helaas door Fier en Radius nog al wat rondgebazuind. De WD complimenteert het college dat het bij zijn standpunt blijft. De hear Brouwer (CDA): It giet om twa saken by dit stik. Men moat earst sjen nei de begrutting. Hy is bliid mei de foarlizzende sifers en it CDA kin dan ek mei de slutende begrutting ynstimme, ek omdat de ferskate geledingen binnen Fier har deryn fine kinne. Dan punt 2. Fier jout oan dat guon skoallen miskien tichtgeane as de füzje net trochgiet. De ynstimming is der net fan it kolleezje fan Ljouwerteradiel. Op 14 maaie 2016 hat de ried fan Ljouwerteradiel besletten dat it kolleezje har bést dwaan soe om de iepenbiere skoallen yn de gemeente sa goed mooglik oanslute te litten by Ljouwert/Proloog. Dy moasje is riedsbreed oannommen. Net alle riedsleden fünen it yn dy perioade nedich om oanwêzich te wêzen. It kolleezje fiert dus de winsk fan de gemeenteried üt. De CDA-fraksje hat ferskate kearen frege om sifers om sicht te krijen op gefolgen fan füzjes. Dy sifers binne troch Fier nea levere. Is it dus wol wis wat Fier nei buten bringt? De CDA-fraksje fan Ljouwerteradiel tsjinnet primêr de belangen fan de ynwenners en dus ek fan de skoallen yn Ljouwerteradiel. Dat betsjut net dat men de eagen slute moat foar skoallen yn oare gemeenten. De skoallen yn Ljouwerteradiel, ek de lytse skoalle yn Hijum, binne better öf mei it ünderbringen by Proloog. It CDA stimt dan ek mei it twadde punt yn. Mefrou De Voogd (PvdA): De PvdA kan zich ook in de begroting vinden en vindt het terecht dat de twee punten in het voorstel staan en kan ook akkoord gaan met het tweede punt in het voorstel. De hear De Haan (GBL): De school Hijum is volgens hem beter af met Radius omdat deze andere, gunstigere normen hanteert dan Leeuwarden. Wethalder Vos: It kolleezje fiert op dit mêd in riedsbeslüt üt. Alle riedsleden hawwe de kans han om mei te tinken en te reagearen op de ferskate rütes. It is oan de riedsleden seis om fan it ynformaasjefoarsjenning fan it kolleezje gebrük te meitsjen. Dat is spitigernöch net yn alle gefallen bard. De kearn is in tal fragen dy't yn 2015 steld binne. Doe hat men sein, sawol tsjin Fier as it gemeentebestjoer fan Ljouwert, dat it tige wichtich wie om te sjen nei de opheffingsnoarmen fan de skoallen. De opheffingsnoarm yn Frjentsjerteradiel is 61 bern, foar alle skoallen yn dy gemeente. De yn de krante neamde skoalle sit dér al jierren under. Foar de skoallen yn Stiens sit de noarm boppe de 100 en yn de bütendoarpen leit dy folie leger. It gemeentebestjoer fan Ljouwerteradiel hat yn maart 2016 en by werhelling yn jannewaris 2017 in berekkening makke op basis fan de ynwenneroantallen fan de nije gemeente. It ministearje hat fersekere dat men al in ündersyk dwaan kin nei noarmen foar stedsskoallen en skoallen yn it bütengebiet. By ferskillende noarmen foar skoallen kin de skoalle yn Hijum neffens de metodyk fan 2018 bestean bliuwe as it tal learlingen net öfnimt. Yn 2015 hat men oan Fier frege om de sifers yn relaasje ta de nye gemeenteyndeling. Oant no ta hat Fier dy net jün. Yn in oerlis mei Fier/Radius yn novimber hat men nochris de trije stappen fan de gemeente kenber makke. Op de gearkomste yn Froubuorstermüne is ek gjin antwurd jun oer de sifers sec. De hear De Haan (GBL): Er is wel toegezegd door het bestuur in Froubuorstermüne dat men een onderzoek zou instellen. Fier is er dus mee bezig. Wethalder Vos: Dat léste Ontkent er ek net. It ministearje woe yn desimber gjin goedkarring jaan foar de füzje omdat der gjin sifers foarleinen. De gemeenten en de skoalbestjoeren hawwe begjin maart in oerlis mei it ministearje om te sjen nei de regionalisearring en de getallen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2017 | | pagina 8