11. It öfrünjen fan it ferselsstannigjen fan De Skalm
De hear De Kroon (PvdA): De subsydzje foar de Skalm is 2 jier lyn yngripend ferlege. De
reorganisaasje is goed slagge. Der wurdt mear gebrük fan makke en der bliuwt ek noch wat jild oer.
Mar it is fierder in gaos op it mêd fan de administraasje en de finansjes. It kolleezje hat dêr skuld oan,
mar de ried hat de rol as tasichthalder ek net goed spile. De PvdA is der dan ek foar dat de strop fan
40.000 euro foar rekken fan de gemeente komt. Mar wat bestjut 'kredyt'? Hat de Skalm straks in
skuld?
Der sit no in goed bestjoer. De PvdA is lykwols bang dat it nei de weryndieling net goed komt. De
Skalm krijt no in subsydzje fan sa'n 80.000 euro. Dat is net in bedrach dat past yn it belied fan
Ljouwert. De PvdA tinkt oan in fierdere privatisearring fan it gebou. Fan de subsydzje kin de stichting
de hier fan 90.000 euro net iens betelje. Dat moat oars. De biblioteek is earder ferkocht foar 1 euro
en de gemeente hat yn it ferline ek de tennisbanen foar in bytsje jild oan de tennisferiening ferkocht
en aardich wat sinten meijün foar it achterstallich ünderhald.
Doch itselde mei de de Skalm. Meitsje de kommende twa moanne in plan foar in sterke Skalm yn de
takomst. Dit foarstel is ferwurde yn in moasje.
Motie met onderwerp: Versterking positie De Skalm
De raad van de gemeente Leeuwarderadeel in openbare vergadering bijeen op 6 april 2017
1. Overwegende
a. Dat het accomodatiebeleid van de gemeente Leeuwarden na 2018 te weinig mogelijkheden
biedt aan cultureel centrum De Skalm om haar taak voor Stiens en de omliggende dorpen
goed te vervullen;
2. Tevens overwegende
a. Dat cultureel centrum De Skalm van grote betekenis is voor de bewoners van Stiens en
omgeving;
3. Draagt het College op
a. In de komende twee maanden een plan te ontwikkelen dat leidt tot een sterk cultureel
centrum Skalm dat ook na de herindeling toekomstbestendig is.
En gaat over tot de orde van de dag
Ondertekend op 6 april 2017 door de fractie van de PvdA: Harm de Kroon, Ursula de Voogd, Toke Bijsterbosch,
Pieter van der Werff
De hear Spijksma (CDA): In kredyt is in liening en dat kin net de bedoeling wêze. De Skalm hat in
subsydzje nedich. It hat wol tige lang duorre ear't men de problemen oer 2015 en 2016 boppe wetter
krije koe. It is juridysk net geunstich oft de boargemaster yn de Ljouwerter Krante stelt dan er net
tinkt dat men it jild noch weromsjen sil.
It CDA wol graach op koarte termyn foarstellen fan it kolleezje sjen dy't it fuortbestean fan de Skalm
ek nei 2019 feilich stelle.
De hear Pot (WD): Gezien de geheimhouding kan hij niet op alle zaken ingaan. De Skalm zal een
goede start, zonder lasten, moeten kunnen maken en hij heeft daarom sympathie voor de motie van
de PvdA. Hij wil die motie echter eerst nog even goed bekijken. Hij heeft ook moeite met het woord
krediet.
De hear Tuininga (FNP): Yn 2014 hawwe de FNP en GBL tige twifele oer de ütkomsten fan de nije
oanpak fan de Skalm. It hie nea wêze moatten. Der is sprake fan wanbehear. Hy heart oer de Skalm
hiel oare luden as wat er yn de krante lézen hat.
De FNP hat de léste twa jier ferskate kearen besocht om de posysje fan de Skalm op de wurklist te
setten. Der binne ferskillende meldingen west dat de saken net goed ferrünen. Der is blykber gjin
inkelde kontröle op de subsydzjes. It kolleezje hie folie earder oan de bel lüke moatten. No moat der
samar 40.000 euro op it kleed komme.
De minsken fan Wil binne ek bun oan alderhanne regels. Gelokkich binne der frijwilligers dy't har
10