De hear Brouwer (CDA): It is in wichtich stik. It giet oer de takomst fan it iepenbier ünderwiis yn de gemeente. It CDA wol de belangen fan bern, gemeente en stichting, yn dy folchoarder, meinimme yn har oerwagings. In skoalle is fan grut belang foar bern yn de doarpen. De hear Tuininga (FNP): Sa hie er de har Brouwer graach heare wollen oer de skoalle yn Koarnjum. De hear Brouwer (CDA): In gemeente hat as belang dat it goed iepenbier ünderwiis hat. Men moat goed tafersjoch halde. Wat is it belang fan de ünderwiisstichtings, yn Ljouwerteradiel dus fan Fier? Dy belangen binne no noch net helder. It CDA soe earst it resultaat öfwachtsje wolle fan it Jellumer Beried. Dan kin men sjen hoe't provinsjebreed de belangen öfwage binne. It CDA fynt ünderwiis yn lytse doarpen fan belang. Salang't net düdlik is wat der mei de skoalle yn Hijum bart mei de füzje kin it CDA net akkoart gean mei dy füzje. It CDA is foar in sterke koepel. De füzje tusken Fier en Radius smyt foar lytse skoallen in gefaar op. It is in tige fragile konstruksje. It CDA wol goed tafersjoch hélde op it iepenbier ünderwiis. Dat is yn de füzje fan Fier en Radius net goed genóch regele. Yn Ljouwert is dat folie strakker fêstlein. Der steane ek noch ündüdlikheden yn de statuten, ü.o. oer de beneaming fan bestjoersleden. It CDA achtet it fan belang dat der in goede öfwaging komme moat op grün fan goede gegevens. De gegevens fan it Jellumer Beried binne noch net beskikber. Miskien is it wol folie better dat de iepenbiere skoallen yn Ljouwerteradiel oanslute by de Ljouwerter stichting of miskien hielendal net. De konklüzje fan it CDA is op grün fan dizze öfwagings dat men net ynstimme kin mei de füzje en stipet de opstelling fan it kolleezje.. Mefrou De Voogd (PvdA): De PvdA draagt het openbaar onderwijs een warm hart toe. De fusie geeft geen garanties. Het onderbrengen bij Leeuwarden lijkt haar een betere optie voor het openbaar onderwijs. De PvdA kan dan ook de statuten niet goedkeuren en sluit zich aan bij het voorstel van het college. Wethalder Vos: Troch de bestjoersrjochter is men ferplichte om binnen 4 wike in beslüt te nimmen. De ferwachting fan it kolleezje wie al dat dizze ütspraak der komme soe en dêrom leit it beslüt no ek foar. As Fier sifers jaan kinnen hie oer de skoallen en opheffingsnoarmen per 2017/2018 dan hie men faaks in oare diskusje han. Dy sifers binne der lykwols net kommen. It kolleezje is tige wiis mei it Jellumer Beried, dêr't alle partijen, ek de provinsje, by belutsen binne. De deputearre fün it ek fan provinsjaal belang. Yn juny koe de ried noch gjin beslüt nimme. Ek dizze wike koe men gjin nije sifers krije. Dêrom koe it kolleezje allinne it foarlizzende foarstel foarlizze. Ek Ljouwert wrakselet mei de opheffingsnoarmen. Dêrom is it krekt sa fan belang dat men provinsjebreed dizze problematyk oppakt. Hy wol derop wize dat men net ünder druk set wurdt troch it kolleezje fan Ljouwert. Hy hopet dat it süne ferstan de oerhan haldt. Men kin altyd by him delkomme foar ynformaasje. Twadde termvn De hear De Haan (GBL): Ook Leeuwarden geeft dus niet de garantie dat de kleine scholen kunnen blijven bestaan. Het openbaar onderwijs is volgens hem altijd in prima handen geweest bij Fier. De hear Dijkstra (FNP): It is nuver dat men yn oare gemeenten hiel oars tinkt as it kolleezje fan Ljouwerteradiel. De steatssekretaris stie ek achter de statuten. De FNP stiet dus net achter it stik fan it kolleezje. De FNP giet foar it iepenbier ünderwiis fan de skoallen yn Noardwest-Fryslan. De hear Ekas (GBL): ledereen houdt aan zijn eigen standpunten vast. Het is juridisch een enorm steekspel. Hij hoort eigenlijk zeggen dat het college geen vertrouwen heeft in de stichting. Misschien

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2017 | | pagina 15