16 De hear Tuininga (FNP): Men hat ündertusken mear berjochten fan winkellju han. Dy tochten dat it krekt sa regele wie as yn Ljouwert. Hy lést de moasje foar. Moasje oangeande it ferromjen fan de winkeltiden op de snein foar de beide Krystdagen en de snein op Aldjiersdei 2017 De ried fan Ljouwerteradiel byinoaryn de gearkomste fan tongersdei 16 novimber 2017, yn berie nimmend dat: 24 en 31 desimber 2017 op in snein falie en dat de winkels op dizze dagen allinnich mar iepen wêze meie fan 12.00 -17.00 oere; dizze dagen de drokste dagen fan it jier binne foar ündernimmers; de léste kear dat 24 en 31 desimber op in snein foei wie yn 2006; de ried fan Ljouwert op 9 oktober dit jier it beslót nommen hat om dizze beide dagen de winkeliepeningsstelling foar de winkellju yn Ljouwert te ferromjen mei it moarnsskoft; fersiket it Kolleezje: om op snein 24 en 31 desimber 2017 de winkeliepeningsstelling yn Ljouwerteradiel te ferromjen yn 11.00 -18.00 oere; dit buorkundich te meitsjen yn de Stienserfan novimber dit jier. en giet oer ta de oarder fan de dei. Undertekene op 16 novimber 2017 troch: FNP-fraksie Folkert Dykstra Jan Willem Tuininga Hy wiist der noch op dat men yn Sint Anne en Frjentsjer op dy sneinen ek iepen is. De mearderheid fan de winkellju wie foar 11 oere moarns üt respekt foar de tsjerketiden. De hear Brouwer (CDA): Yn it ferkiezingsprogramma wie it CDA tsjin de sneinsiepenstelling en dêrom is it CDA no ek tsjin. Yn de feroardering stiet wannear't de winkels iepen wêze kinne. Wol men wat feroarje dan sil men earst de feroardering oanpasse moatte. De hear De Kroon (PvdA): De freed en de sneon binnen ek beskikber om te winkeljen. Hawwe de boargers wol ferlet fan de oere derby de moarns en de neimiddeis op dy dagen? Hawwe de winkelbedriuwen wol sa'n ferlet fan dy twa ekstra oeren? De PvdA tinkt fan net, want de winkelbedriuwen hawwe har net melden. Nei in earste petear hawwe Jumbo en Albert Heijn net mearfrege nei in ferromming. De oare 3 supermerken hawwe hielendal nearne nei frege. Dêrom kin de PvdA de moasje net stypje. De hear Ekas (GBL): Hij kan zich het belang van de winkels wel voorstellen als men in andere gemeentes wel terecht kan. Kan men er niet een mouw aan passen? Als dat mogelijk is dan zou GBL voor de motie zijn. De hear Tuininga (FNP): In moasje fan de WD en D66 yn Ljouwert hat foar de FNP as foarbyld tsjinne. Jumbo en Albert Heijn hawwe ek kontakt mei Ljouwert han. Oare winkels hawwe ek kontakt mei de FNP han. In oere kin hiel wat skele yn de omset. Ek foar de aldjierslotten by Primera. De hear Pot (WD): Hij sluit zich aan bij de heer De Kroon en is tegen de motie van de FNP. Wethalder Van der Meulen: Men kan de motie zo niet uitvoeren. Leeuwarden heeft een andere winkeltijdenverordening, die meer bevoegdheden geeft aan het college van Leeuwarden voor aanvullende vrijstellingen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2017 | | pagina 16