31 GEMEENTE Leeuwarderadeel 5 Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op woansdei 3 maaiel 2017 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 12. Motie FNP met betrekking tot Kaatsveld-IJsbaanterrein Stiens De hearTuininga (FNP): It terrein hat in lange histoarje. In hiel protte partijen meitsje der gebrükfan. Der hawwe troch de tiid hinne al tal fan plannen west foar it terrein. De boargemaster fan Ljouwert hat by in gearkomste ek sein dat der alle 4 jier in nij belied komme kin. De FNP wol it terrein dan mei de moasje ek graach feilich steile foar de takomst. De KNKB en de KNSB binne ek tige wiis mei it fjild. De FNP is yn oerlis gien mei de ferienings. Dy foarmje mei inoar de Stichting akkommodaasjebehear Uniawei. Hy hat mei dy minsken in petear han en dy wiene tige entusjast. Hy wiist derop dat de BV Sport gjin ünderfining hat mei in iisbaan. Hy lést de moasie foar. Moasje frjemd oan de oarderfan de dei oangeande it keatsfjild-iisbaanterrein te Stiens De ried fan Ljouwerteradiel by inoar yn de gearkomste fan woansdei 3 maaie 2017, yn berie nimmend dat: ós gemeente straks opgiet yn gemeente Ljouwert, der grutte ünwissens üntstiet by sawol de keatsklup as de iisklup oer de takomst fan it sportterrein oan de Uniawei, dit sportterrein in strategyske lizzing hat yn Stiens en dat soks wol ris ferkeard utpakke kin foar de keatsklup en de iisklup, de gemeente Ljouwerteradiel dit terrein foar in symboalysk bedrach yn besit krigen hat, fersiket it kolleezje: it sportterrein dan ek foar in symboalysk bedrach oer te dragen oan de Stichting accomodatie-beheer Uniawei om dermei it terrein feilich te stellen foar de keatsklup en iisklup. en giet oer ta de oarder fan de dei. Undertekene op 3 maaie 2017 troch: FNP-fraksie Folkert Dykstra Jan Willem Tuininga De hear De Kroon (PvdA): It is moai dat de FNP har deryn ferdjippe hat. Mar is it wol ferstannich om alles fêstlizze te wollen? Haw as kolleezje earst oerlis mei de BV Sport, de stichting en de ferienings oer de takomst fan it terrein. De hear Brouwer (CDA): Ek tank oan de FNP foar de moasje. Dochs fynt it CDA dat men der dizze jün noch gjin beslüt oer nimme kin. It moat earst goed düdiik wêze wat de nedige ferplichtingen binne as men it oernimt. As der in beding op sit dan bliuwt dat bestean los fan wa't de eigner is. Dus earst mear undersyk dwaan nei de gefolgen fan sa'n kar. Gean as kolleezje yn oerlis mei de belutsen partijen. 11

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2017 | | pagina 47