is 28% binnen it budzjet bleaun. Men moat wol rekken halde mei de Europeeske subsydzje en dy ferfalt no. Mei de nije partisipaasjewet moat de gemeente de minsken oan wurk helpe. Pastiel freget om fuortsetting oant 2019. Dat kin troch de fuzje yn 2018 mei Ljouwert, dat net mei Empatec mar mei Caparis wurket, net. Hat it projekt wol sinfol west as men sjocht nei de utstreamsifers? De hear Pot (WD): Hij sluit zich aan bij de gemaakte opmerkingen. Het is wel een moeilijk bemiddelbare groep en de resultaten zijn mager. Wethalder Vos: Pastiel docht in stikje fan it wurk fan SoZaWe. By de evaluaasje yn maaie binne in tai krityske opmerkingen makke. It wurk fan Pastiel moat wol passe by it wurk fan de sosjale tsjinst. Pastiel hat ek eksterne Europeeske finansiering han. It moat net ta mearkosten liede. Hy wol in presintaasje fan it wurk fan Pastiel yn de ried. De kosten moatte dus net heger wurde. Hy wol witte wannear't der dublueres untsteane. Hoe giet men fierder? Ljouwerteradiel sil net aksepteare dat men langer as 1 jannewaris 2018 by Pastiel bliuwt. De mearderheid fan de 8 gemeenten sil foar fuortsetting weze. Hy kin gjin antwurden jaan op de detaillearre fragen fan mefrou Bijsterbosch. De kanttekeningen fan de FSU binne by Pastiel dellein. Hy hat deroer gjin negative sinjalen krigen. Der binne trije blokken yn Fryslan. It iene blok is de SoZaWe Noardwest Fryslan, it twadde blok is De Fryske Marren en it tredde blok is Sudwest Fryslan. Dy tinke der alle trije wat ferskillend oer. Twadde termvn Mefrou Bijsterbosch (PvdA): Het gaat haar bij het verzoek om meer informatie om het type bedrijven en waar die zijn. De hear Tigchelaar (CDA): Hy hopet dat de wethalder de makke opmerkingen meinimt nei de Dienst Sociale Zaken en Werkgelegenheid Noardwest Fryslan. De hear Tuininga (FNP): Neffens him kin it alderhanne soarte bedriuwen weze der't de minsken

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2014 | | pagina 12