Fraach 5. Hy sil neigean wer't it optimisme fan de reduksje fan 592.826 euro op baseard is. Fraach 6. De begrutting 2016 is konfoarm de regeling, mar net alhiel op de realiteit baseard. De hear Tigchelaar (CDA): Hy hat de fraach konkreet steld. By de prognoaze 2015 stiet 1,9 miljoen. De gegevens binne dus frij resint. Wethalder Vos: It bliuwt in ynskatting. Hy sil in underbouwing leverje as dat mooglik is. Hy sil ek skriftlik weromkomme op fraach 7 oer it ferskil yn apparaatskosten. Yn de begrutting stiet in utwreiding fan 6,04 fte's. Hy kin him foarstelle dat men it bedrach fan 2 ton foar de utwreiding by de direksje oan de hege kant fynt. It is foar it kolleezje de utdaging om te sjen oft men mear stekke moat yn de utfiering of yn it managemint. Dat moat yn de sjenwize syn plak krije. Hy priizgjet de riedsleden dy't har tige yn de begrutting ferdjipje. Hy freget der begryp foar dat er safolle fragen net direkt beantwurdzje kin. Hy giet yn op de moasje fan de PvdA. De AV Frieso is in oanfoljende fersekering. De Friesland is ien fan de iennichste fersekerers dy't de mooglikheid jout om de bedraggen yn dielen te beteljen. Hoefolle minsken wurde dermei holpen as men it eigen risiko by de Friesland underbringe kin? Der sille dan ferlikingen makke wurde troch de Friesland mei oare fersekerers. It sil de gemeenten ek mear kostje. Omdat it net streekrjocht te meitsjen hat mei de begrutting soe er de PvdA freegje wolle om him de gelegenheid te jaan om nei te gean hoe't dit yn Fryslan leit en watfoar konsekwinsjes it hat foar de gemeente. Twadde termyn De hear Tigchelaar (CDA): Hy hat noch net in antwurd op syn fraach oer de 'respijtzorg'. Hy moat foar de rest de skriftlike antwurden noch ofwachtsje. Men krijt dochs in utwreiding fan direksje en managemint fan 789.000 euro nei 989.000 euro. It giet uteinlik om de minsken. De begrutting is de helte fan de hiele begrutting fan de gemeente. It CDA past derfoar om by it kruske te tekenjen. Hy wit no noch net oft it beslutfoarmjend behannele wurde kin. De antwurden binne him no noch wat te algemien. Mefrou Bijsterbosch (PvdA): Hij lijkt haar goed om de schriftelijke antwoorden af te wachten. Wanneer moeten de zienswijzen ingediend worden? Men moet als politieke partij kijken wat men eraan kan doen. Het gaat wel om zo'n 10.000 euro per inwoner. Dat kan je het niet als 'rotbende' afdoen. De hear Tuininga (FNP): Hy bedoelde dat men hast gjin belied meitsje kin mei wat ut Den Haach by de gemeenten dellein wurdt. Mefrou Keizer fan it CDA hie it oer 'bende'. Mefrou Bijsterbosch (PvdA): De PvdA gaat er niet voor dat de clienten er de dupe van worden zoals GBL aanhaalt. De hear Ekas (GBL): Het feit is dat het nieuwe beleid landelijk en hier veel ellende veroorzaakt. De hear Tigchelaar (CDA): Der is dit jier in klii'nteundersyk west yn Noardwest. De sifers binne in bytsje leger as yn 2013. Dat fait him dat noch stikken ta. Hy hat dan ek alle respekt foar de tsjinst. Mefrou Bijsterbosch (PvdA): Ga met de Friesland in overleg over de verzekering. Leeuwarden kan ook wel eens iets goeds van Leeuwarderadeel aannemen. In de gemeente Sudwest-Fryslan is zo'n motie unaniem aangenomen. De hear Dijkstra (FNP): Miskien is it yn Rotterdam hiel oars regele. Dat hie er wat dudliker sjen wollen yn de moasje.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2016 | | pagina 15