Amaryllis schijnt het met hetzelfde budget in 2018 te moeten doen wat ook beschikbaar is/was voor 2017 terwijl er door de herindeling nog al wat klanten bijkomen. Ik neem aan dat het college dit heeft besproken met het college in Leeuwarden. Kan het college even in hoofdlijnen aangeven wat deze gesprekken hebben opgeleverd? Wethalder Vos: len meiwurker fan Amaryllis is no wurksum yn it gebietsteam. It nije tiim komt yn desimber yn de ferboude Skalm. De oerdracht kin sa goed regele wurde. Hy wiist derop dat Amaryllis taken ütfiert dy't troch de gemeente opdroegen wurde. Hy is fansels net sa bliid mei de oankundige besunigings fan de gemeente Ljouwert. De nije ried sil dêr aksje op ündernimme moatte. Op 30 novimber op de BOT-sesje kin men noch op details yngean. De hear Tigchelaar (CDA): Komt it team begjin desimber? En kin de wethalder no al sizze dat de Skalm ferboud wurde sil, foardat dêr in beslüt oer nommen is troch de ried? De hear De Haan (GBL): Dus niet alle medewerkers van het gebiedsteam gaan over naar Amaryllis. Wat is de reden daarvan? En wat gebeurt er met deze mensen? De hear Tuininga (FNP): Hy hat heard dat hast alle meiwurkers fan it gebietsteam net by Amaryllis oan de slach koenen omdat se dêr net goed pasten. Dat is spitich, want sa giet der in protte kunde ferlern. Tinkt de wethalder dat it goed komt mei de 300 petearen dy't yn desimber noch plakfine moatte? De hear Pot (WD): De wethouder is wat te voortvarend door al van een verbouwing uit te gaan. Wethalder Vos: Mea culpa datoangeande. It tiim sil yn de le of 2e wike fan desimber oan de slach. Tusken septimber en no is de earder troch him taljochte situaasje fan it gebietsteam feroare. It eardere team is der al langer net mear (sünt augustus) en dat hat er doe ek al meidield. Alle minsken dy't sünt septimber wurkje foar it gebietsteam wurkje, hawwe in kontrakt oant en mei 31 desimber 2017. Sa kin er de petearen ek ferantwurdzje. De hear Tigchelaar (CDA): Hat de wethalder der fertrouwen yn dat it mei de oerdracht goed komt? De hear De Haan (GBL): In BOT-sesje is net iepenbier en dat is yn dit gefal tige spitich. De boargers moatte witte kinne hoe't it mei it gebietsteam sit. De hear Tuininga (FNP): Komt dat echt wol klear mei dy 300 petearen foar 1 jannewaris mei Amaryllis? Wethalder Vos: Syn antwurd op de fraach fan de hear Tigchelaar is ja. Omdat er in goed oersicht hat fan de relaasje tusken de tsjinst yn Frjentsjer en Ljouwert. Formeel hat de hear De Haan gelyk mei syn opmerking oer de BOT-sesje. Mar yn it iepenbier hat er ek al ynformaasje jün oer it gebietsteam. Wêr komt dat eksakte oantal fan 300 wei? De foarsitter: Hij sluit de discussie. Het punt zal zeker nog terugkomen. 5. Fêststellen ferslach fan 19 oktober 2017 De foarsitter: Het verslag wordt zonder wijziging goedgekeurd en vastgesteld. Ynformearjend ünderdiel 4

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2017 | | pagina 4