15 vegen. De foarsitter: Als de raad eerst nog over het punt van de heer De Kroon wil discussiëren dan wil hij wel graag aan het einde van de discussie weten welke vragen de raad dan eventueel nog voor het college over heeft en wat het college verder moet doen. De hear De Kroon (PvdA): It kolleezje is net buten de wet om gongen. De ried hat trije kear it nije belied foar kundskip oannommen. Hy is fan miening dat it dêrmei troch de reid fêststeld is. De PvdA hat gjin ferlet fan in fierder ündersyk. De FNP hat earder fragen oer dizze saak steld yn 2016. Dêr hat men doe yn in memo mei bylagen antwurden op krige, ynklusyf it oanbestegingsbelied fan 2014. En dêr sitte noarmen yn dêr't de FNP it oer hat. De hear Dijkstra (FNP): En doe is er yndachtich wurden fan wat der hjir barde. De hear De Kroon (PvdA): Hy bliuwt by it stanpunt dat der rjochtmjittich hannele is. It Achterbosk sil oanbestege wurde neffens de regels fan Ljouwerteradiel yn oerlis mei Ljouwert. Set it jildende belied op de website en nim de regeling fan Ljouwert oer yn dy gefallen as dat better past. De hear Pot (WD): Hij is het met dat laatste eens. Als men onrechtmatig bezig geweest was dan had men binnen het huis daar volgens hem wel op gereageerd. Zolang het tegendeel niet bewezen is, gaat men op de ingeslagen weg verder. De hear Tilma (CDA): It CDA giet der net fan ut dat it kolleezje yllegaal dwaande west hat. Dêrom wol it CDA net alles oer de kop helje. Ek de akkountant hat der net op reageard. De foarsitter: Hij vraagt een conclusie van de heer Dijkstra. De hear Dijkstra (FNP): Hy kin it redusearje ta ien fraach: Wêrom hat it kolleezje de nota, dy't it makke hat nei oanlieding fan it VNG-stik, net oanbean oan de ried? De foarsitter hat tasein dat er dat ütsykje soe. De foarsitter: Het college wil graag een opdracht van de raad. De hear De Kroon (PvdA): De FNP stelt in fraach. Stel dy fraach oan it kolleezje en hy nimt oan dat de FNP en ried binnen twa wike in antwurd krije. De hear Tilma (CDA): Men moat earst it antwurd öfwachtsje en as dan bliken docht dat der noch wat oan dien wurde moat dan besjocht men dat op dat momint. De hear Dijkstra (FNP): It hie neffens him yn it iepenbier behannele wurde moatten. Mar de mearderheid wol dat net en dan sil de FNP it skriftlik dwaan. De hear De Kroon (PvdA): As de FNP in fraach stelt yn it iepenbier oan it kolleezje dan komt der in iepenbier antwurd. Der is neffens him in draachflak fan de ried om it jildende oanbestegingsbelied fan Ljouwerteradiel fuortdaliks te publisearjen op de website. De hear Dijkstra (FNP): Wol de ried in demokratyske legitimaasje fan it oanbestegingsbelied ja of nee? De ried seit dus fan nee. De hear De Kroon (PvdA): It ferskil is dat oare partijen it net mei de FNP iens binne dat der ünrjochtmjittich hannele wurdt.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2017 | | pagina 18