GEMEENTE Leeuwarderadeel Underwerp: Riedsgearkomste Stiens, 6 febrewaris 2017 Achte leden fan 'e Rie, Ik nügje jimme üt om de riedsgearkomste fan 16 febrewaris 2017 by te wenjen. De wurklist en de stikken dy't der by hearre treffe jimme hjirby oan. Alle stikken lizze op gebrüklike wize op besjen yn de lêskeamer fan it gemeentehus. De wurklist mei utstellen Ieit foar belangstellenden op besjen yn de hal fan it gemeentehus en de iepenbiere bibleteek yn Stiens. De gearkomste wurdt halden yn it gemeentehus fan Stiens en begjint om 19.30 oere. De foarsitter fan 'e rie, Drs. Joop R.A. Boertjens Nr. fan de wurklist 1. lepening en meidielings foarsitter 2. Fêststellen wurklist 3. Ynsprekrjocht boargers 4. Fragehealoere riedsleden 5. Fêststellen ferslach fan 26 jannewaris 2017 YNFORMEARJEND UNDERDIEL 6. Ynkommen stikken (lizze op besjen) WURKLIST Nr. fan it ütstel Kêst 25a. (RfO) Boargers kinne mei-inoar maksimaal 30 minuten it wurd fiere oer Onderwerpen dy't op 'e aginda steane. Alle sprekkers krije net langer as fiif minuten. Ynsprekkers moatte dat op syn lést oant 24 oeren foar it begjin fan de gearkomste oan de griffier meld hawwe Kêst 40 (RfO) As in lid fan 'e ried yn de fragehealoere fragen stelle wol, moat dit mei oantsjutting fan it underwerp op syn minst 12 oeren fan te foaren meld wurde by de foarsitter. Neffens de öfspraken dy't makke binne kin in riedslid yn 't plak fan de foarsitter ek de griffier op de hichte stelle. Kêst 19 (RfO) Tekstwizigings kinne foar it begjin fan de gearkomste yntsjinne ofoankundige wurde by de griffier. Kêst 20 (RfO) In riedslid kin oant 12 oere foar it begjin fan de gearkomste oan de griffier trochjaan oer hokker Ynkommen Stikken hy ofsy it wurd fiere wol.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2017 | | pagina 2