De hear Tuininga (FNP): Hy wiist derop dat deputearre Korea/Kielstra oer de finansjes giet. De hear Brouwer (CDA): Dochs wurdt it stipe troch it kolleezje fan Deputearre Steaten, der't de FNP diel fan utmakket. De hear Tuininga (FNP): De FNP is der op bimsels net op tsjin dat der wat mei dat paad bart. Mar men moast dan wol earst draachflak kreeare. it wie it CDA earder mar 'twa kroaden skulpen' wurch. is it CDA no ree om nei de boarger te harkjen om it paad as in smel skulpepaad oan te lizzen? De hear Brouwer (CDA): Wat it CDA oanbeianget komme der gjin picknickpiakken en gjin skooters en brommers en suver hast gjin ferijochting. Der moatte jiskefetten komme. it CDA biiuwt dus foar in fuot-en fytspaad, mar de omwenners moafte net urievenredich beleste wurde. Earder waard ek praat oer it spoarfytsen. Waard dat idee, der't de opposysje ek achter stie, neffens de wethalder droegen troch de omwenners? Is sa'n alternatyf yn de eagen fan de omwenners in goed idee? De hear Tuininga (FNP): It gie de FNP by dy saak derom dat de oanfraach fan de NFLS yn behanneling nommen wurde moast. En dernei hong it derfan of oft de omwenners it wolie. De hear Brouwer (CDA): De yndruk wie dat de opposysjepartijen foar it spoarfytsen wienen. Noegje as kolleezje de minsken ut. It CDA wol ek graach mei de omwenners yn petear. Nim de minsken serieus. De hear De Kroon (PvdA): Earst moat men it deroer hawwe oer hoe't it plan foar it paad der kommen is. De PvdA hat ai 14 jier yn it ferkiezingsprogramma foar sa'n paad pleite. Ek yn 2014 stie dat yn it ferkiezingsprogramma en de PvdA hat nocb nea sa goed skoard. Dat wiist dochs op draachflak. En de PvdA graach syn beloftes neikomme. De FNP hat yn it ferkiezingsprogramma fan 2014 ek stean dat it kolleezje mei in rekreatyf fytspaad oer de spoarbaan oan de slach gean moast. De hear Tuininga (FNP): Dat klopt, mar dan moat men wol earst draachflak sykje. De hear De Kroon (PvdA): 10 jier lyn hat de ried al sinten op de begrutting set foar sa'n fyts- en kuierpaad. De hear Dijkstra (FNP): Dat wie foar it plan fan Trino van der Geest fan Staatsbosbeheer: in fytspaad nei de Dokkumer le ta. De hear De Kroon (PvdA): Hy hat it plan fan de PvdA neamd. Der wie dus neffens him wol draachflak foar it paad. Men moat fansels wo! harkje nei de krityske luden fan de omwenners. it moat in toeristysk paad weze, net foar brommers en it moat dus net oantreklik weze foar brommers. Dat boadskip moat men goed meinimme. By de sutelwei del kin men ommers folle flugger race. As der mear minsken komme dan komt der ek mear offal, mar dat sil neffens him net gau yn de tunen delkomme. Men moat deryn it Antwerp wol rekken mei halde. De PvdA is tsjin Ijochtfersmoarging. De ferijochting is allinne nedich by de kruspunten komme en dy iampen steane der no ek al. Der wurdt praat oer hingjongerein. Dan moat men der gjin wifi hawwe. Hald dy wifi as omwenners hielendal ticht. 6

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2016 | | pagina 25