12 goedkeurende verklaring. De gemeenten hebben nog een maand extra respijt tot half augustus. Dit alles wel in conclaaf met de provincie. De hear De Kroon (PvdA): Men hat in brief mei wizigings op de jierrekken krige. De paragraaf grunbelied is u.o. feroare. Hy wol de FNP derfoar in komplimint jaan, want dy hat har der tige foar ynset. De foarsitter: Er wordt unaniem conform het voorstel besloten. AGENDAPUNT VREEMD AAN DE AGENDA 12. Moasje FNP Onderhoud Groenvoorziening De hear Tuininga (FNP): Der is al faak praat oer de grienfoarsjenning yn de gemeente. It stiet der raar by. It gers stiet op guon plakken tige heech en der wurdt hiel let skoffele. Yn oare gemeenten sjocht it der gans kreazer ut. Der wurde faak ek minsken yn it ramt fan de partisipaasjewet ynset. It giet net allinne om it meanen, mar ek om it underhald fan de boskjes. De FNP krijt in hiel protte negative reaksjes. it moat op in better peil komme. It hat fansels alles te krijen mei jild. De oerdracht nei Ljouwert yn 2018 moat ek netsjes weze. Derta hat de FNP in moasje opsteld. Fly lest de moasje foar. Moasje frjemd oan de oarder fan de dei oangeande de grienfoarsjenning De ried van Ljouwerteradiel byinoar yn de gearkomste fan tongersdei 30 juny 2016, yn berie nimmend dat: de grienfoarsjenning net dat peil hat dat itfeitliken hawwe moat, de boarger der skande fan sprekt hoe't ien en oar der by stiet, de wethaider graach mear jild hawwe wol foar de grienfoarsjenning, der genoch jild yn kas is sjoen de hege stan fan us wjerstansfermogen yn relaasje mei de risikoos, fersiket: it kolleezje fan B&Wfoar de rest fan it jier 2016 in utname ut de reserves fan 50.000,= en foar it jier 2017 in utname fan 100.000,= te dwaan, dit t'n geunste fan de grienfoarsjenning om us gemeente op in himmele wize oer te dragen oan de nije gemeente Ljouwert. en giet oer ta de oarder fan de dei Stiens, 30 juny 2016 Folkert Dykstra Jan Willem Tuininga De hear Tilma (CDA): De grienfoarsjenning ropt al jierren diskusje op. Men hat de leste jierren net besunige op grienunderhald. Giet it wol om jild of om achterstallich underhald? De hear De Kroon (PvdA): Op Facebook hat men der al heftige diskusjes oer han. It giet benammen oer it gers. Men woe mear blommen hawwe. Troch it minder meanen krijt men op en doer mear blommen. Op guon plakken is it gers yndied wol wat oan de hege kant. Nei 3, 4 jier sil it meanbelied lykwols in better resultaat opsmite. Hy hat minder sicht op it skoffeljen. Meitsje in rapport op. Freegje de minsken fan Ljouwert hoe't men dertsjinoan sjocht, sadat it goed oplevere wurde kin. in strukturele foarsjenning kin men net ut de reserve helje. De PvdA kin dan ek net achter de moasje stean. De hear Van Diggelen (WD): Is het daadwerkelijk zo dat het klachten regent in het gemeentehuis? De WD kan niet met de motie meegaan.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2016 | | pagina 15