frjemd. De hear Dijkstra (FNP): Immen oan de Lege Hearewei yn Stiens is, om it sêft üt te drukken, net gelokkich mei hoe hy behannele wurdt(is) oangeande de WMO. Dizze persoan hat in advokaat ynskeakele om syn klacht(en) kracht by te setten. Fraach: Kin it kolleezje ek oanjaan hoefier it stiet mei de klachteproseduere? Wethalder Vos: De klachteproseduere is yn wurking. Immen d/t in klacht hat, kin dêr gebrük fan meitsje. Hy hat mei de belutsen persoan belle. Hy hat mei him praat om op in oare wize ta in oplossing te kommen. Dat is blykber net slagge. De hear Dijkstra (FNP): Dat wit er. De persoan bleau lykwols luik oer de oanpak. De hearTuininga (FNP): De Krystfersiering hinget noch hyltiten yn it sintrum fan Stiens. Hat dit in spesjaal doel? Wethalder Van der Meulen: Neffens har is de ferljochting fan de peallen of. It is in ferantwurdlikheid fan de OVL. Se sil de winsk fan de FNP om de krystfersiering earder fuort te heljen trochjaan. Der wurdt ek wurke oan in nij plan, in sintrumfisy. De hearTuininga (FNP): Sneon hong de krystfersiering der noch. Soks fynt er, en hy net allinne, net gewoan. De hear Tuininga (FNP): Bliuwt der noch wol in loketfunksje oer as üs gemeente straks by Ljouwert sit? Men hat fernommen dat dy funksje der net komt. Dat is foar in hiel protte minsken lestich. De boarger is dochs hyltiten foarhalden dat dy der komme soe? Ek oer it sosjaal domein sit er yn. Wat bart der mei it gebietsteam? Boargemaster Boertjens: Het antwoord op de eerste vraag is nee. Hij heeft dat ook in alle bijeenkomsten gezegd. Zo'n loket moet ook aan bepaalde voorwaarden voldoen. Er worden eveneens steeds meer zaken digitaal afgehandeld. Bovendien komen ambtenaren wel aan eens aan huis. De hear Tuininga (FNP): Dat is tige spitich. Dan binne der hiel wat minsken mislaat troch partijen by de ferkiezings. Yn guon situaasjes binne der oergongsregelingen. Miskien is der romte by it loket foar it sosjaal domein, dat der neffens de gearkomste de foarige deis wol komt. It kolleezje soe har dêr sterk foar meitsje moatte. De hear De Kroon (PvdA): De ried hat in memo krige oer it loket Stiens en dêr steane alle arguminten yn wêrom't Ljouwert seit dat it de muoite net wurdich is. Dy arguminten binne net wjerlein en de PvdA bliuwt dan ek achter it memo stean. De hear Tuininga (FNP): De boarger is troch guon partijen foarhalden dat der wol in loket komme soe. En miskien jout in oergongsregeling wol wat mooglikheden. De hear Tuininga (FNP): Hy hat in fraach oer Müne "De Hoop" ('Wat is de status fan de oerdracht mei de gegadigde dêr't it kolleezje in tal moannen lyn oer han hat mei üs?'). Hy soe de saak lykwols earst wat taljochtsje wolle ear't er op dy fraach weromkomt. De foarsitter: Hij wil wethouder Visser eerst de gelegenheid geven om de huidige stand van zaken toe te lichten.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2017 | | pagina 6