De FNP is yn oerlis gien mei de ferienings. Dy foarmje mei inoar de Stichting akkommodaasjebehear Uniawei. Hy hat mei dy minsken in petear han en dy wiene tige entüsjast. Hy wiist derop dat de BV Sport gjin underfining hat mei in iisbaan. Hy lést de moasie foar. Moasje frjemd oan de oarderfan de dei oangeande it keatsfjild-iisbaanterrein te Stiens De ried fan Ljouwerteradiel by inoar yn de gearkomste fan woansdei 3 maaie 2017, yn berie nimmend dat: üs gemeente straks opgiet yn gemeente Ljouwert, der grutte unwissens üntstiet by sawol de keatsklup as de iisklup oer de takomst fan it sportterrein oan de Uniawei, dit sportterrein in strategyske lizzing hat yn Stiens en dat soks wol ris ferkeard utpakke kin foar de keatsklup en de iisklup, de gemeente Ljouwerteradiel dit terrein foar in symboalysk bedrach yn besit krigen hat, fersiket it kolleezje: it sportterrein dan ek foar in symboalysk bedrach oer te dragen oan de Stichting accomodatie-beheer Uniawei om dermei it terrein feilich te stellen foar de keatsklup en iisklup. en giet oer ta de oarderfan de dei. Undertekene op 3 maaie 2017 troch: FNP-fraksie Folkert Dykstra Jan Willem Tuininga De hear De Kroon (PvdA): It is moai dat de FNP har deryn ferdjippe hat. Mar is it wol ferstannich om alles fêstlizze te wollen? Haw as kolleezje earst oerlis mei de BV Sport, de stichting en de ferienings oer de takomst fan it terrein. De hear Brouwer (CDA): Ek tank oan de FNP foar de moasje. Dochs fynt it CDA dat men der dizze jün noch gjin beslüt oer nimme kin. It moat earst goed düdlik wêze wat de nedige ferplichtingen binne as men it oernimt. As der in beding op sit dan bliuwt dat bestean los fan wa't de eigner is. Dus earst mear undersyk dwaan nei de gefolgen fan sa'n kar. Gean as kolleezje yn oerlis mei de belutsen partijen. De hear Klaver (GBL): Hij kan zich in de vorige sprekers vinden. Wat zijn destijds de voorwaarden geweest? De hear Tuininga (FNP): De FNP kin de moasje wol oanpasse troch it kolleezje te fersykjen om sa gau mooglik yn oerlis te gean mei de belutsen partijen. De ferienings hawwe al in gedegen undersyk dien en de konsekwinsjes al besjoen. Behannelje it yn de folgjende riedsgearkomste. De BV Sport hoecht der neffens him net by. Wethalder Van der Meulen: Men zal als college eerst onderzoek doen bij de partijen. Eerst moeten er feiten op tafel komen en dan kan men erop terugkomen. De hear De Kroon (PvdA): It liket de PvdA ta dat de BV Sport der wol by heart yn ferban mei de weryndieling. De hear Dijkstra (FNP): Op grün fan eardere ynformaasje liket dat léste him net in goede saak. De foarsitter: Hij stelt vast dat er eerst contact plaats zal vinden met de stichting en de verenigingen. 11

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2017 | | pagina 14