gm GEMEENTE lm Leeuwarderadeel 5 Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 11 febrewaris 2016 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 15. Finansiering fuot- en fytspaad spoartrasee Stiens-Jelsum De hear Tilma (CDA): It CDA is bliid dat de aide spoarbaan op dizze wize in bestimming krijt. It is in prachtich trasee troch doarp en natoer. Ljouwert wol meiwurkje. It CDA wol in feilich paad mei in toeristysk karakter. Besprek it plan mei de bewenners. Der moat in goede ferljochting op bepaalde plakken weze, mar it moat gjin lint fan strjitlampen wurde. De hear De Kroon (PvdA): It is in moai plan. Der binne fragen by de ynsprekkers oer de finansiering. As Ljouwert der achter stiet dan sil de provinsje it ek goed fine. Dat is gelokkich it gefal. De feitlike ynvestearing komt ut de komutlis. Ljouwerteradiel moat uteinlik 128.000 euro sels opbringe. Op jierbasis kostet it mar 8.000 euro. It is dus finansjeel wol ferantwurde. Der is in berekkening makke op basis fan kengetallen. Wat is de ferhurding en wat is de breedte derfan? Der soenen gjin brommers op it paad komme moatte. Haldt der by de oanlis ek rekken mei. Hoe wurde de boargers der fierder by belutsen? Soe it net goed weze om in lanskipsarsjitekt derby te beluken? De hear Tuininga (FNP): De boargemaster sei earder by it punt oer de Skalm dat as men de yndikaasje net goed yn byld hat dat it dan min praten is. Dat is no krekt hjir it gefal. De gemeente moat in slompe (mienskips)jild beskikber stelle. Der is gjin deugdlike underbouwing. Fan it koalysje-akkoart 'Fan de boarger, mei de boarger' komt neat op 'e hispel. De hear De Kroon hat earder sein dat de boarger der goed by belutsen wurde moat. Mar dat moat men neffens him yn de tarieding al dwaan en net pas by de utfiering. De boarger is hielendal net op 'e hichte fan de gong fan saken en dat jildt ek foar de undernimmers. Hy wiist op it ynkommen stik fan mefrou De Graaf yn de Stienser Omroeper. Hy tinkt dat de ynbring fan de hear Keizer oangeande in goed fytspaad by de Dokkumer le lans folle mear omtinken krije moat. Der binne al twa goede fytspaden nei Ljouwert ta. De NFLS hie in prachtich plan, mar der lei in oerienkomst yn it koalysje-akkoart en dat moast by heech en by leech folge wurde. De hear De Kroon (PvdA): Yn it koalysje-akkoart wie in fuot- en fytspaad opnommen. Men stiet noch hieltyd achter de argumintaasje dat it nuttich en nedich is. It hat by de ferkiezings stimmen oplevere en hat dus wol draachflak by de befolking. De hear Tilma (CDA): Men hat net under druk fan wa dan ek in beslut nommen. Dat is bard op basis fan arguminten en dy arguminten jilde noch altyd. De hear Pot (WD): Hij sluit zich daarbij aan. Hij wijst erop dat de elfstedenvaarroute destijds ook veel geld gekost heeft. De hear Tuininga (FNP): De NFLS is oan de kant skood op grun fan mar ien rapportaazje. Yn Hengelo skynt it wol te kinnen. Der is net nei de undernimmers harke. Men smyt no in protte jild fuort. 11

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2016 | | pagina 161