3 r\ «GEMEENTE I Leeuwarderadeel Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 1 juny 2017 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 11. Mienskiplike Regeling Fryslan West, jierstikken 2016 en begrutting 2018 De hear Spijksma (CDA): De reorganisaasje is blykber op tiid ynset en de finansjele posysje liket goed. It CDA is akkoart mei de jierrekken. Hoe sit it mei de kosten foar it ütstappen by dizze mienskiplike regeling? Der sit in foars fermogen yn In goed 4,5 miljoen oan oandielekapitaal en ek noch sa'n lyts 5 miljoen oan reserves. Ljouwerteradiel hat ek in flink part dêroan bydroegen. Dat wie foar minsken dy't fan Empatec gebruk meitsje moatte. It soe dus eins wer foar in part wer weromkomme moatte. Der hoege neffens him mar in bytsje ütstapkosten betelle te wurden, omdat de measte minsken by Empatec yn tsjinst bliuwe. Dêr moat neffens it CDA noch goed oer ünderhannele wurde. Oer de begrutting giet dizze ried net mear. Wethalder Vos: Doedestiids hat men besocht om der op in finansjee! goede wize yn te stappen. Doe is foar dizze konstruksje keazen. Men set der no in maksimaal bedrach yn fan 500 euro per wurknimmer. Der untstie in aardige reserve. Der wie in goede gearwurking yn de rie fan kommissarissen en yn it bestjoer yn relaasje ta de direksje. Troch de wizige wetjouwing hat men no te meitsjen mei tekoarten. Der is lykwols in goede reserve. De direkteur en de controller, mei wa't men foarich jier goede petearen han hat, hawwe krektlyn ofskied nommen en dat hat it proses fertrage. Men wol it op in fatsoenlik wize öfhannelje. Der is oerlis mei Ljouwert. Yn de petearen sil men de opmerkingen fan de hear Spijksma meinimme. Foar de wurknimmers is der gjin probleem. Hy sil de ried fan de Ontwikkelingen op 'e hichte halde. Men giet yndied net mear oer de begrutting De foarsitter: Er wordt unaniem conform het voorstel en besluit besloten.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2017 | | pagina 35