Hy is altyd ree om mear ynformaasje te jaan oan de riedsleden. De direkteur fan Fier hat foarich jier ynsprutsen. De opmerkingen fan de fraksjes fan de FNP en GBL binne doe ek nei foaren takommen. De beide punten yn it foarstel kinne net los sjoen wurde fan inoar. De begrutting sjocht der op himsels goed üt. Mar oer dekking fan de füzjesaken bliuwt it kolleezje fraachtekens halden. Hy tinkt dat de skoalle yn Hijum better üt is mei de opstelling fan it kolleezje. It primêr belang giet de bern oan fan alle trije iepenbiere skoallen. Men moat op dit mêd op in hoeden wize mei elkoar omgean. Twadde termvn De hear De Haan (GBL): De wethouder geeft volgens hem nu wel enige ruimte voor een andere beslissing en daar is hij blij mee. De hear Brouwer (CDA): It CDA sil net fan belied feroarje. Yn de ried gie it twa jier lyn oer dit Onderwerp en doe fünen guon riedsleden it net de muoite wurdich om by de riedsgearkomste oanwêzich te wêzen. Ek op de BOT-sesjes oer dit Onderwerp wienen dy partijen net oanwêzich. De hear De Haan (GBL): Hij wijst de heer Brouwer erop dat de echte discussie plaatsvindt in de raad. De hear Brouwer (CDA): Dat is sa. Mar guon riedsleden wienen net op de riedsgearkomste dêKt dit Onderwerp yn behannele waard. De noarmen binne no folie geunstiger foar de skoalle yn Hijum. As Radius en Fier deselde noarm fan 61 fêsthalde dan giet de skoalle yn Hijum ticht. Wolle de FNP en GBL dat? De hear Dijkstra (FNP): It gie doe, twa jier lyn, net om in Onderwerp op de wurklist, mar om in moasje fan de PvdA. Miskien wie it wol trochstutsen kaart. It kolleezje wol in veto lizze op de füzje fan Fier en Radius. Dêrtroch komme skoallen op it plattelan yn 'e knipe. Miskien moat men straks wol folie grutter tinke: in noarm foar it hiele plattelan fan Nederlan. Wat men no docht is detaillistysk geleuter. De FNP wol de füzje dan ek net öfwize, want it is noch Onderwerp fan ündersyk. Dat twadde punt hoecht men no dan ek net te behanneljen. De hear Tuininga (FNP): It is neffens him gewoan in kwestje fan fatsoen om it twadde punt letter te behanneljen. Mefrou De Voogd (PvdA): Op de bijeenkomst in Froubuorstermüne is al aangegeven dat het beoogde nieuwe fusieverband misschien niet eens groot genoeg is voor de toekomst. Waarom zou je het dan nu doen? Men kan beter eerst de bijeenkomst in maart afwachten en dan beslissen over de toekomst. Wethalder Vos: Hy wiist op 'het recht van hoor en wederhoor'. Dat hawwe guon fraksjes neffens him net dien troch allinne ofte gean op de ynformaasje fan Fier. De hear Dijkstra (FNP): De neamde BOT-sesje wie mar in pear dagen foar de gearkomste yn Froubuorstermüne. Fier is in autonome ynstansje en hy woe harren miening heare. Wethalder Vos: Mei 'hoor en wederhoor' krijt men in better ynsjoch om in goede beslissing nimme te kinnen. Hy kin net sjen oft de skoalle yn Hijum al of net faai stiet omdat er gjin sifers fan Fier/Radius hat. Hy hat allinne de sifers fan Ljouwert (Bee ren schot). De hear Tuininga (FNP): Wachtsje de oare sifers öf en dan kin men der letter wol oer beslute.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2017 | | pagina 9