dat dan ut betelle? It stik kofinansiering fan de provinsje soe neffens de FNP like heech weze moatte as wat de gemeente reserveard hie. Kloppet dat? Is de wethalder op 'e hichte fan de brief dy't oangeande de auteursrjochten fan de NFLS dizze dei nei it gemeentehus stjoerd is en der't it koart geding wol yn oankundige is? By 'breed publiek' praat de wethalder oer de DB's. Hawwe dy dan mear sjoen as de ried? Kin men in ferslach krije fan de oerlizzen mei de ferkearskommisje as dy der binne? Ut watfoar potsje is de folder betelle? It plan komt nei goedkarring op besjen te lizzen. Neffens de FNP komt it yn de fierdere proseduere oant by de Rie fan Steat. Hoe sit it dan mei de subsydzje? Sit der net in termyn oan fest? Fynt it kolleezje it wol ferantwurde om no al oer in finansiering fan it plan te besluten, wylst in hie! tal saken noch under de rjochter komme moatte? It is neffens de FNP net goed dat der dizze jun in beslut nommen wurde wylst der gjin breed draachflak is by de boargers en de undernimmers. En dat de NFLS op grun fan ien undersyk oan de kant skood wurdt. It stik is net goed underboud en der siile noch rjochtsaken ut fuortkomme. Dat is pokerjen mei mienskipsjild. De hear Dijkstra (FNP): It koiieezje sii de oanbesteging dwaan fan it fytspaad. Dat wie by de Skalm in grut drama, omdat der de juridyske paragraaf net meinommen wie. Neffens him is derfan't hjerst fia in begruttingswizzing in post reserveard fan sa'n 13.000 euro foar it fytspaad. De hear De Kroon (PvdA): De PvdA is tankber foar de taljochting. Wurdt it paad oer de hiele 4 km ferljochte of allinne op bepaalde plakken? Der moatte neffens de PvdA gjin brommers op it fytspaad komme. Oangeande fermoedens fan 'plagiaat' merkt er noch op dat yn 2002 it plan fan it fytspaad al yn it ferkiezingsprogramma siet fan de PvdA (op grun fan it projekt Sporen op de Klei fan Staatsbosbeheer). De ried sil nea aksepteare dat it kolleezje in plan makket sunder dat der in goede begrutting by is. Neffens de wethalder giet men mei de utwurking fan it plan nei de boargers. De PvdA is ek foar dy folchoarder. De hear Tilma (CDA): De gemeente krige foarich jier de kans om in ferinnewearre spoarbaan wer nij libben yn te blazen. It untwerp fan it fuot-en fytspaad sjocht der goed ut en it wurdt in feilich, moai en underhaldsfreonlik paad. De provinsje wol meifinansiere en dat kin de utfiering noch oantrekliker meitsje. As der gjin spoarbaan lein hie dan hie it CDA der gjin fuot-en fytspaad hawwe wollen. Alle lof foar de kombinaasje provinsje-gemeente. En Ljouwert wol ek oan de plus meiwurkje. Yn Stiens kinne der troch it fuot-en fytspaad goede ferbiningen weze tusken skoalle en sportpark. It wurdt feilich utfierd en wer nedich ferljochte. In paad der't men straks rinnend of fytsend fan genietsje kin. De hear Pot (WD): De WD vindt het een goed plan, heeft er het volste vertrouwen in en gaat akkoord. Wethalder Van der Meulen: Over de eigendom van de bruggen is geen twijfel (zie brief Van der Meer). Er zijn geen nieuwe bruggen gekocht. Zij weet niet hoe het met mogelijke bruggen uit Dearsum zit. De voorgestelde co-financiering voidoet aan de eisen. Een kort geding is haar niet bekend. De DB's hebben niet meer informatie gekregen dan de raad. Zij zal nog nagaan waaruit de folders bekostigd zijn en de raad zal daarover middels een memo schriftelijk ge'informeerd worden. Het plan past binnen de momentele bestemming. 16

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2016 | | pagina 166