gj IGEMEENTEI
Leeuwarderadeel 5
15
Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 31 maart 2016
om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens.
15. Moasje FNP en GBL
De hear Pot (WD): Hij verzoekt om een Nederlandse vertaling.
De foarsitter: Hij stelt voor eerst de toelichting af te wachten en daarna kan de heer Potindien
nodig, in een schorsing nog een vertalende toelichting op deze motie krijgen.
De hear Tuininga (FNP): Hy Ijochtet de moasje ta. Hy wiist ek op de oanpak yn Froubuorren. It is in
goede ynfolling foar jonge hushaldings. De wet oer de husfesting is ek krekt feroare. De minsken yn
de doarpen meie no net mear in foarrangsposysje hawwe. It binne in pear markante gebouwen. De
moasje wurdt ek stipe troch GBL Hy lest de moasje foar.
Moasje oangeande apparteminten yn de leechkommende skoalgebouwen
De riedfan Ljouwerteradiel byinoaryn de gearkomste fan tongersdei 31 maart 2016
yn berie nimmend dat: der dizze simmer twa skoalgebouwen leech komme te stean,
nammentlik yn Britsum en yn Koarnjum;
by in earder leech kommen fan de eardere Paedwizer yn Stiens dit
skoalgebou geskikt makke is foar apparteminten;
koartlyn plannen yn Froubuorren presintearre binne om 7 apparte
minten yn de eardere basisskoalle te realisearjen;
dat de mooglikheid foar wengelegenheid foar starters yn us
gemeente krap is;
de husfestingswet noferbiedt in foarrangsregeling foar jonge
hushaldingsdy woartele binne yn eigen doarp te hantearjen;
it kolleezje undersyk te dwaan/ dwaan te litten nei mooglikheden om
beide neamde skoallen geskikt te meitsjen/meitsje te litten foar
appartemintebewenning;
de riedfoar de simmer fan dit jier deroer te rapportearjen.
en giet oer ta de oarder fan de dei.
Underskreaun op 31 maart 2016 troch:
GBL-fraksie FNP-fraksje
Wiebe Ekas Folkert Dykstra
Sikko Klaver Jan-Willem Tuininga
Meint de Haan
De hear Pot (WD): Hij vindt het een prima voorstel.
De hear De Kroon (PvdA): Op it earste gesicht liket it wol in goed idee. It kolleezje komt lykwols mei