gif «GEMEENTE» ft i Leeuwarderadeel Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 1 juny 2017 om 19.30 oere yn it gemeentehüs fan Stiens. 9. Jierrekken 2016 De hear Brouwer (CDA): De jierrekken iit in tige posityf resultaat sjen. Der bart hiel wat, lykas by it sosjaal domein. De plus komt benammen troch de ferkeap fan oandielen fan Ennexis en ferkeap fan boukavels. Der is in protte jild oer by it sosjaal domein. Der komme amper klachten binnen oer sosjale saken en dat is wol in komplimint wurdich. Yn dit léste jier dat men as ried de jierrekken beoardiele kin, wol er graach de balans opmeitsje fan de kolleezjeperioade. Yn it kolleezjeprogramma stiet ü.o. dat it kolleezje gjin coffeeshops en legalisearre wietbou hawwe woe en dat is gelokkich ek net bard. Der is ek in twadde wykagint kommen. Alle lof dêrfoar. Men hat frege om in BOA en dy is der kommen. De gearwurking mei Ljouwert hat al hiel wat fertuten dien. It CDA hat der bot op ferge dat de boargerlesten net fierder tanimme soenen en dat is it kolleezje slagge. Nei de krisis wurde der no wer kavels ferkocht. It kolleezje is der ek yn slagge om de stipe foar amateuristyske keunstbeoefening op nivo te halden. En dat jildt ek foar de sportferienings. Der is in fyts- en kuierpaad kommen dêr't goed gebruk fan makke wurdt. It kolleezje hat har ek oan de öfspraak halden om by de soarch binnen it budzjet te bliuwen. Men kin de gemeente sun en sterk ófleverje. De FNP seit dat de prosedueres yn de gemeente sa faak mis geane. Hy snapt de rankune en it erchtinken fan de FNP net as men nei de resultaten fan it kolleezjeprogramma sjocht. De hear Klaver (GBL): Hij wijst de heer Brouwer erop dat het over de jaarrekening gaat en niet over de afgelopen 3 jaar. De hear Brouwer (CDA): De FNP hat hartsjin de begrutting keard om prosedurele saken, lykas tsjin de tredde wethalder en hat dêrmei ek tsjin de lestenferleging stimd. It giet it CDA net om de proseduere mar om it resultaat. De FNP woe ek net oan it nije fuot-en fytspaad meiwurkje, dat no tige frekwint brükt wurdt. De FNP woe yn in bepaalde perioade om prosedurele redenen net by de riedsgearkomsten wêze en hawwe har miening doe ek net jaan kinnen oerguon ünderwiissaken. Hy ferwachtet dat de FNP mei in moasje fan wantrouwen komme sil. Mar kin dat wol op grün fan dit programma? Of is it in saak yn it ferlingde fan it losringebiet 'blaffende honden bijten niet'? De hear Ekas (GBL): Het totale resultaat van 561.000 euro is een felicitatie waard. Er zijn behoorlijke besparingen gerealiseerd. Het is eigenlijk jammer dat men per 1 januari 2018 naar Leeuwarden overgaat want dan had men op deze wijze voortgaande anderhalf miljoen kunnen besparen. De meevallers hebben ook mede geleid tot het resultaat. Op de BOT-sessie zijn al vragen gesteld en deze zijn ook al beantwoord. Men neemt een mooie bruidsschat mee naar Leeuwarden. Bij het sociaal domein zou men eigenlijk geen geld over moeten houden. Men moet zich erop beraden wat men dit jaar nog voor de minder bemiddelde inwoners kan doen. Hij heeft de memo over de openbare verlichting gekregen. Waar moeten 's nachts de lantaarns 1

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2017 | | pagina 25