3 f «GEMEENTE
fir Leeuwarderadeel
Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 26 jannewaris
2017 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens.
Besprekpunt ried
13. Notysje FNP Ynkeap- en oanbestegingsbelied
De foarsitter: De notitie is gericht aan de voorzitter en de raad en die discussieert hierover. Het
college kan eventueel later een reactie geven op gerezen vragen of suggesties.
De hear Dijkstra (FNP): Hy hat in protte belangstelling foar oanbestegings. Men moat altyd oan de
juridyske paragraaf tinke en dêr mankearde it yn 2007 by de oanbesteging fan it ünderhald fan
skoallen oan. Men spruts doe fan in learmomint. Yn 2015 waard by de Skalm lykwols deselde flater
makke.
Men gie neffens him mei in oar oanbestegingsbelied te wurk as men wend wie. Hy is op siik gien nei
ynformaasje.
By it oanbestegingsbelied 2005 hat er wat fun. Hy en ü.o. de hear Ketellapper woenen it ien op ien
oanbesteegjen sa leech mooglik hawwe. Op de webside fan de gemeente koe er neat fine. Yn de
oanbestegingsmonitor stiene deselde getallen as yn 2005. By de VNG wie ek in stik oer
oanbestegingsbelied. Dat moast op ferskate plakken noch ynfolle wurde troch de gemeente. De ried
moat it oanbestegingsbelied fêststelle.
Hy hat noch by in hiel protte gemeenten sjoen. By lytsere gemeenten gie it wat oars as yn gruttere
gemeenten.
Hy hat skriftlik fragen oan de gemeente stjoerd. Wannear hat it kolleezje in eigen belied fêststeld, los
fan de ried? Hy hat in hiel pak papier krige. Dizze hjerst wie de finansjele feroardering oan de oarder.
Dat korrespondearre mei de sifers fan 2005. Hy hat ek nei it 'proportionaliteitsbeginsel' sjoen. De
ried hat lykwols gjin nij belied fêststeld.
Hy giet nei side 9 en 10 fan it stik. De ferbouwing fan de Skalm is neffens it belied fan 2005 bard. It
fuot-en fytspaad past der net yn en OosterhofHolman ek net. Der stiet ek 'afwijking van het
aanbestedingsbeleid wegen.' Mar der hat nea in apart oanbestegingsbelied wegen west. En dan
soenen der ek noch üntsnappingsklausules wêze. De arguminten dêrta doogden lykwols net.
De oanbesteging busrüte doogde ek net.
By de konklüzjes en oanbefellings hat er in tal saken neamd. It soe goed wêze dat de ried in
oanbestegingsbelied fêststeld sa't de VNG it sjocht mei ü.o. it proporsjonaliteitsbegjinsel deryn. Dat
fan Ljouwert kin men dan oernimme.
Wat bart der by it Achterbosk? Neffens de regels fan 2005, neffens it belied fan Ljouwert of neffens
de kolleezjeregels?
De ried hat nea in nij oanbestegingsbelied fêststeld en it kolleezje hat dus op ferkearde grünslach
oanbestegings dien.
It fuot- en fytspaad hie iepenbier oanbestege wurde moatten. Wêrom giet alles sa't it hjir giet? De
fragen foar it kolleezje kin er net beantwurdzje.
De hear Tilma (CDA): It is in deeglik stik speurwurk, mar it giet syn pet te boppe. Men hat alris in
diskusje han by de oanbesteging fan de Skalm. Men hat der doe neat oan feroare. Neffens him koe it
altyd binnen de begrutting en waard it wurk goed ütfierd. Men stiet under tafersjoch fan Ljouwert en
der is dan ek net mear safolle te regeljen. Op de website moatte wol de nedige saken oanjün wurde.
11