12 lan farre, hawwe n.l. in hichte boppe wetter fan 2 m oant 2.20 m en 35% fan 2.20 oant 2.40 m boppe wet ter. Foar dizze greatste kategoary motorboaten is de takomstige hichte fan de brêge to lyts. Dat is foar de Bonke, dy't as forbining tusken de Dokkumer Ie en it noardlik stêdsdiel oan de iene kant en de Greate Wielen, dêr't de Gemeente it saneamde Griene Stjer- plan üntwikkelje sil. en fierder ek it wettersportgebiet fierderop yn üs provinsje oan de oare kant, nei myn bitinken net akseptabel. Ik soe dêrom graech in hichte fan 2.65 m plus Frysk Simmerpeil sjen. Dat is in mjitte, dy't men yn provinsiael forban ek oanhaldt foar fêste brêgen oer rekréatyf bilangrike fearten en dy't dizze Gemeente torjochte ek oanhalden hat foar de brêge oer it Aid Diel yn it fytspaed nei de Lytse Wielen ta. Ik so it ynkonsekwint achtsje, as men nou in legere hichte oanhaldt. It is my bikend, dat der forline jier in bislüt nommen is om de brêge westliker oer de Bonke, tichteby Snakkerbuorren dus, ek op in hichte to bringen fan 2.15 m plus Frysk Simmerpeil. It seit himsels, dat ik dêr itselde biswier tsjin ha. Formeel is dy brêge net oan de oarder ik wit dat mar ik kin der net foarwei en neam dit, hwant de iene brêge al heger meitsje en de oare net, jowt fan- seis neat. Ta bislüt dizze fraech: Hoe tinkt men him de re geling fan it forkear, as strak dit wurk ütfierd wurdt? Moat it byg. by Gietsjerk om of kin men, al is it dan bihelpen, de bisteande wei folgjen bliuwe Dizze fraech knypt bynammen as de nije brêge oar de Bonke lein wurdt. De hear BoomgaardtIk woe wol efkes hearre, hoe't it Kolleezje de kwestje fan it fytspaed sjocht, hweroer de hear Tjerkstra, mei himsels pratende, ta de konklüzje komt, dat it der net wêze moat. By my lit it wol efkes de fraech iepen, oft it dochs net effi- siënt wêze soe wol in fytspaed hjir by yn to bouwen. De kwestje fan it oankeapjen fan de grounstroken soe ik hwat algemiener stelle wolle. It oankeapjen fan grounstroken komt aensen by it punt fan de Stienser- dyk ek wer oan de oarder en yn dat forban soe ik dochs wol freegje wolle: Is it net tiid, dat it Kolleezje him dochs goed biriedt oer de oankeapkwestjes Der leit in öfgryslik soad. Ik ha wol bigrepen, dat der hiel hwat mei to dwaen is en dêrom is ek al üs Rotter- damske kommisje ynskeakele. Hoe leit dat by it Kol leezje? Kin it hjir hwat koart op yngean? Mar is der noch net in tredde mooglikheit, n.l., dat men minsken, dy't hjir yn de stêd wenje, mear systematysk bihellet by it oankeapbilied oangeande dit soart perselen? Ik tocht, dat de mooglikheden noch wol frij great wiene. En by ynformaesje hat my dat ek wol bliken dien. Ik soe it wol fan bilang achtsje, dat it Kolleezje dizze saek nochris goed neigong, omdat hjir dochs hiel greate en bilangrike kwestjes by spylje oangeande de fuort- gong fan it wurk, dat hjir dan programmearre wurdt troch Kolleezje en Rie. En in tredde punt: Sit it der by sa'n dyk as dizze net yn, dat men bydragen earne oars wei krijt? Wy krije prachtige ynfalswegen yn Ljouwert: de Grinzer- strjitwei en de dyk nei Marssum en ik tocht, dat dat kompleet op rykskosten gyng. Ik bigryp, dat de funk- sje fan dizze dyk hwat oars is as inkel dy fan in ryksdyk. Mar ik leau dochs, dat it yn it gehiel fan de forbiningen ek in algemien bilang hat, dat dizze dyk goed yn oarder is. As dit it saek wêze moat, dy't inkeld de Gemeente bitellet, dan soe ik dat dochs wolris fan it Kolleezje hearre wolle. Hawwe B. en W. fandatoan geande ynformaesjes en in bipaelde miening? De hear Klomp: It hat my deugd dien, dat de brêge oer de Bonke in pear sentimeter heger wurdt as de bisteande en dêr haw ik yn it riedsbrief efkes de notysje bymakke: „Better as Snits". Ik woe dan ek graech de suggestje fan de hear Tjerkstra ünder- streekje, dat de trochfearthichte, as it kin, noch he ger wurde moat. (De Foarsitter: Nou net to bot de hichte yn!) De hear Santema: Hwat de hear Tjerkstra sein hat oer de hichte fan de brêge is foar üs dochs ek wol in hiel bilangryk punt. Flaters lyk as dy yn Snits, dêr't de Easterdyksbrêge noch leger makke is as yn it bistek stie de hear Klomp hat it relevearre meije wy fan in oannimmer eigentlik net forwachtsjc. Yn alle gefallen de idé, dy't hjir foarsit, is hiel bi langryk. Wy stribje der nei, om byg. de Greate Wielen iderkearen better geskikt to meitsjen, ek foar de wet- tersport; en, as it moat, kinne dêr ek noch wedstriden op pleats fine. En as wy nou de tagongswei op dizze manear ünmooglik meitsje, dan snije wy üs seis yn 'e fingers en dat moat dochs net. De Foarsitter: Ik haw mei erkentlikheit kennis nommen fan de wurdearring fan de hear Tjerkstra. Der is hjoed krekt in rapport by B. en W. yn sirku- laesje kommen, dat in ütstel ynhaldt om op 2.65 m plus F.Z.P. oer to gean; de leden fan de Kommisje Iepenbiere Wurken hawwe wierskynlik foar moarn- tojoun in aginda thüs krige, hwer't dit punt noch apart op stiet. Ik hoopje, dat de Rie üs tastean wol, dit yn oerliz mei de Kommisje Iepenbiere Wurken (dit is altiten in tige goed oerliz) noch efkes to bisjen en de Rie fornimt noch wol, dat B. en W., as it moat, wol oant 2.65 m plus F.Z.P. ta gean doarre, seis yn it gefal fan de brêge, dy't de Rie al earder passearre is as dizze. Hwat it profyl fan dizze dyk oangiet, it stiet al yn it riedsbrief, dat it mooglik is de rydbaen letter noch hwat to forbreedzjen. Ik bin it mei de hear Tjerkstra iens, dat it net wenstich is it profyl yn to rjochtsjen mei in apart fytspaed. Ik leau, dat it better is, dat dizze dyk de funksje hat, dy't hy op it stuit ek hat, n.l. dy fan forbiningswei mei Lekkum en hwat der fierderop leit, de funksje fan plattelansforbiningswei. Dat is net denigrearjend bidoeld, hwant dat is op him sels in aerdich ding. It hat dan ek in eigen karakter, mar, soe it bliken dwaen, dat strak de forkearstichtens op dizze dyk dochs sa great is, dat de fytsers dêr noch in aparte baen hawwe moatte, dan sit dat der ek noch wol yn. Mar it liket my net nedich ta, sjoen de funksje dy't dizze dyk hat. Ik bin it mei de hear Tjerk stra iens, dat it fuotpaed hjirre folie wichtiger is op it stuit. De hear Tjerkstra hat ek noch frege, hoe't it komt mei de provisoaryske regeling, sadré as dizze dyk der ütgiet. Der is in ütstel fan de direkteur om in provi soaryske forbining to meitsjen, troch de Fam. Van der Weijstrjitte of dêromtrint, in tydlik bregje oer de Bonke, dat tocht my, wol op legere hichte oanhalden wurde kin. Mar as de dyk ré is, dan moatte de boatsjes dei' wer ündertroch kinne. Dit plan is nei foaren helle just op it eagenblik, dat it mooglik is hjir a.w.-subsidiearring foar to krijen; dertroch is oan it oankeapbilied op dit stuit noch net in soad dien. Ik bin it mei de hear Boomgaardt iens en it liket my foar de Rie ek in bifredigjende saek ta hwannear't it totale oankeapbilied ris in kear as hwat yn diskusje komt. Der binne alderhanne pun ten ek dizze aginda makket it wol wer düdlik dy't samar op de riedsaginda torjochte komme, sün- der dat de Rie yn de iene of de oare foarm hjir to- foaren ris oer kedize kin, los fan de saken seis. En ik wol wol tasizze, dat ik graech ré bin dit noch ris goed op papier to setten wy binne der ek al yntern mei dwaende en nei to gean, hoe't it bifredigjend regele wurde kin. Oft dat ynhaldt, dat der noch mear minsken by bitrutsen wurde moatte, wit ik net. Mar litte wy dy diskusje halde op it momint, dat we der ré foar binne; dan kinne wy der ek mei frucht oer prate. It komt der nou sa mar in bytsje by. Subsidiearring fan in oare kant as de a.w. is der ik kin it kategoarysk sizze net by. Dat hawwe wy trouwens mei gjin ien fan üs ynfalswegen hawn; dat is ek wol düdlik: it binne bisteande wegen, hwerfan de kapasiteit miskien net foldwaende en de kwaliteit min is, sadat se fornijd wurde moatte. Dêrfoar kin men gjin ynfrastruktuer- subsidiearring krije. Allinnich a.w.-subsidiearring is mooglik en wy hoopje, dat it üs slagget dy to krijen. Dit soart fan kosten drukke op de Gemeente. De Ge meente hat syn diken to ünderhalden en ek goed to ünderhalden en, sa nedich, hat hja de plicht se to for- nijen. De hear Tjerkstra: Tige foreard mei Jou antwurd, mar ik bin sa frij om Jou tasizzing, dat it Kolleezje wol nei 2.65 m ta wol, yn goed oerliz mei de Kom- 13 misje fan Iepenbiere Wurken, sa op to fetsjen, dat üt it twadde punt fan dit ütstel ek lézen wurde kin, dat de hichte fan de brêge frij is. En Jo hoege gjin noed to hawwen oer it wurd „plattelanner". Och, it hinget der op it lést fan öf, hoe fier Jo der seis boppe üt rikke. En dat is by my hast 2 m. (De Foarsitter: By my net in soad natuerlik.) (Gelach.) De heer Heidinga: Ik zou nog graag willen, dat het College zo spoedig mogelijk met de dienst eens uit rekende, of het mogelijk is de brug, die voor de Fam. Van der Weijstraat zal komen te liggen, dadelijk de finitief te maken; dan kan het verkeer over Snakker- buren gaan en dan kan later de weg daaraan toe ge maakt worden en zo De Voorzitter: Mag ik U vragen, mijnheer Heidin ga, dit morgenavond in de Commissie door te spreken, want de gedachten behoeven niet helemaal gelijklui dend te zijn. Ik heb ook wel andere klanken gehoord. Het lijkt me nuttig dit even in de Commissie te be spreken; ik hecht altijd bijzonder veel waarde aan het oordeel van de raadsleden die daarvan deel uitmaken; dat heeft U al eerder gemerkt. Z.h.st. wordt besloten overeenkomstig het voorstel van B. en W. Funt 15 (bijlage no. 35). De heer Fabor: Met het plan in zijn totaliteit gaan wij graag akkoord, maar wij maken ons toch enige zorgen over de kruising DammelaanValeriusstraat, m.n. wat betreft de twee vluchtheuvels in de Mr. P. J. Troelstraweg, die midden in de hoofdrijbaan gelegen zijn. Het schakelschema van de verkeerslichtinstallatie heeft mij na informatie bij Openbare Werken duidelijk gemaakt, dat de voetgangers op die in de hoofdi ijbaan liggende verkeersheuvels opgehouden kunnen worden, doordat men daar voor het licht moet wachten. Maar die verkeersheuvels zijn bijzonder smal, n.l. variërend van ongeveer 1.201.50 m ter plaatse van de zebra. En dat betekent, dat men er met de fiets aan de hand niet kan staan, want die steekt dan aan de ene of de andere kant of aan beide kanten over de rij weg, terwijl zich op die rijweg dus verkeer kan be vinden, zowel in de ene als in de andere richting. Dat onderdeel van het plan zou dan ook m.i. een wijziging behoeven en wel zodanig, dat de voetgangers daar echt veilig kunnen vertoeven, als de situatie hun op onthoud daar noodzakelijk maakt. De heer Weide: Wanneer treden de verkeerslich ten daar in werking? Ik geloof, dat de meest moge lijke spoed hierbij betracht moet worden. Ongevallen komen hier veelvuldig voor. De hear Boomgaardt: Op dy krusing moat op'en dür in greatere en bettere foarsjenning komme, in rotonde of sokssahwat. De tastan dêrre is ünmooglik. En as wy dit plan oannimme, dan lizze wy in situaesje fêst hwerfoar winliks in radikalere oplossing socht wurde moat. Ik soe der dus foar pleitsje wolle, dy al yn dit programma op to nimmen. It giet hjir om it greatste knelpunt yn dy wei. De Voorzitter: De heer Faber zou ik willen zeg gen, dat onder ogen wordt gezien, in hoeverre het plan nog aan dit punt kan worden aangepast. De verkeersinstallatie treedt in werking, als ze klaar is. Ik heb de indruk, dat het op een oortje na gevild is, maar of het nog een week duurt of vier dagen, weet ik uit het hoofd niet te zeggen, mijnheer Weide; ik kan daar wel naar informeren. Het enige wat ik op het ogenblik dus zelf heb gezien, is, dat het knipperlicht regelmatig functioneert. Ik bin it net iens mei de hear Boomgaardt, dat in rotonde de swicrrichheden oplosse soe. It is krekt oarsom; de kapasiteit fan in rotonde leit n.l. leger as fan in leadrjochte krusing mei forkearsljochten, binammen troch de foarsortcarringsfakken, mar ik forwachtsje, dat de Rie op 17 febrewaris oer de op- fettingen fandatoangeande noch wol neijer ynformearre wurde sil. De heer Faber: Ik ben van mening, dat het echt noodzakelijk is, dat daar de ruimte geschapen wordt, waar de voetgangers veilig kunnen staan. Kan ik de toezegging van U krijgen, dat, als aan de uitvoering wordt begonnen, de Raad nog eens inzage kan krij gen van de tekening van de te scheppen situatie? Is Uw antwoord aanstonds zodanig, dat ik eigenlijk nog niet precies weet, waar ik aan toe ben of het juist wèl weet, dan kom ik misschien nog met een voorstel. De Voorzitter: Als ik zeg, dat het plan op dit punt dezerzijds nog nader zal worden bezien en zonodig zal worden aangepast, dan zal het toch niet nodig zijn deze zaak opnieuw aan de Raad voor te leggen. (De heer Faber: Krijgen wij dan ook de tekeningen nog even ter inzage, wanneer het aan de uitvoering toe is?) Dat is een derde instantie, mijnheer Faber. Het lijkt me niet nodig, maar dat moet de Raad weten. Ik dacht, dat het College de Raad toch nooit zo ge- tracteerd heeft, dat onderdelen van dit soort plannen bij herhaling behandeld moeten worden. Z.h.st. wordt besloten overeenkomstig het voorstel van B. en W. Punten 16, 17 en 18 (bijlagen nos. 32, 44 en 22). Z.h.st. wordt besloten overeenkomstig de voorstellen van B. en W. Punt 19 (bijlage no. 43). De hear Miedema: Alhoewol ik persoanlik net in great foarstanner bin fan in bisündere neutrale skoalle, leau ik dochs, dat yn dit gefal dit skoaltype bipaelde foardielen jowt, sadat wy dus bliid wêze moatte, dat yn in doarp lykas Wytgaerd nou in mooglikheit komt foar beukeründerwiis. En wy moatte ek tankber wêze, dat de nije foriening in lokaliteit hat, hwer't hja starte kin. Ien fraech: Ik wit net, oft de Wethalder dêr in eksakt antwurd op jaen kin ik bin hast bang fan net mar ik wie dochs wol nijsgjirrich. Hoe lizze de kansen foar it stiftsjen fan in eigen skoalgebou foar dizze foriening? Sitte der reéle mooglikheden yn binnen in öfsjenbere tiid? Binne hjiroer ek neijere ynljochtings to jaen? De heer Ten Brug (weth.): Ik geloof, dat wij de voorkeur of wel de geringe voorkeur van de heer Miedema voor bijzonder neutraal of bijzonder niet neu traal onderwijs wel buiten beschouwing kunnen laten. De zaak waar het hier om gaat, is, dat de aanvraag van deze vereniging voldoet aan de eisen, die in de wet zijn gesteld, met dien verstande, dat niet kan wor den voldaan aan de in de wet gestelde eisen betref fende het aantal leerlingen. Daarvan heeft de Kroon ontheffing verleend en derhalve dient de gevraagde medewerking zo staat het ook in het voorstel te worden verleend. Nu doen wij dit voorstel niet contre coeur. Wij zijn bijzonder blij, dat het mogelijk is om in Wytgaard tot stichting van een kleuterschool te komen; dat is niet alleen van belang voor de betrok ken kinderen, maar ook voor het dorpsleven. De heer Miedema heeft bij de vraag, die hij daarna gesteld heeft, al het vermoeden uitgesproken, dat ik daar geen concreet antwoord op zou kunnen geven; dat is inderdaad waar. Wanneer een school moet wor den gesticht (mag worden gesticht zelfs in dit geval, gezien de ontheffing, die de Kroon verleent) zit daar in principe ook de mogelijkheid van een eigen gebouw in. Maar het is bijzonder moeilijk op het ogenblik de urgenties te verkrijgen voor kleuterscholen, dus dit kan wel even duren; ik kan er in dit opzicht echt niets van zeggen. Het is overigens een zaak van het schoolbestuur uiteraard. Z.h.st. wordt besloten overeenkomstig het voorstel van B. en W. Punt 20 (bijlage no. 40). De heer Rypstra: We zijn wel ingenomen met dit voorstel. We zijn blij, dat de ouders via deze school raad in de toekomst meer invloed kunnen doen gelden op de gang van zaken. Er blijven evenwel enkele vragen en opmerkingen. Ten eerste: Hoe geschiedt de benoeming van de ver tegenwoordigers der oudercommissie? Zou dit mis-

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Notulen) | 1967 | | pagina 7