Het voorbehoud geldt tot 1 april. Stel dat in oktober besloten wordt tot liquidatie. Wat is de
betekenis dan nog van de datum van 1 april?
Wethalder Vos: Hy is bliid mei de opmerkingen. It is in utwurking fan de troch Deloitte oandroegen
trije punten. Men moast op koarte termyn mei de gemeente Ljouwert yn oerlis. De
underhannelingsposysje moast ek sterk genoch wurde. De kompliminten foar de ynset foar de
amtners.
De datum fan 1 april 2016 is deryn set omdat it bestjoer fan de tsjinst yn 2015 begun is mei de
diskusje oer de takomst fan de tsjinst. Sa'n datum fersterket de posysje fan de gemeente
Ljouwerteradiel. Men moat ein febrewaris, begjin maart witte wat de trije gemeenten (takomstich
Westergo) fan doel binne. As dy trije gemeenten gjin beslut nimme dat giet men op in likwidaasje ta.
As der foar 1 oktober wat tusken komme soe dan soe der miskien in ekstra riedsgearkomste komme
moatte. It kolleezje ferwachtet dat net. It grutte foardiel is dus in sterke underhannelingsposysje.
It kommende jier hat de gemeente Ljouwert in tal fakatueres te ferfoljen. It punt kin oare wike al op
de aginda fan de tsjinst komme. Dan soe men yn jannewaris begjinne kinne mei it meitsjen fan
ofspraken om it utstappen sa goedkeap mooglikte meitsjen.
Hy kin net in presys antwurd jaan op de fraach as men per 1 jannewaris utstapt of dan de kosten foar
de gemeente Ljouwert of foar de gemeente Ljouwerteradiel binne. Op 1 jannewaris 2018 bestiet de
gemeente Ljouwerteradiel net mear. Men sil besykje de utstapkosten sa leech mooglikte halden.
Ljouwerteradiel hat ek minsken by Caparis sitten. Hy kin noch gjin eksakt antwurd jaan op de fraach
oer de regeling foar minsken dy't no foar Empatec wurkje.
Twadde termyn
De hear Ekas (GBL): GBL is het in grote lijnen met het besluit eens. Hij kan zich voorstellen dat er bij
definitie liquidatie zal plaatsvinden.
De hear Tigchelaar (CDA): Men hat 14 fte's as Ljouwerteradiel yn de mienskiplike regeling. Kinne dy
minsken op deselde kondysjes nei Ljouwert by it utstappen as de amtners yn Stiens?
De hear Dijkstra (FNP): De swiere klii'nten bliuwe faak sitten by de sosjale wurkmienskippen. Sjoch
dergoed nei.
Mefrou Bijsterbosch (PvdA): Probeer de kosten zo laag mogelijk te houden. Wat gebeurt er met de
taken van ambtenaren die naar Leeuwarden gaan?
Wethalder Vos: Men moat yndied hiel goed sjen nei de minsken dy't no by Empatec sitte.
De regelingen tusken Ljouwert en Ljouwerteradiel lizze oars as de regelingen tusken Ljouwerteradiel
en de tsjinst. Hy wol it twadde diel fan de fraach graach leaver no net foar de underhannelings
behannelje.
De hear Tigchelaar (CDA): Dat is him dudlik.
Wethalder Vos: Yn de achterlizzende stikken kin men de senario's ynsjen dy't foarbykommen binne
by it bestjoer. len fan de 5 opsjes wie likwidaasje fan de tsjinst per 1 jannewaris 2018. Dy opsje waard
lykwols net keazen. Dat liket him dan ek net reeel.
Yn de statuten stiet hiel dudlik wat der bart by likwidaasje en wat der bart by utstappen. Mar hy
werhellet dat de mooglikheid fan likwidaasje him dus net reeel liket.
De foarsitter: Hij stelt vast dat de raad raadsbreed met het voorstel instemt. Er wordt unaniem
conform het voorstel besloten.