De foarsitter: Als men het besluit over de jaarwisseling heen tilt dan worden de ingebrachte opmerkingen mosterd na de maaltijd. Vandaar het voorstel om het direct besluitvormend te behandelen. De foarsitter: Hij schorst de vergadering. De foarsitter: Hij heropent de vergadering en geeft het woord aan wethouder Vos. Wethalder Vos: Hy is bliid mei de wurden fan de hear Ekas. Men kin it yndied net tichttimmerje. It is in wersjenne begrutting op grun fan de underfinings fan de earste 9 moannen. Yn 2016 sil it al lang wer oars weze as earder. Men is fansels wol ferplichte om te foldwaan oan in sekere mjitte fan rjochtmjittichheid en doelmjittichheid. It giet om it ynstimmen mei, want de begrutting wurdt feststeld troch de tsjinst. Men mei der as ried fansels wol wat fan fine. De PvdA en it CDA hawwe in tal fragen steld oer de begrutting. Fraach 1 fan de PvdA. It steatsje dat de PvdA by it kolleezje yntsjinne nimt er net sa oer omdat der kolommen yn steane fan saken dy't men net mei inoar ferlykje kin. Mefrou Bijsterbosch (PvdA): Er is eerder al aangegeven dat het staatje klopt. Wethalder Vos: Hy stelt foar om de fraach skriftlik te beantwurdzjen. De underbouwing fan it legere bedrach yn de begrutting foar de jeugd is nei te gean troch de underlizzende posten ut te pluzjen. Dat moat der opsykje. De soarch yn natura rint wol werom. Dat wurdt befestige troch de utfraach fan it tredde kwartaal fan it sosjaal domein Fryslan. It sosjaal domein Fryslan hat net genoch sifers krige fan de partijen der't sy ut namme fan 24 gemeenten in kontrakt mei hawwe. De fakturearing is net op streek. Men freget oan alle oanbieders hoefier it stiet mei de oerienkomsten. Dy sifers binne deryn ferwurke en dy kloppe mei de sifers fan it SDF. Der is in bedrach fan 40.000 euro foar it gebiedsteam oerhevele nei de eigen begrutting. Der is sprake fan in ferheging fan 10%. Dat is neffens de PvdA nuver omdat de omset by de tsjinst net grutter is. De underbouwing fan dy foarse taname fan de de apparaatskosten hawwe te meitsjen mei benammen de kwaliteit. Hy ferwiist nei de passaazje oer de ferheging fan de personielskosten. Payroll-konstruksjes en eksterne ynhier wurde troch de utwreiding fermindere. In diel fan it antwurd stiet yn de konseptnotulen. It foardiel fan de oanpak is dat der nei 2018 minder personiel is. De rest fan de fraach oer de ferheging fan de apparaatskosten sil er skriftlik beantwurdzje. It bedrach fan 9,2 miljoen stiet sa net yn de begrutting fan de gemeente. Wat ynkommen by de tsjinst is, is in pm-post by de gemeente. Hy sil der ek in skriftlik antwurd op jaan. De fragen fan it CDA. Op de earste fraach oer it finansjeel fangnet wol er in skriftlik antwurd jaan. Oangeande fraach 2 kin er no gjin folslein ynsjoch jaan wat men no en oar jier oan de jeugdsoarch besteegje moat. Hy komt der skriftlik op werom. Hy sil fraach 3 oer de utwreiding fan HRM by de tsjinst dellizze. De hear Tigchelaar (CDA): De fraach is wat breder. Der is neffens him best wol helderheid oer de kosten fan it gebietsteam. Wethalder Vos: Sa fier wie er noch net mei syn ferhaal. Mar op dy fraach sil er ek skriftlik weromkomme. De tsjinst is yn 2015 en wierskynlik ek yn 2016 noch sykjende wat de ferantwurdlikheden fan de backoffice en fan de frontoffice binne. Alles is nei Frjentsjergien. Ljouwerteradiel stiet op it stanpunt dat it gebietsteam fan Ljouwerteradiel is. De opliedingkosten en de koordinaasje falle under it gebietsteam. Der is dus noch in diskusje oer de krekte utfiering geande. Der is op dit momint in evaluaasje yn tarieding fan it gebietsteam. De besunigings fan it Ryk moatte de gemeenten op har nimme.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2016 | | pagina 14