nog wel een andere richting uit kan, ook in die zin, dat dan het ontworpen pleintje nog wel het middelpunt kan blijven van het dorp. Wij zien dit dus als een eer ste stap en als het blijkt, dat dit wil groeien, dan zal het Gemeentebestuur stellig er aan meewerken deze groei in een verder, groter, uitbreidingsplan op te vangen. De heer Bootsma wijst er op, dat bij groei van de dorpen uiteraard plaats moet zijn voor sportterreinen en dorpshuizen. Zo zien wij het ook en wanneer men de plannetjes in details bekijkt, dan blijkt ook wel, dat daar ruimte voor gehouden of gedacht is. De heer Kamstra heb ik eigenlijk hiermee ook al beantwoord. Hij heeft eveneens waardering voor het plan en zou ook wensen, dat de realisering ter hand genomen wordt. Wij hopen, dat het ook hier, zoals bij praktisch alle grondverwerving in de stad, zal mogen gelukken, zonder feitelijke onteigening de gronden in handen te krijgen. En hwat de fraech fan de hear Jongbloed oangiet, hy hat der de oandacht op fêstige, dat der yn it plan net al to folie romte is foar parkearjen. Ik haw, doe't ik de hear Bootsma biantwurde, der al hwat fan sein. Wy hawwe yn dit plan in kompromis sykje moatten tusken de kosten fan de strjitte-oanliz, de forhurding en oare bilangen en doe kaem der, as gewoanlik, üt, dat de strjitten 5 meter breed binne. As in strjitte 5 meter breed is en it is in wenstrjitte, dan kin der oan de iene kant in auto stean en oan de oare kant noch wol in auto passearje. Mar mocht it blike, dat dat yn de takomst net mear foldwaende is en yn de fiere ta- komst yn sa'n wolfarrend plak as Wytgaerd per hüs miskien hast twa auto's foar de doar stean moatte, dan sille wy dus in ütwei sykje moatte en dan sille der yndied parkearstroken oanlein wurde moatte tus ken de strjitte en de huzen. Ik leau ek wol, dat dy mooglikheit der noch yn sit. Hiermee kan ik, geloof ik, volstaan. Ik dank de Raad voor de geuite waardering voor dit plannetje, dat ook naar mijn mening goed geslaagd is. Z.h.st. wordt besloten overeenkomstig het voorstel van B. en W. Punt 36 (bijlage no. 375). De hear BoomgaardtWy hawwe üs by dit plan, dat ek yn üs fraksje alle wurdearring krige hat, öf- frege, oft yn Lekkum net mear mooglikheit bean wurde moast om huzen apart to bouwen. Dat hat dan dizze eftergroun. dat men yn plakken as Lekkum en oare doarpen, ek yn üs Gemeente, gauris guon hat, dy't partikulier in eigen hüs, in iengesinswent, bouwe wolle. Dy mooglikheit sit der yn it plan Lekkum, hwer't noch- al hwat blokjes steane, nei myn ynsjen minder goed yn as yn it plan Wytgaerd. Dêrom myn opmerking by dit punt. In oar punt: Sjocht men yn it Kolleezje en dus yn it algemien yn dizze Rie, sa soe ik it wol stelle wolle, gjin mooglikheit, dat men yn Lekkum in bungalow- öfdieling makket, in plak dus reservearret om bun galows to bouwen? Dêr soe ik wer oan fêstheakje wolle, oft dit plan foar Lekkum wol genöch perspektiven iepenet. Wy sjogge om üs hinne it slimste 3m Tietsjerksteradiel dat gans min- sken dy't har wurk yn Ljouwert hawwe, komme to wen jen yn Hurdegaryp en Tietsjerk. Ik gun dat Tietsjerksteradiel fan herten en ik bin fan miening, dat konkurrinsje ek op dat punt soun is, mar dat moat üs dochs hwat to sizzen hawwe, hwant ik leau, dat wy hjir yn Lekkum in tige goede mooglikheit hawwe om minsken to bergjen. Mar dan moat der mear yn Lekkum dien wurde as yn dit plan opnommen is. Ik wol dus graech op myn fragen in antwurd hawwe, mar yn de troch my neamde mooglikheit soe bitrutsen wurde moatte in goede forbiningswei fan Ljouwert nei Lekkum mei in goed fytspaed derneist. Panüt de Ge meente moat systematysk bifoardere wurde, dat der fan Lekkum hwat makke wurdt. Dit plan mei in earste stap wêze yn dy rjochting, mar ik leau, dat dizze stap fiersten to lyts is. My tinkt, wy moatte de saek fan Lekkum bislist oars bisjen en ek oars oanpakke as yn dit plan suggerearre wurdt. De heer Van Balen Walter: Ik zou mij bij de ge- dachtengang van de heer Boomgaardt wel willen aan sluiten. Ik geloof ook, dat Lekkum, in deze situatie, bij Leeuwarden ongetwijfeld grote mogelijkheden heeft voor een forensenbevolking en in elk geval ook voor de bouw, zoals hij dat denkt, van bungalows, even tueel ook van vrijstaande woningen, ik heb dit plan, dat wij hier op het ogenblik in behandeling hebben, zeer toegejuicht, omdat ik het als begin, als plan om de dorpskern Lekkum te behouden en eigenlijk te ver fraaien, zeer geslaagd vind. Ik meen, dat Openbare Werken voor het ontwerpen toch ongetwijfeld een woord van waardering toekomt. De hear Santema: Ek fan üs kant bistiet wurdear ring foar dit plan. In persoanlike opmerking soe ik noch meitsje wolle by it bistudearjen hjirfan; nei myn smaek komt der eigentlik noch hwat to min grien yn dit plan foar, bynammen as wy aensen en dan slüt. ik my fan herten oan by hwat de hear Boomgaardt sein hat der yn Lekkum in bungalow-park of -doarp apart by krije sille. Dan sille wy dy grienstrook na- tuerlik net forwaerloazje moatte. Alhoewol it punt Wytgaerd al öfroun is, woe ik der dochs ek noch wol op wize, dat de mooglikheden foar Wytgaerd om in gaedlik forensedoarp to wurden like great binne as foar Lekkum. Beide gedachten fan de hear Boomgaardt soe ik dus wol ünderskriuwe en yn it omtinken fan B. en W. jaen wolle. De hear Van der Schaaf (weth.): De hear Boom gaardt hat nei foaren brocht in gedachte, dy't om him- sels tige it oertinken wurdich is, t.w.: Soe nou Lekkum net in geskikt en gaedlik plak wêze om dêr in rommc gelegenheit foar bungalow-bou to meitsjen Ik wie bitreklik al in bytsje bliid, dat dat krekt by Wytgaerd net sa sterk nei foaren brocht is, mar ik forwachtsje wol, dat, as wy hjir noch ris in kear foar Wurdum komme, dan de gedachte om ek fan Wurdum in fo rensedoarp en in bungalow-doarp to meitsjen wol nei foaren komme sil. En it soe my net forwünderje, as dat ek foar Goutum it gefal wêze soe. Nou moatte wy natuerlik wol efkes, as wy hjirmei dwaende binne, il gehiel oersjen en dan mei ik der op wize, dat wy yn it ütwreidingsplan fan üs stêd en dan spesiael op it plak yn Ljouwert-süd, dat de hear Santema Huzum neamt, ek in bungalow-park hawwe en dat ek yn it plan-Ielan by de detaillearring tocht wurdt oan stik ken dy't ütjown wurde sille foar bungalows. Dat is natuerlik allegearre hiel moai, mar as wy de fraech nei bungalows yn Ljouwert op inkelde plakken, lyk as by ,,De Bontekoe", yn 't Nijlan en straks yn 't Ielên yn oanmerking nimme, dat kinne wy, hwat it stêds- diel bitreft, noch wol efkes foarüt. It kin wol wêze, dat dy plakken ek binnenkoart ris fol rinne, mar yn elts gefal kin men noch net sizze, dat dy terreinen al ütjown binne. As wy sizze: Nou moat der yn Lekkum ek in bungalowdoarp komme en aensen yn Wurdum ek noch ien, dan moatte wy natuerlik wol in kear de fraech stelle: Hoe fier giet kwantitatyf dy bihoefte oan bungalows? En dan moat men jin der ek net op fors jen, hwant yn Hurdegaryp binne se ek al net sa botte bungalow-eftich en it bungalow-doarpke Woel- wyk is bitreklik noch hiel lyts. Men moat dus wol yn it each halde, dat it idé om by Lekkum, Wytgaerd ensfh. bungalow-doarpen to meitsjen, hiel oantreklik is, mar dat de fraech nei bungalows ek noch mar bi- heind is. Mar der komt noch hwat by. De bungalow bouwer yn Tietsjerk dy't bern hat dy't yn Ljouwert nei de middelbere skoalle moatte, hellet him wol greate swierrichheden op 'e hals, hwant de forbiningen fan de bungalow-plakken yn de stêd: Huzum, pardon Ljou wert-süd, en, 't Ielan, mei de middelbere skoallen binne folie en folie gunstiger as fan Woelwyk ensfh. Dus foar de biwenning fan bungalows yn de doarpen is mar in bitreklik lytse kategory leafhawwers en fan dy kate- gory bliuwt ek noch mar wer in fraksje oer, hwant in diel, mei bern, dy't nei middelbere skoallen gean, fait üt. Dat nimt net wei, dat wy dus wol de gedachte, sa't dy hjir nei foaren komt, yn bitinken nimme wolle. Mar yn al to greate massa's sille de bungalows net boud wurde moatte, tinkt my. Dêrom siz ik nou ek wer fan Lekkum hwat ik niis sein haw fan Wytgaerd: It liket my ta, dat wy hjir nou in plantsje hawwe, dat yn syn opset geef en soun en goed is. En hwannear't blykt, dat men de fuotten ünder it gat krijt en dat it plan wier oanslacht, dan is it de tiid om fierder to sjen, hwant wy hawwe der ek neat oan hjir in üt- wrydsk plan op to setten, dat letter blykt dochs neat to wurden. Ik sjoch it leaver, sa't it nou presintearre wurdt: in plan, dat alle mooglikheden yn hat, dat fan konstruksje en opset bipaeld goed is en foar fierdere ütwreiding fetber. Ik bin it mei de hear Van Balen Walter iens, dat wy wier wol gelokkich wêze kinne mei dit produkt fan üs eigen tsjinst. Ik leau, dat dat de üntjowing is dy't wy hjir foar eagen hawwe moatte, hwant dan forfalle wy net yn ütwrydske dingen en dochs sil it blike, dat wy, as de tendins en de mooglik heden der binne om ta bungalow-bou to kommen, dy dan ek opfange kinne yn dit plan-Lekkum. Dat soe ik der fan sizze wolle. De hear Boomgaardt: Twa opmerkingen. De earste is dizze: It bigjin fan hwat ik niis opmurken ha, gyng oer partikuliere bou fan aparte wenningen. Dat wie by my de haedsaek. En dêr is de Wethalder net op kommen. In twadde opmerking is, dat de Wethalder bisocht de kwestje fan de bungalow-bou in bytsje to ridikuli- searjen troch Wytgaerd, Goutum en Wurdum der by to heljen. Ik haw mei opsetsin wachte, oant Lekkum oan 'e oarder wie om oer bungalows to praten. Oars hie ik it by it ütwreidingsplan-Wytgaerd wol dwaen kinnen. Foar myn gefoel is it sa: Lekkum leit dêr yn 'e hoeke fan de rekréaesje, al hoe't dan de rekréaesje- looglikheden dêrre, hwerfan sein wurdt, dat se oan dy kant biheind bliuwe sille, ek yn diskusje wêze meije. Lekkum lykwols leit de kant üt fan de Walden en men hat it wetter oan dy kant. Dêrom leau ik, dat, as it giet om bungalow-bou, men net prate moat oer Wurdum en sahwathinne, mar dat men yn it foarste plak Lekkum neame moat. De heer Bootsma: Het dispuut over de bungalow- bouw en alles wat daarmee samenhangt ontlokt mij toch eigenlijk wel de opmerking, dat men tegenwoordig aan de woorden bungalow-bouw en bungalow-dorp een te grootse allure wil geven. Men zou dit plan min of meer een reconstructie van de dorpskern kunnen noe men, maar bij verdere uitbreidingsplannen voor Lek kum zou speciaal aandacht geschonken moeten worden aan de niet zo grote zelfstandige woon-eenheden, de eengezinswoningen met een lapje grond, wat toch in zekere zin de oorsprong van de bungalow-bouw is. Die mogelijkheid, waarvoor ik graag een lans zou willen breken, ligt nog niet helemaal in dit plannetje besloten. Wat men tegenwoordig onder bungalows rangschikt en waarvoor meestentijds alleen de mogelijkheid open is, zijn eigenlijk geen bungalows meer, maar landhuizen. Die zijn voor een groot deel van de burgerij niet be taalbaar en daar zal dan ook een vrij beperkte vraag naar zijn. Maar wanneer een toekomstig uitbreidings plan voor Lekkum de mogelijkheid schept van niet te grote eengezinswoningen, dan zal daar, geloof ik, wel een behoorlijke levenskans in zitten. De hear Santema: Ik haw gjin antwurd fan de Wethalder krigen oer de gedachte, dat neffens myn ynsjoch noch to min foar grien soarge is yn it nije ütv/reidingsplan. Fierder kin men fan miening for- skille oei' de üntjowing fan it forkear nei de doarpen om Ljouwert hinne. Ik foar my leau, dat der yndied in tiid komme sil, dat wy de flats fan trije-, fjouwer- en fiif-heech wol graech ris wer forlitte wolle foar in ien- faldige iengesinswent. De hear Bootsma seit: Men moat it net in bungalow neame, mar in lanhüske (De hear Bootsma: Oarsom!) en men kin ek in iengesins went dêründer biflappe. Ik leau, dat wy yndied yn de takomst dy forensetrek nei de doarpen yn 'e omkriten noch wer yn forsterke mjitte werom fine sille. Hwat dat oanbilanget, kinne wy dus, as wy in ütwreidings plan gearstalle ek foar de doarpen om Ljouwert hinne, nea to folie rekken halde mei de mooglikheden, dy't der yn sitte en as sadanich kin ik dochs ek wol efter it ütstel en de miening fan dy Riedsleden stean, dy't sein hawwe, dat yndied de bungalows der net oan ünt- brekke meije. En ik leau ek, dat Jo yndied niis net de saek ridikulisearje woenen, doe't Jo dêr de oare doar pen ek al by neamden, hwant dy komme der like goed foar yn oanmerking as it doarp Lekkum, dat optheden oan 'e oarder is. De heer Klijnstra: Ik ondersteun gaarne hetgeen de heer Bootsma heeft gezegd. Het verwondert mij, dat de bungalow-bouw nog zoveel ondersteuning krqgt in deze Raad. Ik kan mij niet voorstellen, dat er wer kelijk zoveel mensen zijn, die het geld er voor over hebben een bungalow hier in de buurt van Leeuwarden te laten bouwen. We hebben het zo heel veel over de industrie hier gehad en wij hebben van een directeur van een groot bedrijf hier in Leeuwarden gehoord, dat de meeste mutaties plaats hadden bij het personeel, dat buiten de gemeente woont. De industrie heeft er dus alleen maar belang bij het personeel binnen deze gemeente te laten wonen. Daarvoor moet, meen ik, het Gemeentebestuur alle medewerking verlenen en mij dunkt zo, dat ook in Lekkum wel mogelijkheden bestaan voor het laten verrijzen van huizen, die voor deze arbeidende bevolking dat zijn wij bijna allemaal zo we hier zitten, tenminste zo beschouw ik het in aanmerking komen. Ik geloof, dat we het eigenlijk meer in deze richting moeten zoeken. Hoe deze wo ningen gebouwd zullen worden, is misschien een kwestie van latere zorg. Persoonlek voel ik ook heel veel voor eengezinswoningen en niet voor de torenflats, die we hier wel eens besproken hebben, al klinkt dat minder modern misschien, als ik in deze geest spreek. Overi gens ben ik het wel geheel eens met wat de heer Bootsma heeft gezegd. De hear Van der Schaaf (weth.): Ik haw yn earste ynstansje my hwat to folie gean litten op myn eigen gedachtegong en in bytsje to min oan de konkrete fragen dy't steld binne, oandacht skonken, hwant de hear Boomgaardt hat gelyk: Ik bin net torjochte kom men op it feit, dat der yn Lekkum net sa'n great oan- tal apart steande nuzen mooglik is. De hear Boom gaardt seit: „Yn tsjinstelling mei Wytgaerd", hwant dêr binne mear mooglikheden. Ik kin him dat wol tajaen. As men de oantallen telt en hwat sil men mei in oan tal eigentlik oars as telle dan komt yn died it feit nei foaren, dat der foar dy bihoefte yn Lekkum hwat minder is. En it is dan goed, dat de hear Boomgaardt dêr efkes de oandacht op fêstiget, hwant it blykt my ek wol üt de praktyk, dat yn de doarpen nochal ris de fraech nei foaren komt om in frijsteand hüs bouwe to meijen. Men moat dêr ek wer net to great oer tinke, hwant dat bart net eltse wike en hast net elts jier miskien, mar de mooglikheit moat der wêze en dêr haw ik bipaeld each foar. Ik wol de hear Boomgaardt en de riedsleden dy't dêr fier der op oandrongen hawwe, wol sizze, dat ik dit ek by de üntjowing en it gesprek oer dizze plannen, dy't yn de Rie komme, wol nei foaren bring. De hear Boomgaardt hat it ek noch hawn oer de for- bining tusken de stêd en Lekkum. En dy forbining de oare riedsleden hawwe yn oar forban der ek wol ris oer praet kin wol better. De swierrichheit is, dat de forbettering fan de Lekkumerdyk bistean moat yn in forbreding en dy forbreding sil perfoarst mei- bringe, dat oan ien kant de sleatten ticht moatte. Dat is in hiel kostbere saek. Uteraerd kin men de kosten fan it oanlizzen fan de strjitten yn it plan op de groun forhelje, mar de kosten fan sa'n forbining tusken de stêd en it doarp en de forbettering dêrfan kinne dei- net op forhelle wurde, sadat de finansiering dêrfan wol in swierrichheit is. Nettsjinsteande dat is it Ge- meentebistjür der eigentlik wol fan oertsjüge, dat de forbining tusken Ljouwert en Lekkum en fierder it rekréaesjegebiet dat efter Lekkum leit, wol for for bettering yn oanmerking komt. De hear Santema hie 't der oer der moast hwat mear grien yn dat plan. Lek kum is natuerlik grien genóch; dêr binne wy it wol oer iens. Men hat dêr in massa grien en nou hinget it der mar fan öf, hoe poétysk men ynsteld is. Hwant de griene greide oan de fiere kym ta, is in enoarme grien- flakte en nou büten gekheit der giet in sterke rekréative wurking fan üt. Nou kin men sizze: Wy wolle der „smük-skaedzjend beamtegrien" yn sette, mar dat skeadet wer hwat oars. As men sa'n doarpke öfslüt mei grien, dan hat dat bipaelde foardielen, it jowt byg. hwat lijte, mar it bilemmeret it ütsjoch op de

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Notulen) | 1961 | | pagina 4