begrutting fan de tsjinst foar 2016. Fan it Ryk krijt men hieltyd minder jild foar it sosjaal domein. Der bliuwt hieltyd minder jild oerfoarde soarchfregers. Neffens it koalysje-akkoart moat men mei it budzjet utkomme. Men moat beskikke in goede balans tusken de komponinten te finen. Wethalder Vos: It earste beslut giet oer in kostenpost fan sa'n 73.000 euro. Der mist wat by de arguminten under 1.1. Men is te let ta de Cintdekking kommen dat der per 1 jannewaris 2016 gjin meiwurker WMO diel utmeitsje soe fan de gebietsteams. De 4e wersjenne begrutting fan de tsjinst is in resultante fan alderhanne feroare posten. De bedraggen fan de le begrutting 2016 binne wol opnommen yn de begrutting 2016 fan Ljouwerteradiel. Der wie uteinlik troch de oanpassingen in lyts foardiel. Der binne lykwols ek mear kosten by kommen. Gelokkich hat de ried in sjenwize yntsjinne om de goede ferhaldingen tusken administraasje en helpfregers yn stan te halden. Ljouwerteradiel en Harns wolle net in 5e administraasjelaach. Der moat in goede ferhalding weze tusken de backoffice (de tsjinst) en de frontoffice (gebietsteam). Troch de HRM siet deryn Stiens in meiwurker. Mei yngong fan 1 jannewaris 2016 is dy persoan der net mear en dan moat de gemeente der sels mar mei rede as men him oanhalde wol. De oare 5 gemeenten wolle der noch oer neitinke. Hy hat kontakt han mei de wethalder fan Harns. It giet dus om it WMO-konsulintskip en net om in HRM-funksje. Dat stiet net yn it stik. It kolleezje kaam dus derom mei in foarstel om de post fan WMO-konsulint yn te foljen. De 73.000 euro is ut de begrutting fan de tsjinst helle. Dy is ferdiskonteard yn de hiele begrutting. Numer 1 giet dus oer WMO-advys en -konsultaasje. It is earst foar ien jier. Hy wol nochris neigean hoe't it krekt sit mei de troch de hear Tigchelaar frege bedraggen foar it gebietsteam. It BSP is no ynflechte. Der is in frijwilliger oanwezich dy't altyd immen fan it gebietsteam rieplachtsje kin. Men kin altyd delkomme om te sjen hoe't it yn syn wurk giet. Men moat yndied de gong deryn halde. It gebietsteam wie dizze middei gasthear/frou foar alle gebietsteams foar in gearkomste oer jeugdsoarch. Hy giet net yn op de wurkwize fan de 6 oare gemeenten. Oangeande beslut 2 (it sosjaal team) Ijochtet er ta dat men it net sa gau foar mekoar krije koe mei alle gemeenten. Men hat uterlik oant 1 april de tiid. Twadde termyn De hear De Haan (GBL): Hoe kan men ervoor zorgen dan men geen communicatieproblemen meer krijgt in de toekomst? Hij vindt het verhaal met betrekking tot de 40.000 euro aan de zwakke kant. De hear Tigchelaar (CDA): Men is blykber wat op in ferkearde foet set. Der moast earder ek al ekstra jild komme foar it gebietsteam. Der is 85.000 euro foar beskikber steld. Hy wol in better ferhaal op papier oer de 73.000 euro. Dat oare ferhaal oer de 40.000 euro hat er al faker heard. De professionals wienen der al. Graach in bettere motivaasje derfoar. Foar de oare punten is it CDA akkoart. De hear Tuininga (FNP): Men hat begrepen fan de minsken fan it gebietsteam dat der wat spannings binne. Binne deryndikaasjes utsteld? Mefrou Bijsterbosch (PvdA): Men is blij dat het niet om een HRM-functie gaat maar om het WMO- consulentschap. Het had er wel duidelijker in moeten staan. De hear Van Diggelen (WD): Het gaat dus om een WMO-consulent. Men moet wel goed op de financiele ontwikkelingen letten. Hij hoopt dat de ingediende zienswijze invloed heeft op de rekening van de dienst. Wethalder Vos: Hy haldt de ried op 'e hichte fan de fuortgong fan de sjenwizen. It kolleezje hat in beslut nommen en derom is der no in riedsfoarstel kommen. As de ried it as 9

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2016 | | pagina 12