14 De hear Tuininga (FNP): Hoe wol de hear Pot omgean mei saken d/t buten de wet omgean? De hear Pot (WD): Het is tot nu toe goed gegaan. Er is volgens hem geen sprake van list en bedrog. De regelgeving is goed toegepast en de gedane zaken kunnen het daglicht velen. De hear Dijkstra (FNP): Men hat yn de ried net oer de Skalm praat. Dat woe er net, want der üntbruts doe wat. It giet om de oanbesteging (mei twa fazes) en net of it binnen de begrutting bliuwt. It wichtichste is de juridyske paragraaf en dy is twa kear fergetten. len kear is dat bewust bard en de twadde kear by de Skalm is it fergetten. Sa is it net transparant. De ried moat neffens de wet it belied fêststelle en dat is net bard. It kolleezje hat it belied fêststeid. De hear Pot (WD): Dan zijn er dus volgens de FNP beslissingen genomen die niet rechtmatig zijn. De hear Dijkstra (FNP): Dat klopt. Men hat buten de wet om hannele. De hear Tilma (CDA): As men buten de wet om giet dan hie men neffens him binnen it hus reageare moatten. De hear Dijkstra (FNP): Hy hat doedestiids miskien ek wat te nayf west. Utfiering is der altyd as der wat oanbestege wurdt. De ried is dus wol foartransparansje. Men moat jin halde oan de demokratyske legitimaasje, dêr*t in bepaald riedslid sa faak mei skermt. De ried sit der net foar it kolleezje mar foar de boarger. Wêrom is der nea in nij oanbestegingsbelied fêststeid? Hy nimt dat it kolleezje kwea öf. As it kolleezje büten de wet om hannelet dan is dat in kwealike saak. Men moat net alles samar gewurde litte. De hear Tilma (CDA): Watfoar advys jout it kolleezje? De hear Dijkstra (FNP): It béste advysorgaan is de VNG. As men in flater makke hat dan moat men dy goedmeitsje. En dat moat neffens de FNP yn de ried barre. De hear Tilma (CDA): Dan moat it wol proporsjoneel wêze. Men moat der pragmatysk mei omgean. De hear Tuininga (FNP): Der wurdt no yllegaal hannele. Wie it kolleezje har bewust fan de ferkearde wize fan oanbesteging fan it fuot-en fytspaad? De foarsitter: De raad heeft erover gediscussieerd. De standpunten zijn duidelijk over en weer. Hij stelt de raad het volgende voor. Volgens de FNP heeft het college buiten de wet om gehandeld. Dat is een zware aantijging. Het college zal zich daarin verdiepen en aangeven binnen welk wettelijk kaderde aanbestedingen hebben plaatsgevonden. De hear De Kroon (PvdA): Hy kin him yn dat léste net fine. It is net in diskusje mei it kolleezje. It giet earst om it stanpunt fan de ried. As de ried ta de konklüzje komt dat it ünrjochtmjittich is en büten de wet dan pas is it kolleezje oan set. Hy stelt in twadde termyn foar. Twadde termvn De hear Ekas (GBL): Het gaat om de normbedragen. Als je daarnaar kijkt dan is men formeel niet goed bezig geweest. Men kan dat simpel oplossen door de bedragen aan te passen. De hear De Haan (GBL): Hij waardeert de toezegging van het college om na te gaan of men wettelijk gehandeld heeft. Hij betreurt de opmerking van de heer De Kroon om die toezegging van tafel te

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2017 | | pagina 17