De foarsitter: Hij brengt het voorstel in stemming. De foarsitter: Er wordt unaniem conform het voorstel besloten. 15. Moasje FNP en GBL De hear Pot (WD): Hij verzoekt om een Nederlandse vertaling. De foarsitter: Hij stelt vooreerst de toelichting af te wachten en daarna kan de heer Potindien nodig, in een schorsing nog een vertalende toelichting op deze motie krijgen. De hear Tuininga (FNP): Hy Ijochtet de moasje ta. Hy wiist ek op de oanpak yn Froubuorren. It is in goede ynfolling foar jonge hushaldings. De wet oer de husfesting is ek krekt feroare. De minsken yn de doarpen meie no net mear in foarrangsposysje hawwe. It binne in pear markante gebouwen. De moasje wurdt ek stipe troch GBL Hy lest de moasje foar. Moasje oangeande apparteminten yn de leechkommende skoalgebouwen De riedfan Ljouwerteradiel byinoaryn de gearkomste fan tongersdei 31 maart2016 yn berie nimmend dat: der dizze simmer twa skoalgebouwen leech komme te stean, nammentlik yn Britsum en yn Koarnjum; by in earder leech kommen fan de eardere Paedwizer yn Stiens dit skoalgebou geskikt makke is foar apparteminten; koartlyn plannen yn Froubuorren presintearre binne om 7 apparte minten yn de eardere basisskoalle te realisearjen; dat de mooglikheid foar wengelegenheid foar starters yn us gemeente krap is; de husfestingswet no ferbiedt in foarrangsregeling foar jonge hushaldings, dy woartele binne yn eigen doarp te hantearjen; fersiket: it kolleezje undersyk te dwaan/ dwaan te litten nei mooglikheden om beide neamde skoallen geskikt te meitsjen/meitsje te litten foar appartemintebewenning; de ried foar de simmer fan dit jier deroer te rapportearjen. en giet oer ta de oarderfan de dei. Underskreaun op 31 maart 2016 troch: GBL-fraksie FNP-fraksie Wiebe Ekas Folkert Dykstra Sikko Klaver Jan-Willem Tuininga Meint de Haan De hear Pot (WD): Hij vindt het een prima voorstel. De hear De Kroon (PvdA): Op it earste gesicht liket it wol in goed idee. It kolleezje komt lykwols mei in plan oangeande alle leechsteande gebouwen yn de gemeente. De PvdA hechtet oan sa'n yntegraal plan. Nim it idee mei yn dat plan. De hear Brouwer (CDA): It CDA hat al faker it tekoart oan hierwenten oankaart. Soe men it utwreidzje wolle nei oare gebouwen? En wannear komt it kolleezje mei har plan? De hear Tuininga (FNP): De FNP hat har earst beheind ta de beide gebouwen. Dy komme meikoarten leech. En men kin dy gebouwen feilich stelle mei dit plan. Der binne ek undernimmers ynteresearre. 12

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2016 | | pagina 17