Wethalder Vos: Men moat derfoar soargje dat der in leefber plattelan bliuwt. De ried woe de iepenbiere skoallen yn Ljouwerteradiel hanthavenje. De twa besluten hawwe mei elkoarte meitsjen omdat yn de begrutting de füzje as in mooglike kosten-batenpost neamd wurdt. Yn Fryslan soe men regionaal sjen moatte hoe't men de skoallen op it plattelan sa goed mooglik oereinhalde kin. Hy hopet dat feiten en fiksjes goed wage wurde. De hear Dijkstra (FNP): De situaasje fan de skoallen op it plattelan geane dus de wethalder en hysels beide oan it hert. Mar de ynsichten binne ferskillend. Men kin punt twa earst wol sjitte litte en as der fierdere ynformaasje beskikber is der dan fierder oer prate. De foarsitter: Hij stelt vast dat het stuk besluitvormend nog terugkomt op 16 maart 2017. 10. Oanpaste begrutting 2017 Fryslan West De hear Tigchelaar (CDA): It hat net ta gefolch dat der wat oan de bydragen fan de gemeente feroaret. Der is no ek in better ynsjoch yn de kosten jün en it is ek budzjetêr neutraal ütfierd. It is foar it CDA akkoart. De foarsitter: Hij stelt vast dat ook de andere fracties akkoord gaan. Er wordt unaniem conform het voorstel en besluit besloten. 11. Wiziging begrutting 2017 en Kaderbrief 2018-2021 Veiligheidsregio Fryslan De hear Tilma (CDA): Der moat blykber mear jild oan ütjün wurde. It stik is fierder helder. It CDA is akkoart. Boargemaster Boertjens: Hij is als vertegenwoordiger van de gemeente in de vergaderingen aanwezig. Men weet het qua kosten in Fryslan nog redelijk in de hand te houden. De foarsitter: Hij stelt vast dat ook de andere fracties akkoord gaan. Er wordt unaniem conform het voorstel en besluit besloten. 12. Redaksjonele oanpassing oardering OZB 2017 De hear De Kroon (PvdA): It is gewoan fout wat der stiet. By de twadde alinea ünder de ynlieding moat de passaazje 'is niet duidelijk' derüt. As dat korrisjeard wurdt dan kin de PvdA dermei ynstimme. De foarsitter: Het staat er inderdaad fout in. Hij stelt vast dat de raad unaniem instemt met het gecorrigeerde voorstel en besluit. Beslütfoarmjend ünderdiel 13. Begrutting 2017 fan de Dienst SoZaWe Noardwest Fryslan De hear Tigchelaar (CDA): Men hat fia in memo antwurden krige op de earder stelde fragen. By de 85 miljoen euro lanlik foar hüshaldings mei in leech ynkommen (foar Ljouwerteradiel 42.500 euro) stiet dat it bedrach net earmerke is. It CDA wol graach dit foar de doelgroep ynset wurdt. Syn léste fraach gie net om de begrutting fan de tsjinst mar fan de gemeente seis en dan benammen de bestimmingsreserve fan 37.000 euro. It gebietsteam moat ek kosten meitsje nei oanlieding fan de ütspraken fan de fan de Sintrale Ried fan Berop oangeande de hüshaldlike help. De fraach is of dat op te fangen is binnen de reguliere begrutting of dat noch in berop dien wurde moat op dy bestimmingsreserve. Hy giet noch eefkes yn op de brief fan de tsjinst. De fêste formaasje is wat leger en de tydlike wat

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2017 | | pagina 10