J| (GEMEENTE
lm Leeuwarderadeel
Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 26 jannewaris
2017 om 19.30 oere yn it gemeentehüs fan Stiens.
3. Ynsprekrjocht boargers
De hear KJ. Jensma sprekt yn namens LTO Noord afdeling Leeuwarderadeel op agindapunt 12:
Gladheidbestrijdingsplan
Geachte Raadsleden en College
Namens Lto Noord afdeling Ljouwerteradiel en ferwerderadiel wol ik graag insprekke oer agenda punt 12 it
bestriden van gledens.
Ferliene ierstiet us nog best yn it geheugen grift. Hiel nederland stie stil vanwege Izel. De diken dyt strooid
waarden wienen rille gauw wer beriidbaar, de net strooide diken bleafen iisbanen. Een protte van us leden ha
hjir grutte skea fan underfun troch dat de molke net ophelle wurde koe en zij ditfourtgooie masten. Gemiddeld
kostet dit een molkfeehalder €3000 per tank molke. We ha yn us gemeente 38 molkveebedrieuwen, dat is dus
een skeapost van €120.000,-
Wij wolle dit net wer.
Yn de forige riedsvergadering hat dit agindapunt al ter sprake west en hat de ried goeie vragen stelt.
De wethalder hat jimme fragen diets beantwurde.
It antwurd op fraag trije finne wij discutabel. Begrutsje is altiid dreeg, want je kinne it rekenje sa at je it ha
wolle.
At wy de berekening besjogge dan fait us op dat de wethalder it best mei us foar hat yn it butengebied. At der
strooid wurre mat dan wurdt dat dien mei een biezem foar de trekker, want dan is de dyk it skjinst. Keurig sa
grondig wurdt it op de hoofdroutes net iens dien, der ha se allinig een skowboerd.
Mar nefens us hoegt it sa mal net.
Ik rin efkes mei jo troch de begruting.
De explotatie van de piekelstrooier ha ik net goed utsykje kint, mar it bedrag komt us al wat heeg oer.
De rolbiezem is net nedig, een skoboerd kin like goed. Dat wurdt op it oare ark ek brukt.
Foardiel hjir van is dat de gemeente die neffens my ek al hat, dus dat kostet neat ekstra.
Opslag van pikelwetter wurdt no ek al dien foar de oare weinen, dus dat liket my raar dat dat safolle ekstra
kostje mat.
Trekker inclusief bediening 85 euro yn it oere, ik bin der wis fan dat de leanwurkers hjir yn de buurt dan yn de rij
stean om dat te dwaan, ik tink selfs at jo dat bedrag halffeare se it nog graag dogge.
Wat mij tafalt is dat it salt mar 42,50 euro per kear kosset, dus dat binne de kosten net.
Hjirmei wol ik mar sizze dat at jo iets eins net wolle, dan kinne jo it op papier wol sa djoer meitsje dat de ried net
oars kin dan te sizen,dit mat mar net.
No ha ik efkes wat informatie yn wun bijferskate tsjinstverlienende bedrieuwen dyt ek saltstruie, mei de
simpele fraag wat kostet gledhiedsbestrieding yn it oere. Dizze prizen leine tusken de 50 euro en de 70 euro per
oere inclusief saltstrooier en skowboerd.
Dan sjocht it plaatsje der al oars ut.
As LTO afdieling soenen wy natuurlijk it leafste sjen dat it butengebied krekt as yn us buurgemeente
ferwerderadiel altiid meistrooid waard. Mar een tusken oplossing is us ek best.
Yn gefal van calamiteiten sa as snie of izel, soenen wij graag sjen dat ut butengebied meinommen wurdt. Yn it
ferliene waard dat pakt sadra at de hoofdrutes dien wienen. Dat is net mear sa.
ferliene ier nei de izel hat it twa dagen doure foardat der yn it butengebied strooid waar. Een pear ier
hjeder mei snie waard er allinig mar skoad.