Troch de trije D's sil de druk noch mear tanimme. Dat moat net. 'Respijtzorg' moat mooglik weze. Dat soe men oan de gebietsteams trochjaan moatte. It CDA wol fierder safolle mooglik tefoaren komme dat bern yn earmoede opgroeie. De hear Ketellapper(GBL): De wethalder sil ynkoarten ynsjoch krije yn wat de gemeente oan jild krijt. Hy soe graach earst witte wolle wat de gemeente krijt en wat men derfoar docht. Wethalder Vos: It giet no allinne oer it ynkeapstrategy. De gefoelens kinne no noch meinommen wurde. It kolleezje hat in konseptriedsfoarstel taheakke. As de ried net folstean kin mei it kenber meitsjen fan de gefoelens dan kin de ried fia in amendemint om in feststelling freegje. By de begrutting sille de sifers foarlizze. It jild foar de bestimmingsreserve sil ut de produkten komme moatte. De Jetta Klijnsma-jilden heare by it beliedsplan. De hear De Kroon (PvdA): It liket him net ferstannich om it stik oan te halden fanwegen de terminen. Wethalder Vos: Hy slut him derby oan. De hear Ketellapper(GBL): Hy fynt dat men dan fierstente let de stikken krige hat. Mefrou Bijsterbosch (PvdA): Op de voorlichtingsavonden zijn de raadsleden wel bewust gemaakt van de tijdsdruk. De hear Pot: Hij sluit zich daarbij aan. De hear Tigchelaar (CDA): It CDA haldt de moasje oan oant by it besprek fan it beliedsplan 3 D's. De foarsitter: Vanwege de termijnen voor de aanbesteding van de inkoop stelt hij voor om het stuk niet aan te houden. Hij stelt vast dat de heer Ketellapper tegen deze gang van zaken is en tegen stemt. Er wordt bii meerderheid conform het voorstel besloten. 15. Utgongspuntenotysje 'Inkoop Zorg voor Jeugd Fryslan' De hear Pot (VVD): Zijn er voor Leeuwarderadeel nog afwijkingen en zo ja, welke zijn dat? Wat is het verschil voor oude en nieuwe clienten? De hear Tigchelaar (CDA): Der is provinsjaal goed gearwurke. Ljouwert is de sintrumgemeente. 80% foar de jeugdsoarch is al labele. Der moat in goede oergong weze fan 18 nei 25 jier. It CDA is bliid mei de bylage. It gebietsteam is hjir ek fan belang, mar dat jildt ek foar it Centrum voor Jeugd en Gezin. Mefrou Bijsterbosch (PvdA): Ek hjir hie de PvdA deselde opmerkingen oer it beslut as by it foarige punt. Fierder is de PvdA posityf oer it stik. Wethalder Vos: De buro's foar jeugdsoarch halde de 80% fan it budzjet. De oare 20% sil ek wol fuortset wurde. Yn Fryslan hat men net om de nije oanpak frege. De winsk komt ut de Ranested. Dertroch wurket men mei in sintrumgemeente (Ljouwert). Der sit gjin ferskil yn de utgongsnotysjes fan de gemeenten. De foarsitter: Er wordt unaniem conform het voorstel besloten. 16. Jierstikken 2013 Fryslan-West en NV Empatec De hear Tigchelaar (CDA): Empatec is de twadde grutte wurkjouwer binnen it gebiet fan Empatec. De 12

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2014 | | pagina 15