3f «GEMEENTE
im Leeuwarderadeel 5
19
Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 22 juny 2017 om
19.30 oere yn it gemeentehüs fan Stiens.
18. Motie FNP betreffende Harmonisatie Subsidies Culturele Sector in de gemeente
Leeuwarden na 1 januari 2018
De hear Dijkstra (FNP): Men hat minsken fan de kulturele sektor op besite han. Foar de sport is der ek
in oergongsregeling. Dêrom is dizze moasje ek taret.
Moasje frjemd oan de oarder fan de dei oangeande de harmonisaasje fan subsydzjes yn de kulturele sektor
yn de gemeente Ljouwert nei 1 jannewaris 2018
De ried fan Ljouwerteradiel byinoar yn de gearkomste fan tongersdei 22 juny 2017,
yn berie nimmend dat: de nije gemeente Ljouwert in oergongsregeling fan 1 jier hantearret foar de
subsydzjes yn de kulturele sektor;
kulturele ferienings foar grutte problemen steld wurde om yn sa'n koarte
tiid harren fmansjes op oarder te krijen;
dertroch it fuortbestean fan de kulturele ferienings yn ge f aar komt;
de BV Sport yn Ljouwert foar de binnensporten in oergongsregeling
hantearret fan 3 jier en de kompensaasje yn dy 3 jier foar syn rekken nimt;
yn neifolging fan de binnensporten de kulturele ferienings holpen binne
mei in oergongsregeling fan 3 jier mei de subsydzjes sa't dy op dit stuit
binne;
fersiket it kolleezje: by it kolleezje en de ried fan Ljouwert der op oan te trunen dat de kulturele
sektor holpen is mei in oergongsregeling fan 3 jier mei de subsydzjes sa't
dy no yn Ljouwerteradiel binne;
de moasje Onder de oandacht te bringen fan it kolleezje en de ried fan
Ljouwert.
en giet oer ta de oarderfan de dei.
Undertekene op 22 juny 2017 troch:
FNP-fraksie
Folkert Dykstra
Jan Willem Tuininga
De hear Pot (WD): Hij wijst erop dat de culturele sector onder verantwoordelijkheid van de
gemeenteraad valt en dat de BV Sport het zelf regelt.
De hear De Kroon (PvdA): De moasje is op himsels sympatyk. Yn 2018 krije de ferienings deselde
sinten. Yn 2019 is it budzjet foar de DB's heger as yn 2018. De PvdA tinkt dan ek dat it mei de moasje
ungeunstiger foar de ferienings ütfalle sil.
De hear Tilma (CDA): It CDA tinkt ek dat de ferienings der troch de moasje op achterüt geane. Fia de
DB's kin men straks de subsydzje krije.