grün fan de ütspraken fan de Sintrale Ried fan Berop. Hy sil neigean hoe't it krekt sit mei de 86.000 euro. It is neffens him fêststeld by de begrutting. Neffens it stik stelt it kolleezje foar om yn te stimmen mei de konseptbegrutting. Mar hy wol dan wol earst it antwurd op de brief öfwachtsje. Hy stiet sympatyk foar it amendemint oer. De begrutting fan de tsjinst wurdt lykwols fêststeld troch it bestjoer fan de tsjinst en de ried kin de begrutting net wizigje. Dy winske skyl kin meinommen wurde yn de petearen oer it ütstappen. Twadde termvn De hear Tigchelaar (CDA): Wat hat it kolleezje dien rjochting de tsjinst om dizze situaasje tefoaren te wêzen? Mefrou Bijsterbosch (PvdA): Het lijkt de PvdA goed om de briefte sturen en het antwoord af te wachten. Men roept de dienst tot iets op en dat is wat anders dan dat men wat besluit. De hear Dijkstra (FNP): It is in mienskiplike regeling. Men mei as ried de gefoelens uterje. It amendemint sjocht er yn dat perspektyf. Wethalder Vos: Deloitte hat yn 2016 ütrekkene wat de kosten binne foar it ütstappen foar in tal minsken dy't foar Ljouwerteradiel wurkje. Dat is in fêststeld bedrach. Men besiket dat bedrach nei nul te krijen en dan komt it ferhaal oer de fleksibele skyl wol om de hoeke. Hy sjocht it amendemint as in oprop. Hy koe de nuvere ferdieling net opkeare yn it bestjoer. De hear Dijkstra (FNP): It is net de bedoeling dat de fleksibele skyl optügd wurdt om de gemeente op ekstra kosten te jeien. Wethalder Vos: Men soe de ferhaldingen tydlik personiel en fêst personiel yn it bestjoer goed yn de rekken halde. Hy wie lykwols tige ferbjustere troch de Ontwikkelingen dat minder fleksibel personiel ta folie mearfêst personiel laat hat. De foarsitter: Hij stelt vast dat de wethouder een aantal vragen schriftelijk zal beantwoorden en dat de dienst ook nog een aantal vragen zal beantwoorden. De wethouder kan zich in het amendement vinden. Het stuk komt de volgende raadsvergadering 16 februari 2017)besluitvormend aan de orde.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2017 | | pagina 30