GEMEENTE Leeuwarderadeel 5 Ferslach fan de riedsgearkomsfe fan de gemeente Ljouwcrteradiel op tongersdei 21 april 2016 om 19.30 oere yn It gemeentehus fan Stiens. 16. Ynrjochtsjen skoallesdne gearwurkingsskoalle Britsum De hear Tuininga (FNP): De FNP woe earst mear ynformaasje. De feilichheid fan de bern stiet foarop, lykas oangeande de dyk nei Koarnjum, en dat sit noch net foldwaande yn it foarstel. Hat de wethaider mei de nninsken praat? De hear Waver (GBL): Vooral een veilig kruispunt is van belang. Het is goed dat de tut-en-derut wat opgeschoven is. Er moet zo veel mogeiijk aan de veiligheid gedacht worden. Dat mag eventueel wat geld kosten. Het is nog niet bekend of met de veiligheid van de weg naar Koarnjum wat wordt gedaan. Men kan de auto parkeren bij Britsenburgh. GBL is voor het voorstel. Als er bepaalde signalen komen dan moet men er wat mee doen. De hear Tilma (CDA): It CDA hat der begryp foar dat de alders noed foar har bern hawwe. Foar it CDA kin it sa earst wol. Men kin nea 100% feilichheid biede. Besykje it op dizze wize. Wethaider Vos: Hy kin blykber de hear Tuininga net oertsjugje. De boargerpartisipaasje hat hjir dus wol syn gerak krige. Uteinlik is nei underling oerlis dit it utstel wurden. De nijbou is klear op 1 maaie. En yn augustus sil men sjen hoe't it ferrint. De wurkgroep is alhiel akkoart en men wol graach fierder. Twadde termvn De hear Tuininga (FNP): Moai dat de wethaider mei de wurkgroep praat hat. De FNP kin akkoart gean mei it plan. Mar kin der in nei healjier in evaluaasje komme? Wethaider Vos: Hy haldt him oan syn eardere antwurden. De hear Tuininga (FNP): Hy freget de wethaider om in evaluaasje. Wethaider Vos: Elkenien mei fragen stelle. Hy kin no net tasizze dat der in evaluaasje komt. Men sil nei ferrin fan tiid sjen hoe't ien en oar utfalt en dan giet er mooglik mei oandroegen saken nei de skoalle en de ferkearskommisje. De foarsitter: Er wordt unaniem conform het voorstel en besluit besloten. 21

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2016 | | pagina 125