De hear Brouwer (CDA): Dat is sa. Mar guon riedsleden wienen net op de riedsgearkomste dêKt dit Onderwerp yn behannele waard. De noarmen binne no folie geunstiger foar de skoalle yn Hijum. As Radius en Fier deselde noarm fan 61 fêsthalde dan giet de skoalle yn Hijum ticht. Wolle de FNP en GBL dat? De hear Dijkstra (FNP): It gie doe, twa jier lyn, net om in Onderwerp op de wurklist, mar om in moasje fan de PvdA. Miskien wie it wol trochstutsen kaart. It kolleezje wol in veto lizze op de fuzje fan Fier en Radius. Dêrtroch komme skoallen op it plattelan yn 'e knipe. Miskien moat men straks wol folie grutter tinke: in noarm foar it hiele plattelan fan Nederlan. Wat men no docht is detaillistysk geleuter. De FNP wol de fuzje dan ek net ófwize, want it is noch Onderwerp fan ündersyk. Dat twadde punt hoecht men no dan ek net te behanneljen. De hear Tuininga (FNP): It is neffens him gewoan in kwestje fan fatsoen om it twadde punt letter te behanneljen. Mefrou De Voogd (PvdA): Op de bijeenkomst in Froubuorstermüne is al aangegeven dat het beoogde nieuwe fusieverband misschien niet eens groot genoeg is voor de toekomst. Waarom zou je het dan nu doen? Men kan beter eerst de bijeenkomst in maart afwachten en dan beslissen over de toekomst. Wethalder Vos: Hy wiist op 'het recht van hoor en wederhoor7. Dat hawwe guon fraksjes neffens him net dien troch allinne ófte gean op de ynformaasje fan Fier. De hear Dijkstra (FNP): De neamde BOT-sesje wie mar in pear dagen foar de gearkomste yn Froubuorstermune. Fier is in autonome ynstênsje en hy woe harren miening heare. Wethalder Vos: Mei 'hoor en wederhoor7 krijt men in better ynsjoch om in goede beslissing nimme te kinnen. Hy kin net sjen oft de skoalle yn Hijum al of net faai stiet omdat er gjin sifers fan Fier/Radius hat. Hy hat allinne de sifers fan Ljouwert (Beerenschot). De hear Tuininga (FNP): Wachtsje de oare sifers óf en dan kin men der letter wol oer beslute. Wethalder Vos: Men moat derfoar soargje dat der in leefber plattelan bliuwt. De ried woe de iepenbiere skoallen yn Ljouwerteradiel hanthavenje. De twa besluten hawwe mei elkoar te meitsjen omdat yn de begrutting de fuzje as in mooglike kosten-batenpost neamd wurdt. Yn Fryslan soe men regionaal sjen moatte hoe't men de skoallen op it plattelan sa goed mooglik oereinhalde kin. Hy hopet dat feiten en fiksjes goed wage wurde. De hear Dijkstra (FNP): De situaasje fan de skoallen op it plattelan geane dus de wethalder en hysels beide oan it hert. Mar de ynsichten binne ferskillend. Men kin punt twa earst wol sjitte litte en as der fierdere ynformaasje beskikber is der dan fierder oer prate. De foarsitter: Hij stelt vast dat het stuk besluitvormend nog terugkomt op 16 maart 2017. 3

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2017 | | pagina 27