j Op 8 maart 1962. "Otr 41 Aanwezig: 36 leden. Afwezig: In de middagvergadering de heer Ir. van fealen Walter, in de avondvergadering de heer Taylor parkins. Voorzitter: de heer Mr. A. A. M. van der Meulen, gemeester. De Voorzitter: Ik heropen deze vergadering en stel [kan de orde de herstemming over de motie, ingediend Hoor mevrouw Ringenaldus-v. d. Wal en de heer gSpiekhout. I De motie wordt aangenomen met 19 tegen 17 stern en. (Tegen stemden de heren Pols, K. J. de Jong, :idinga, Balt, Taylor Parkins, Mr. van der Schaaf, iTongbloed, Bosgraaf, Kamstra, Jellema, Mr. van der yeen, Santema, Boomgaardt, mevr. Heijmeijer-Croon [en de heren Engels, Dr. Hoekstra en Van der Heijde.) Aan de orde is de begroting van het Openbaar Slachthuis. De hear Hartstra: It is net de earste kear, dat hjir [oer de tastan fan it Slachthüs praten wurdt en wy jbinne derfan oertsjüge, dat it gebou op it eagenblik jneedsaeklik forbettere wurde moat. Der binne inkelde poroaringen makke. De kantine is byg. forbettere en yn nindere mjitte sil it koelhüs ek foldwaen oan de eas- jken, mar yn it algemien kin men dochs sizze, dat it iyn in aldermiserabelst alderwetske en ünhygiényske ;astan forkeart. De slachthüsromte kin men bislist [drövich neame en men kin jin perfoarst net yntinke, 'dat in gemeente fan in allure as Ljouwert sa'n minne (ynrjochting hat. Yn de ynstelling binne yntusken sa foar en nei inkelde foroaringen oanbrocht, mar it iheech nedige is efter bleaun. De detailhannel wurdt oan [hannen en fuotten boun oan foarskriften foar in sa hygiénysk mooglike bihanneling van it fleisk, mar it Iskynt, dat it slachthüs dêr büten fait. Ljouwert wol Igraech in forsoargingssintrum wurde foar de omkriten >en leafst ek foar de fiere omkriten, mar lit üs der wol om tinke, dat wy net in forsoargingssintrum wurde [foar minder goede dingen. De lieningsskuld fan it Slachthüs is fan 31 desimber 1958 ta 31 desimber 1962 oproun fan f 180.500,ta f 263.185,de boekwearde fan 31 desimber 1958 ta 31 desimber 1962 fan f 178.586,ta rom f 260.000, Dat sil rekkenkundich wel yn oarder wêze. Mar as men de alderwetske gebouwen sjocht, dan twivelet men wol oan de wurklike wearde. Derom binne wy it ek net iens mei it andert fan B. en W., dat men de winst, eartiids troch dit bidriuw makke, net reser- vearre hat. Better hie it neffens my west, dat men mei de winsten forsterke öflossing tapast hie. En dan woe ik noch efkes wize op de slachthüs- rjochten. Ik kin my eigentlik net bigripe, werom B. en W. net earder en nou noch net kommen binne mei in ütstel ta forheging fan de slachthüsrjochten om dêrmei in sekere reserve to kweken. Ik fyn, dat men dêr net mei wachtsje moat. Hwant as wy alris in bet- tere ynrjochting krije, dan sille dy slachthüsrjochten dochs nea sa heech wurde kinne, dat it bidriuw ren dabel makke wurde kin. En dan soe ik ek noch efkes de oandacht freegje wolle foar it praktyklokael fan de slachtersfakskoalle; yn dy romte kin neffens my gjin goed ünderwiis jown wurde. Dit alles is nou eigentlik net in forwyt oan B. en W. allinnich; wy as Rie haw- we ek alle jierren dizze bigreating goedkard. Ik hoop je, dat èn B. en W. èn Rie mei de jonge direkteur yn de neiste takomst fan it Slachthüs in hygiénysk en nijmoaderich gehiel meitsje sille. De hear Santema: As lid fan de kommisje hwerün- der it lepenbiere Slachthüs ressortearret, haw ik mei greate nocht heard nei hwat de hear Hartstra hjir nei foaren brocht hat en ik kin my der ek fan herten by oanslute. By it lézen fan de Mem.f.A. haw ik ünder it antwurd fan B. en W. dan ek it folgjende pleatst: O, o. (Laitsjen) De hear Pols (weth.)De hear Hartstra hat forteld, hoe't it Slachthüs derüt sjocht en dêr bin ik eigentlik bliid om. Hy hat alteast noch ris sjoen, hoe't it dêr is, hwant ik haw oer it algemien sa it gefoel, dat üs kom misje fan bystan net gau nei it Slachthüs to krijen is. Ik haw forline jier de hearen ütnoege ris mei my en üs nije direkteur de saek to bisjen, mar der wie o sa'n lyts bytsje bilangstelling. Nou is dat op himsels ek net sa'n wünder; ik bin dêr ek net in greate held, mar men moat der dan dochs ris hinne. Dat wy it graech oars hawwe wolle, blykt üt it feit, dat de nije direkteur al tige fier is mei de plannen. Ik hoopje, dat it ek net al to lang mear duorret, dat wy dizze plannen yn 'e Rie krije, al wol ik direkt wol efkes warskögje, dat it nochal hwat sinten kostje sil, en dat de tiid, dat it Slachthüs sahwat üt kin, dan foarby is. De hear Hartstra seit, dat it dêr nou sa min ütsjocht. Mar de minsken fan de tsjinst foar de folkssounens komme der ek geregeld en dy hawwe wol ris in oan- merking, mar fan alle kanten wurdt der war dien om ien en oar dochs noch sa goed mooglik to dwaen, hwat de folkssounens bitreft. Ik wol der lykwols direkt by sizze, dat wy natuerlik graech stribje nei in modern slachthüs. De hear Hartstra seit fierder: Wurdt it nou net tiid, dat wy de tariven ris hwat forheegje Nou kloppet dat fansels net hielendal mei hwat er earst forteld hat. Hwant hy wol hwat „forkeapje", dat der min en bi- roerd ütsjocht en hy wol dan tagelyk mear jild heffe, omdat hy ünthjitte wol, dat it yn de takomst better wurdt. Der is in ütstel ta forheging fan de tariven yn ta rissing, hwer't wy ynkoarten mei by de Rie komme sille, mar dan moat ek de forbouwing yn it sicht wêze. Soe men earder reservearre moatten hawwe Ik leau, dat dat altyd hiel lêstich is, foaral by in oerheits- bidriuw. It iene bidriuw is natuerlik folie gefoeliger as it oare. It Energybidriuw byg. hat, hwat de öfdieling gas bitreft, praktysk gjin reserve en is dochs mei de hiele ynstallaesje en de hiele technyske ynstelling folie gefoeliger as it Slachthüs. Ik leau, dat wy, as wy yn it Slachthüs aensen op'en nij ynvestearje moatte ik wol it de hear Hartstra wol tasizze dat ek noch net oer in al to lange tiid ófskriuwe moatte, hwant ek op dit gebiet stiet de tiid net stil. En it is de fraech, oft wy mei de moderne middels fan hjoed-de-dei nei in tiidrek fan 25 jier noch in gemeentlik slachthüs nedich hawwe. Dat binne allegearre dingen foar de takomst. Foar it iene bidriuw moat men reservearje, mar foar it oare bidriuw is it net sa nedich. Dêr is alles sa tech- nysk net en dan kin men wol folstean mei dêrfoar ris to lienen. Nou is it ek wer sa, dat trochdat yn de 30 jier dat it Slachthüs nou draeit, der net reservearre is, der op dit momint gjin jild is, sadat it miskien yn de takomst wol oars moat. Hwat de slachtersfakskoalle bitreft, dy forbettering wachtet eigentlik ek wol hwat op de forbouwing. Wy hawwe al in pear kear in bisprekking hawn mei de minsken fan dizze skoalle en ik leau wol, dat men harren nei de forbouwing in better Onderdak jaen kin. De hear Santema hat him by de wurden fan de hear Hartstra oansluten, sadat dy hjirmei ek al in antwurd krige hat. Ta bislüt woe ik noch sizze, dat wy de léste jierren de kantine, hwer't de minsken ek tahalde moatte, dochs wurklik wol moai moderniverre hawwe en dat wy de kantoarromten foar de direkteur, foar de kar- masters en ek foar it administrative personiel, dy't ek wol hiel slim „efterrounen", nou foar it greatste diel klear hawwe. Wy sille lykwols yn de takomst noch wol ris in birop op de Rie dwaen moatte om dêr ta in ütwreiding to kommen, ek omdat wy der noch in nije karmaster by krige hawwe. De hear Hartstra: Neffens de Wethalder soe ik sein hawwe, dat it in biroerd produkt wie, dat üt it Slacht hüs komt, mar dat haw ik net sein. Ik haw allinnich mar opmurken, dat it lêstich is om dêr in goed produkt to halden, net om it dêr fandinne to krijen. De hear Santema: Nei oanlieding noch fan hwat de Wethalder sei dêr't ik him foar tankje, en ek foar de tasizzing dy't hy dien hat moat ik dochs wol op-

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Notulen) | 1962 | | pagina 21