De fraach fan de hear Tigchelaar giet oer in bylage fan de gemeente. De 86.000 euro is in neidielich saldo oer de totale kosten foar dit jier. De kadernota, mei in tal ynsidintele kosten, is ferwurke yn de begrutting 2017. De totale ynsidintele kosten fan 185.000 euro binne de oarsaak fan it neidielich saldo. De kosten fan de hüshaldlike help binne sadanich al ferwurke yn de begrutting fan de tsjinst en ek yn de aksjes fan it gebietsteam dat men dêrtroch foarlopich net hoecht by te 'ramen'. De PvdA nimt it amendemint werom omdat der aksje ündernommen wurdt. De brief is lykwols noch net troch it kolleezje fêststeld. De reaksje fan it kolleezje sil noch nei de ried komme. Hy is it iens mei de hear Van Diggelen dat de ynformaasje te let kaam is. Hy sil derfoar soargje dat soks yn de takomst rapper utfierd wurde sil. Twadde termvn Mefrou Bijsterbosch (PvdA): De PvdA is het eens met de door de wethouder aangedragen praktische oplossing en verder wacht men eerst de reactie van het college op de brief af. De hear Tigchelaar (CDA): Hy snapt dat it bedrach binnen de reguliere begrutting opfongen wurde kin en dat men net in berop hoecht te dwaan op dy 37.000 euro. De taljochting yn de brief is op himsels wol düdlik. De begrutting kin men net feroarje. It is miskien ferstannich om der no net oer te besluten, sadat it kolleezje earst syn fyzje op de brief jaan kin. De foarsitter: Hij wijst erop dat het voorstel ter besluitvorming voorligt. De hear Tigchelaar (CDA): Dat is sa. Mar der leit no in brief by, dêr't troch it kolleezje noch net in antwurd op jün is. Wethalder Vos: Hy stelt foar om it foarstel sa stean te litten. It kolleezje hat aksje ündernommen sadat de PvdA ek troch it no beskikbere antwurd beslute kin of men al of net in amendemint yntsjinje sil. De brief fan de tsjinst moat noch wol fan in antwurd fan it kolleezje fersjoen wurde. Dat feroaret op himsels it beslüt net. Hy stelt dan ek foar om it foarlizzende beslüt stean te litten. Dat sterket it kolleezje yn syn reaksje nei de tsjinst ta. Wachtsje it antwurd fan it kolleezje op de brief öf, mar gean dus akkoart mei de begrutting. De foarsitter: Hij stelt vast dat de raad unaniem instemt met voorstel en besluit. 8

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2017 | | pagina 53