gf IGEMEENTE fm Leeuwarderadeel 5 Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 9 juny 2016 om 19.30 oere yn it gemeentehfis fan Stiens. 10. Kadernota 2017 De hear De Kroon (PvdA): It is de teste kadernota foar Ljouwerteradiel. De nota is tige behindich. De PvdA kin har wol fine yn de rute. De kadernota slut lykwols wol mei in tekoart en eins wol men dy slute op nul. It kolleezje wol har derfoar ynsette om dat te regeljen by de begrutting en der rekkenet de PvdA dan ek op. Op side 8 by it behear iepenbiere romte steane in pear opmerkingen. It budzjet foar de gledensbestriding soe miskien ferhege wurde moatte en dat jildt ek foar de gebouwen. As de tsjinfallers echt ferwachte wurde dan soe men dy yn de kadernota opnimme moatte. Mar dan komt it tekoart fier boppe in kwart miljoen. By de maatskiplike untwikkelings om it gebietsteam better op de nije rute te krijen wurdt neamd dat der in earste, bysundere kasus is. Hoe bysunder is dy kasus dan? De hear Dijkstra (FNP): Mei de maaiesirkulere is it saldo wer oanpast. Earst wie der in tekoart fan 183.000 euro en mei de maaiesirkulere stiet der in bedrach fan min 7.594 euro. Is it einsifer no min 190.000 euro of min 7.000 euro? De hear De Kroon (PvdA): Hy wiist derop dat it moai is dat men by it foarige agindapunt de jierrekken mei in plus feststeld hat. Dat wol men no ek wer (mei alle partijen.) berikke. De hear Dijkstra (FNP): Soks hat men earder ek wol sein. Hy wiist derop dat de kears net mear op hege stan brant. De hear Pot (WD): Men heeft nog niet voldoende informatie hoe men de meerjarenbegroting dekkend kan maken. Men kan pas een goed beeld vormen wanneer men de juiste cijfers onder ogen heeft. Bij de behandeling van de begroting 2017 moet men een completer beeld hebben. Er zijn wel zorgen, zoals de kosten voor de ontvlechting van de sociale dienst en de uitkering van het gemeentefonds. Het bevreemdt hem enigszins dat de samenwerkingsconstructie met Leeuwarden wat stroef verloopt. Kan personeel per datum overgang naar Leeuwarden niet gedetacheerd worden in Leeuwarderadeel? Dan hoeft men geen tijdelijk personeel aan te nemen, hetgeen kostenbesparend werkt. Eind 2017 is er immers maar een organisatie. De hear Ekas (GBL): Het jaar 2017 is wel elementair. Er staat nu een negatief bedrag van 183.000 euro. Het kan echter nog wel duizend keer veranderen. Dat ambtenaren merken wel een aantal onzekerheden op. De meicirculaire is bijvoorbeeld wat tegengevallen. De meerkosten voor de gladheidsbestrijding, de ontvlechting van de sociale dienst enz. zouden wel een negatief resultaat van 3,5 ton kunnen opleveren. Hij herhaalt nogmaals dat het echter een momentopname is. De hear Brouwer (CDA): Foar de perioade 2018 en dernei is de saak noch unwis. Men moat der yn it belang fan de boargers wol oandacht foar halde. It CDA is bliid dat de reserve foar it sosjaal domein ferhege wurdt mei 85.000 euro. In goed sosjaal belied stiet of fait mei in goed gebietsteam. De rol fan de sosjale tsjinst yn Noardwestferban hoecht

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2016 | | pagina 29