GEMEENTE Leeuwarderadeel 5 Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 9 juny 2016 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 15. Maaitiidsnota 2016 De hear Brouwer (CDA): It idee fan it CDA foar de finansiering fan de bregen, kades en diken is net troch de oare partijen ornommen. Dochs kin de maaitiidsnota foar it CDA wol oannommen wurde. De hear Dijkstra (FNP): Op side 11 hat it iepenbier grien de kleur grien. Om de beammen hinne stiet it gers in meter heech. Meitsje der mar oranje fan. De foarsitter: Er wordt unaniem conform het voorstel en besluit besloten. 13

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2016 | | pagina 70