J j GEMEENTE Leeuwarderadeel 5 Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 31 maart 2016 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. Oanwezich: de froulju C.G. Bijsterbosch (PvdA)U. de Voogd (PvdA) en de hearen S. Brouwer (CDA) L. Tilma (CDA), K. Tigchelaar (CDA), A. Spijksma (CDA), D. van Diggelen (WD), J. A.M. Pot (WD), H. de Kroon (PvdA), F. D. Dijkstra (FNP), J.W. Tuininga (FNP), M. de Haan (GBL) en S. Klaver (GBL). Ut it kolleezje fan B W: de hear J.R.A. Boertjens, mefrou G. Visser, mefrou R. van der Meulen en de hear C. Vos. Foarsitter ried: de hear J.R.A. Boertjens Griffier: mefrou G. J. Olthof Mei kundskip ofwezich: de hearen P. van der Werff (PvdA) en W.F. Ekas (GBL). 1. lepening en meidielings foarsitter De voorzitter opent de vergadering en heet iedereen welkom. 2. Feststellen wurklist De hear Tuininga (FNP): De FNP wol graach in moasje 'frjemd oan de wurklist' taheakje oer de leechkommende skoalgebouwen yn Britsum en Koarnjum. De foarsitter: Hij stelt vast dat de raad ermee instemt dat deze motie als agendapunt 15 toegevoegd wordt. 3. Ynsprekrjocht boargers De hear J.S. Keizer sprekt yn op agindapunt 9: Foarsitter, achte led en fan de ried. Leaver hie ik hjir net sitten. Lykwols de gong fan saken oangeande de behanneling fan beswieren tsjin it weryndielingsuntwerp twingt my ta in tal opmerkings. Dernei sil ik noch ynhaldlik yngean op wat oangeande myn beswier yn de reaksjenota nei foaren kommen is. Ynearsten oer de behanneling: Op myn frysktalich beswier fan 7 jannewaris dit jier krij ik op 11 jannewaris ut namme fan us kolleezje in untfangstbefestiging yn de nederlanske taal. Dermei haldt it kolleezje him net oan har eigen Frysk taalbelied! Yn dizze untfangstbefestiging wurdt utlein wat it fierdere ferrin weze sil fan reaksjenota en oanpast Weryndielingsuntwerp - wat dan formeel it Weryndielingsadvys neamd wurdt - oant de behanneling yn de ried. Moai dat soks utlein wurdt.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2016 | | pagina 6