Ondertekend op 10 december2015 door PvdAfractie Leeuwarderadeel: Harm de Kroon Ursula de Voogd Toke Bijsterbosch Pieter van der Werff Ze heeft nog een tip. In De Bildtse Post heeft ze een mooi voorbeeld gezien hoe men kan communiceren over de AV Frieso verzekering. Zij zal het aan de wethouder ter beschikking stellen. De hear Tigchelaar (CDA): Opiniearjend hat it stik yndied noch net op de agenda stien. It is net korrekt dat der stiet dat de ried op 2 july kennis nimme kinnen hat fan de earste konseptbegrutting. Dy begrutting is op 14 july pas behannele yn it kolleezje. Op 27 augustus lei dy op besjen foar de ried en 13 augustus hat men der in memo oer han en op 24 septimber siet dat memo by de ynkommen stikken fan it kolleezje. De feiten binne dus wat oars. Der stiet yn it stik dat der in protte oannames yn sitte en dat de tekst in reeel byld jout fan de takomstige utjeften. Dat botst wat mei inoar. It kolleezje moat de untwikkelingen yn it sosjale domein skerp yn de gaten halde en derfoar soargje dat der gjin minsken tusken wal en skip falle. Ljouwerteradiel is de earste gemeente binnen Noardwest dy't de tagong ta it sosjaal domein regelt. It bedrach is ut de gemeentlike bydrage foar 2016 helle. 'Oare keuzes sille liede ta (oare) hegere bydragen fan yndividuele gemeenten'. Wurde hjir de oanpassing fan de hushaldlike help I fan 120 nei 130% en de opheging fan it eigen fermogen foar begraffenis of kremaasje bedoeld? De jeugdferplichtingen binne heger as ferwachte wie. Hoe folslein is op dit momint it ynsjoch wat men no en oarjieroan de jeugd besteegje moat? De ferheging fan de apparaatslesten: is dat nedich en wat kin men der eventueel oan dwaan? Men krijt fan it Ryk yn 2016 minder as yn 2015 en derom sil de begrutting wol leger weze. Der is lykwols mar in marzjinaal ferskil fan in heal miljoen. By de gearkomste fan it kolleezje fan 24 novimber oangeande u.o. de oanstjoerings- en husfestingskosten gebietsteams en de utwreiding fan HRM wurdt skreaun dat der achter de skermen drok oan wurke wurdt, mar dat it noch net laat hat ta budzjetten yn dizze begrutting. Mar men wit dochs wol wat de husfestingskosten binne en fan opliedingskosten hat men dochs ek wol in byld? Werom moat HRM utwreide wurde? De begrutting moat op dizze punten konkreter weze. Op side 102 stiet net mear it bedrach fan it maatwurkbudzjet gebietsteam. It fait no under de bysundere bystan. Op side 103 stiet gjin bedrach foar de 'respijtzorg', wylst der in bedrach frijmakke is fan 50.000 euro. Is dat net meinommen omdat dit pas per 1 oktober besletten is? Hy nimt net oan dat it om it bedrach fan 53.000 euro op deselde side giet, omdat dat bedrach yn 2015 ek al yn de begrutting siet, wylst der doe gjin 'respijtzorg' utfierd is. Op side 105 komt in prognoaze foar jeugdsaken fan ruchwei 1,9 miljoen foar. Yn de wersjenne begrutting 2016 is it bedrach 1,3 miljoen. Wer is dat optimisme op baseard? Der is by de totale prognoaze lesten in ferskil fan 525.000 euro. Is dat net te leech ynskat foar 2016? Op side 110 stiet by apparaatslesten yn 2015 nul en no yn de wersjenne begrutting 121.000 euro. Hoe kin soks? Op side 15 stiet in utwreiding fan de formaasje mei 6,04 fte's. Op side 145 komt de utwreiding direksje en managemint foar mei 2 fte's. Dat leste komt del op dik twa ton mear foar 2 fte's. Dat is dochs fierstente grof? Wat binne de arguminten foar dy utwreidings en moat der echt twa ton by komme foar it managemint? It konsept fan de sjenwize fan it kolleezje is yn syn optyk in hiel foarsichtige sjenwize. De zin 'We willen graag met u in gesprek gaan over de uitbreiding van de personele formatie in 2016.' Syn foarstel is om dy sin te feroarjen yn 'We willen graag met u in gesprek gaan om de uitbreiding van de personele formatie nog eens goed tegen het licht te houden en naar mogelijkheden te zoeken om op 8

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2015 | | pagina 108