benammen de kwaliteit. Hy ferwiist nei de passaazje oer de ferheging fan de personielskosten. Payroll-konstruksjes en eksterne ynhier wurde troch de utwreiding fermindere. In diel fan it antwurd stiet yn de konseptnotulen. It foardiel fan de oanpak is dat der nei 2018 minder personiel is. De rest fan de fraach oer de ferheging fan de apparaatskosten sil er skriftlik beantwurdzje. It bedrach fan 9,2 miljoen stiet sa net yn de begrutting fan de gemeente. Wat ynkommen by de tsjinst is, is in pm-post by de gemeente. Hy sil der ek in skriftlik antwurd op jaan. De fragen fan it CDA. Op de earste fraach oer it finansjeel fangnet wol er in skriftlik antwurd jaan. Oangeande fraach 2 kin er no gjin folslein ynsjoch jaan wat men no en oar jier oan de jeugdsoarch besteegje moat. Hy komt der skriftlik op werom. Hy sil fraach 3 oer de utwreiding fan HRM by de tsjinst dellizze. De hear Tigchelaar (CDA): De fraach is wat breder. Der is neffens him best wol helderheid oer de kosten fan it gebietsteam. Wethalder Vos: Sa fier wie er noch net mei syn ferhaal. Mar op dy fraach sil er ek skriftlik weromkomme. De tsjinst is yn 2015 en wierskynlik ek yn 2016 noch sykjende wat de ferantwurdlikheden fan de backoffice en fan de frontoffice binne. Alles is nei Frjentsjergien. Ljouwerteradiel stiet op it stanpunt dat it gebietsteam fan Ljouwerteradiel is. De opliedingkosten en de koordinaasje falle under it gebietsteam. Der is dus noch in diskusje oer de krekte utfiering geande. Der is op dit momint in evaluaasje yn tarieding fan it gebietsteam. De besunigings fan it Ryk moatte de gemeenten op har nimme. Fraach 5. Hy sil neigean wer't it optimisme fan de reduksje fan 592.826 euro op baseard is. Fraach 6. De begrutting 2016 is konfoarm de regeling, mar net alhiel op de realiteit baseard. De hear Tigchelaar (CDA): Hy hat de fraach konkreet steld. By de prognoaze 2015 stiet 1,9 miljoen. De gegevens binne dus frij resint. Wethalder Vos: It bliuwt in ynskatting. Hy sil in underbouwing leverje as dat mooglik is. Hy sil ek skriftlik weromkomme op fraach 7 oer it ferskil yn apparaatskosten. Yn de begrutting stiet in utwreiding fan 6,04 fte's. Hy kin him foarstelle dat men it bedrach fan 2 ton foar de utwreiding by de direksje oan de hege kant fynt. It is foar it kolleezje de utdaging om te sjen oft men mear stekke moat yn de utfiering of yn it managemint. Dat moat yn de sjenwize syn plak krije. Hy priizgjet de riedsleden dy't har tige yn de begrutting ferdjipje. Hy freget der begryp foar dat er safolle fragen net direkt beantwurdzje kin. Hy giet yn op de moasje fan de PvdA. De AV Frieso is in oanfoljende fersekering. De Friesland is ien fan de iennichste fersekerers dy't de mooglikheid jout om de bedraggen yn dielen te beteljen. Hoefolle minsken wurde dermei holpen as men it eigen risiko by de Friesland underbringe kin? Der sille dan ferlikingen makke wurde troch de Friesland mei oare fersekerers. It sil de gemeenten ek mear kostje. Omdat it net streekrjocht te meitsjen hat mei de begrutting soe er de PvdA freegje wolle om him de gelegenheid te jaan om nei te gean hoe't dit yn Fryslan leit en watfoar konsekwinsjes it hat foar de gemeente. Twadde termvn De hear Tigchelaar (CDA): Hy hat noch net in antwurd op syn fraach oer de 'respijtzorg'. Hy moat foar de rest de skriftlike antwurden noch ofwachtsje. Men krijt dochs in utwreiding fan direksje en managemint fan 789.000 euro nei 989.000 euro. It giet uteinlik om de minsken. De begrutting is de helte fan de hiele begrutting fan de gemeente. It CDA past derfoar om by it kruske te tekenjen. Hy wit no noch net oft it beslutfoarmjend behannele wurde kin. De antwurden binne him no noch watte algemien.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2015 | | pagina 110