gjin plak foar in skoalle. De gong fan saken is yn syn eagen in middelfinger fan it kolleezje rjochting befolking. De hear Brouwer (CDA): Hy wiist derop dat it kolleezje de beslissing net nimt. Dêr giet de ried oer. De hear Tuininga (FNP): Mar it kolleezje hat de plannen dellein oer in skoalle of IKC. Dêr hat de ried net nei frege. De FNP hat der yn septimber by de gearkomste yn de Skalm al op oantründ om mei dy plannen foar in skoalle op te halden. Dêr kin de ried ek in beslüt oer nimme. Hy fernuvert him oer de passaazje yn punt 2 oer it oandragen fan 'eventuele nieuwe initiatieven'. Hy fynt dat gekoanstekkerij nei de beide ündernimmers ta. Fan de 3 plannen yn punt 2 moat men dus 2 plannen meitsje. De hear Brouwer (CDA): Men kin dizze jün wol in beslüt nimme. Kin de FNP har ütsprekke foar ien fan beide plannen? De hear Tuininga (FNP): Dat docht de FNP net. De fisy moat ütfierd wurde. De ynwenners moatte der aktyf by belutsen wurde en de merk moat benadere wurde. Der binne folie mear mooglikheden as hjir foarlizze. Mar yn alle gefallen moat der gjin skoalle yn it gemeentehüs komme. De hear Brouwer (CDA): As men no nochris freget om nije plannen dan docht men de beide ündernimmers neffens him tekoart. De hear Van der Werff (PvdA): Watfoar foarkar hat de FNP no eins? De twa plannen of ek noch oare mooglikheden oandrage? De hear Dijkstra (FNP): Der stiet yn punt 2 fan it beslüt 'eventuele nieuwe initiatieven die passen binnen de toetsingscriteria'. Dêr foldocht de skoalle net oan. De hear Tuininga (FNP): Der lizze neffens him twa goede plannen. Dêr wol de FNP noch wol wat fan fine. De hear Pot (WD): Er zijn 3 plannen aangegeven. Het plan van de school valt voor de WD om infrastructurele reden af. Bij de beide andere plannen zitten nog te veel open einden om nu een keuze te kunnen maken. Mogelijk zijn er nog meer gegadigden met goede ideeën. Ook aandacht voor de plaats van de vishandelaar. De hear Van der Werff (PvdA): Der sil wierskynlik gjin fraach wêze nei in IKC. De PvdA hat gjin beswier tsjin it amendemint fan GBL oangeande dit punt. De sin yn punt 2 oer 'eventuele nieuwe initiatieven' moat stean bliuwe. De ynformaasje oer de plannen is net folslein en dêrom kin men dêr no net in beslüt oer nimme. De hear Tuininga (FNP): Hy betwifelt oft de ynformaasje der net is. Yn alle gefallen is dy der net by de FNP. De hear Brouwer (CDA): De proseduere fertsjinnet gjin 'schoonheidsprijs'. Dochs moat men de plannen goed neist inoar lizze. It CDA kin har ütsprekke hokker plan har it measte oansprekt. Men moat der net nochris 3 wike oer hottefylje. It CDA hat petearen han mei de trije plannenmakkers en op grün dêrfan kin it CDA in kar meitsje en dat kin men as beslüt oan Ljouwert trochdwaan. De hear Pot (WD): Is met de voorzitter van OVL gesproken of het past bij het centrumplan? De hear Tuininga (FNP): Hat it CDA kontakt han mei OVL oangeande it sintrumplan, mei de 12

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2017 | | pagina 12