rCjl f V 3 de bouw van een andere volière, acht het College het gerechtvaardigd deze volière in een zo redelijk mogelijke staat te brengen en daarvoor op deze begroting wat extra middelen op te voeren. Het is inderdaad de vraag of op deze plaats nieuwbouw wel gewenst is. Ik dacht, dat een nieuw te bouwen volière meer op haar plaats zou zijn in b.v. het gebied van het Rengerspark. M.n. bij de programmering van de voorzieningen voor dat gebied zou rekening kunnen worden gehouden met een naar moderne inzichten gebouwde volière. De hear Miedema: De wethalder hat sein: „Ik tocht, dat ik de hear Miedema wol hwat bifredige hie." Ja, wol hwat, mar der bliuwe dochs noch inkele fragen oer. Hwat dy forbiningsdyk tusken de dyk nei Drachten en de dyk nei Boalsert oangiet, ik sjoch dat sa: de Provinsje leit in dyk oan fan Boalsert nei Boksum en jowt dy dyk gjin oansluting op it stêdswegennet fan Ljouwert, hwat nei myn bitinken har taek wol wie. Se halde yn Boksum op en it effekt sil dus wêze, dat de lju dy't fan dy dyk komme of dy't dêrhinne wolle, twa mooglikheden hawwe: dy geane öf de bisteande Boksumerdyk del en dy ride se yn in jier yn pün öf se geane oer Ritsumasyl nei Marssum en beide kearen is it neat wurdich. Nou tocht ik, dat de Provinsje tige lokkich wie, dat de stêd Ljouwert mei it idé komt om dizze nije dyk oan to lizzen. En as de wethalder dan seit: Wy kinne dy dyk foar 95 pet. üt de ynfrastruktuerpot finansiere, dan siz ik: „Nou, dat liket der op." Mar wy hawwe in hiele list fan wurken, dy't op dy pot wachtsje, tocht ik, en myn fraech is dan ek: As wy dizze dyk in hege prioriteit jowe, moatte dan oare wurken yn üs stêd, dy't ek tige wichtich binne, dêrtroch wachtsje? En ik sjoch it dochs minoftomear sa, dat wy troch it oanlizzen fan dizze dyk de Provinsje in taek üt hannen nimme, dy't wy as Gemeente oernimme. En as yndied oare dingen yn de stêd dy't wy oars in hegere prioriteit jaen koene, dêrop wachtsje moatte, dan bitwivelje ik, oft dit in goede bislissing wêze soe. Neffens myn bitinken, hie de Provinsje de taek, as sy de dyk fan Boalsert oanleit, dy dyk fan Boksum óf in oansluting to jaen, sadat men dan ek yn de stêd komme kin. Dêrtsjinoer stiet, dat de Provinsje, dy't yn de earstkommende jierren in forbiningsdyk fan it krüspunt Himriksein nei Werp- sterhoek oanlizze soe, dy oanliz, doe't dizze plannen bikend waerden, in jier as tsien forskoud hat. Hja foun, dat hja dêr haest mei hie, omdat de gemeente Ljouwert de forbiningsdyk oanlei. En dan wol ik graech witte yn twadde ynstansje, oft nou byg. de Grienedyk (de Groeneweg^ wol ré makke wurde kin. Moat dy finansierd wurde üt de ynfrastruktuerpot of kinne wy dêrfoar earne oars subsydzje wei krije? As dizze dyk langer wachtsje moat, dan liket it my net in gunstich bislüt ta, as wy dy forbiningsdyk oanlizze. Hwat de ófsluting fan de Wergeasterdyk oangiet, stelt de Wethalder: Dêr komt in „landbouwweg" nei de Himriksein en dy dyk wurdt net folslein öfsluten, hwant men kin der om hinne. Mar de bineaming „landbouwweg" tsjut al oan, dat dat in wei spéciael foar de lanbou wurdt, dêr't uteraerd ek in net-lan- bouwer gebrük fan meitsje kin. Mar moatte de skoallebern en de rékreaesje-minsken üt de stêd dy „landbouwweg" brüke, dan bitsjut dat foar harren op syn minst in 2 km langere öfstan. Men moat hinne en werom fan de Wergeasterdyk nei de Himriksein. Dat is beide kearen 1 km. En ik bliuw dus by myn stelling, dat, as dy dyk oanlein wurdt, dêr dochs, as it mooglik is, in tunnel komme moat foar fytsers. Hwat de Goutumerdyk oangiet, stelt de Wethalder: De eksploitaesje fan dit plan wurdt net troch it Kolleezje fêst steld, mar dêr komme wy mei it yntsjinjen fan it plan mei yn de Ried. Mar ik bin fan bitinken, dat wy rêstich oannimme kinne, dat wy de kosten fan de rekonstruksje fan de Goutumerdyk dat is dus it stik fan de aide Ryksstrjitwei nei de Wergeasterdyk, dat folslein buten it plan leit net rêste litte kinne op it plan. It sil der finansieel wier net yn sitte ta in reedliker grounpriis to kommen. Mar as dy kosten üt de algemiene middels komme moatte, dan kinne wy dat neffens my better oanfetsje foardat it plan-Goutum réalisearre wurdt as dernei. Ik sjoch dit bipaeld as in üntslutingswei fan dit plan en dat dêrom de kosten fan de oanliz dêrfan net op de grounkosten fan it plan drukke meije; dêrom sille wy op koartere termyn dêr oare middels foar sykje moatte. Mar ik bin wol ré dat punt üt to stellen oant wy it plan-Goutum yn'e Ried krije. De heer Schönfeld: N.a.v. het antwoord van het College op het gestelde in vraag 159, zou ik hieraan de vraag willen verbinden, waarom de binnenstad niet op de rioolwaterzuiveringsinstallatie wordt aangesloten, doch de wethouder heeft hieraangaande reeds een en ander verduidelijkt. Ik ben echter benieuwd te vernemen, op welke wijze men de doorstroming van de stadsbinnengrachten denkt te realiseren. Welke voor zieningen zijn hiervoor nodig? De heer Kingma: De kwestie van de riolering in de binnenstad is naar mijn mening toch wel wat duidelijker geworden door wat de wethouder heeft toegevoegd aan het antwoord op vraag 159 in de mem. v.a. Ik zou zeggen, dat we dan nu maar eens moeten afwachten of datgene, wat er gaat gebeuren, inderdaad voldoende is. De toezegging, dat de wenselijkheid van het uitdiepen van het Ouddeel bij de aanlegplaats bij de Froskepölle ter kennis van de Marrekrite zal worden gebracht, vind ik eigenlijk wat mager. Ik dacht eigenlijk, dat hier sprake was van een zekere nalatigheid bij de aanleg van een nieuw koelwatercir cuit dor het P.E.B. en dat de Gemeente nu op redelijke gronden van deze maatschappij kon vergen, dat zij dit vaarwater weer in zijn oude staat terugbrengt. De hear Tiekstra (weth.): De hear Miedema hat noch twivels oer de fraech, oft de oanliz fan de forbiningsdyk tusken de Boalserterdyk en de Dracht- sterdyk wol sa dringend is en hy freget him öf, hoe't sa'n projekt op it stuit passe kin yn it ynfrastruktuer- programma. Doe't ik niis yn earste ynstansje dêroer spriek, hie ik al de mooglikheit yn gedachten oer de forskillende subsidiearringen foar dit soarte fan foar- sjenningen hwat wiidweidiger to praten, omdat ik de freze hie, dat hjir maklik in misbigryp oer rize kin. Nou woe ik de Ried graech hwat konkreter op de hichte stelle. Der is foar forkearsfoarsjenningen yn it ramt fan rekonstruksje, fan nije foarsjenningen, op it eagenblik ü.o. ek in post by Forkear en Wettersteat. Ik wol der wol by sizze, dat dy subsidiearring finansieel net sa oantreklik is as dy 95 pet. fan Ekonomyske Saken. Dat bitsjut, dat der by Ekonomyske Saken bisocht wurdt, mei de biskikbere middels sa goed mooglik om to gean en to probearjen projekten, dy't nei har oardiel net yn de ynfrastruktuer-üntjowing passé, öf to skouwen nei oare departeminten. En dat is in spultsje, dat men op Haechs nivo wol earder bidreaun hat. Dat spilet hjir in rol yn. En ik kin leroan tafoegje, dat foar nije forkearsfoarsjenningen foar de „verwerving van de eigendom", Forkear en Wetter steat in regeling hat, hwerby 80 pet fan de „verwer vingskosten" werom bitelle wurdt en hwerby 50 pet fan de oanlizkosten forgoede wurdt. Mar men moat dan wol earst in plan yntsjinne hawwe by it departemint. Yn it ramt fan de rekonstruksje fan de binnenstêd kin de forkearsfoarsjenning ek in rol spylje en dan kin it him foardwaen, dat forskillende departe minten derby bitrutsen binne, mar dan is it net mear Ekonomyske Saken, dan is it Forkear en Wettersteat of Romtlike Oardering en Folkshüsfêsting yn it ramt fan sanearring ensfh. De hear Miedema freget: Op hokkcr manear? Past de oanliz fan de Oostergowei ek yn dat programma? B. en W. hawwe oer de programmearring fan de ütfiering fan de wurken oan de Oostergowei anneks oan de forheging fan de spoarbaen op'e nij probearre ta in sa goed mooglike programmearring en ek binammen ta in dielplanning foar dit projekt to kommen. Mar men moat him wol réalisearje, dat it dêr om kapitale bidragen giet en dat tofoaren net alhiel fêststict, dat de forheging fan de spoarbaen en de oanliz fan de Oostergowei in ynfrastruktuer-projekt is, mar wy halde tige en bikkelhurd fêst, dat it dat wol is. Lykwols men moat om jild to krijen nou ienris wol foldwaende plannen by Ekonomyske Saken lizzen hawwe. It komt hjirop del, dat wy in projekt as de bou fan dy forbiningsdyk nou oanfette hawwe op forsyk fan en yn oerliz mei de Provinsje om plannen lizzen to hawwen, sadat Ekonomyske Saken op in bipaeld stuit sizze kin: Wy pikke dit of dat der üt. En dan siz ik: As dat plan past yn de totale forkearsstruktuer rounom Ljouwert en wy kinne it nou krije, mar wy witte net, hoe't it oer fiif jier derby leit, dan pakke wy it nou. Itselde haw ik juster ek al sein: Hwat men krije kin moat men sjen to krijen en dan hat men it al fêst mar. En dêr spilet natuerlik de hichte fan de subsidiearring ek in greate rol by. Wy moatte foar komme, dat wy troch net oars as dj ure projekten to hawwen, gjin jild üt Den Haech fan Ekonomyske Saken krije. Der is in yntinsyf oerliz fia G.S. oer de programmearring fan de ynfrastruktuerprojekten. Ik hoopje, dat de hear Miedema nou ienich bigryp krije kin foar it bilied dat B. en W. foar eagen stiet. (De hear Miedema: Ik bigryp dêrüt, (dat Jo ü.o. de forbiningsdyk sjogge as guodkeap wurk). Dy sjoch ik net as in guodkeap wurk, mar ik sjoch it as in aerdich guodkeaper wurk as byg. de Oostergowei. Ik tink allinnich mar oan de „verwerving fan de eigendom" ensfh. De hear Miedema moat him mar efkes rekkenskip jaen fan it feit, dat byg. de autospuiterij üs yn'e wei komt to stean. Yn de „eigendomsverwerving" giet in enoarme heap jild sitten en wy moatte foarkomme, troch net allinnich mar kapitale projekten foar to dragen, dat oare projekten üs üntkomme. En fandêr, dat ik dizze forbiningsdyk sjoch as in projekt dat op in bipaeld stuit wol yn de middels fan Ekonomyske Saken passe kin, as byg. de Oostergowei der net yn past. Oangeande de Wergeasterdyk bistiet by de hear Miedema wol in misforstan. Hy tinkt n.l., dat de forbiningswei fan'e Himriksein nei de Werpster hoek opskoud is yn forban mei it nei foaren heljen fan de forbiningsdyk Boalserterdyk-Drachtsterdyk. Ik haw it oerliz fan it bigjin öf meimakke en ik kin sizze, dat soks net wier is. Ienfaldich omdat yn de forkearsünt- j owing dy't men him foar eagen stelt, de bilêsting fan de forbining tusken de Boalserterdyk en de Dracht- sterdyk earder komt as de bilêsting fan de forbining tusken de Himriksein en de Werpsterhoek. Dêr komt by, dat Rykswettersteat dêrby ek bitrutsen is en men ek oer de middels fan Rykswettersteat to kedizen hat. Ik bin ré oer de mooglikheit fan in üngelykflierske krusing fan dizze dyk mei de spoarbaen op dat punt noch wol to praten. Ik wit net hwat dat bitsjutte kin, hwant it nivo fan de dyk spilet hjir natuerlik in greate rol. Oer de rekonstruksje fan de Goutumerdyk haw ik my yn earste ynstansje foarsichtich ütlitten, hwant as eat my net klear foar de geast stiet, dan bliuw ik leaver de foarsichtige kant neist. Ik jow de hear Miedema ta, dat it foar de han leit to foründerstellen, dat de rekonstruksje fan de Goutumerdyk it earste stik dus net yn it grounplan hoecht. Dan krijt it in selsstannich plak yn de programmearring en dan forwiis ik nei itjinge ik byg. sein haw oer de Lekkumerdyk. Dan sil dat plan op in bipaeld momint wol apart by de Ried komme. Ik kin it noch hwat presisearje: de Goutumerdyk leit yndied buten it grounplan, mar op dit stuit fait dy noch binnen it bistimmingsplan mei de Buorren, in stikje Lykwei en de Wergeasterdyk. It is de fraech natuerlik, of de Wergeasterdyk rekonstruearre wurdt, mar dat sjogge wy dan wol. Op de vraag van de heer Schönfeld, welke voorzieningen er moeten worden getroffen met het oog op de doorstroming van de binnengrachten, zou ik willen antwoorden, dat daarover juist overleg plaats vindt met het R.I.Z.A. Het is niet onwaarschijnlijk, dat het hierbij, technisch gezien, om vrij eenvoudige voorzieningen zal gaan. De oorzaak van de verondieping bij de aanlegplaats bij de Froskepölle zou inderdaad kunnen worden gezocht bij het P.E.B. Ik wil de heer Kingma dan ook graag toezeggen, dat bij het overleg over deze verondieping zowel de Marrekrite als de Provinciale Waterstaat en het P.E.B. zullen worden betrokken. De heer Schönfeld: Volgens het antwoord op het gestelde in vraag 166 zou het, gezien de uitkomsten van de kermisverpachting, niet verantwoord zijn voor 1969 een hogere opbrengst te ramen, omdat deze in 1968 ongeveer f 80.000,zou zijn geweest. In 1967 was de opbrengst echter hoger. De oorzaak van de lagere opbrengst in 1968 is de verschuivingsdatum geweest, welke nog niet definitief was vastgesteld toen de inschrijving plaats vond. Nu echter de data van de te houden kermis verschoven zijn, ben ik toch van mening, dat de geraamde opbrengst voor 1969 wel erg aan de pessimistische kant is. De heer De Jong (weth.): De kermisverpachting heeft gistermorgen plaats gevonden en we moesten nu 61 enveloppen openen tegenover 47 verleden jaar. We hebben dus wel de indruk, dat de opbrengst van deze verpachting wel eens hoger zou kunnen zijn dan verleden jaar, tenzij verschillende mensen hebben ingeschreven voor dezelfde plaats. Hoe het resultaat zal zijn, is nog niet bekend. Mocht de opbrengst meevallen, dan is dat misschien een aanwijzing voor de begroting voor het volgend jaar. Gelet op het resultaat in 1968, hadden wij eigenlijk niet voldoende motieven om voor 1969 een hoger bedrag te ramen. De Voorzitter: Ik stel aan de orde: Hoofdstuk VIII. Onderwijs, cultuur en recreatie. De Voorzitter: Ik stel voor dit onderwerp per paragraaf te bespreken, omdat de onderwerpen nogal divergerend zijn. De Raad gaat hiermede akkoord. De heer Hogendijk: Uit het feit, dat de diverse posten jaar in jaar uit in grootte toenemen, blijkt gelukkig, dat het College het onderwijs een belangrijke zaak vindt. Men kan echter van mening verschillen, hoe belangrijk het onderwijs is en of er wel voldoende geld en energie in deze materie wordt gestoken. Uit onze fractie zullen dan ook een aantal opmerkingen en voorstellen naar voren komen om nog meer geld beschikbaar te stellen en nog meer aandacht aan bepaalde aspecten te besteden. Zo vragen wij ons af of wij onze leerlingen wel die ontwikkeling en vorming meegeven, dat zij qua opleidingen kunnen meekomen met die, welke elders in den lande worden gegeven. Beginnen we vroeg genoeg en met de juiste begelei ding? Uit onderzoekingen in de laatste jaren en speciaal in het laatste jaar is gebleken (b.v. publikaties van prof. Van Heek), dat de schoolvorde ringen van het kind van de lagere school tot en met de universiteit in hoofdzaak afhangen van zijn taalont wikkeling in de voorschoolse periode. Natuurlijk kan de school een kind, dat uit een taalarm milieu komt, wel wat opvangen en vooruit helpen (en dat probeert ze ook wel in b.v. de experimenten met de speel-leer- klassen), maar dan blijft het toch altijd een hiatenop- vulling. Het zou echter beter zijn, indien we dit type leerlingen reeds in de voorschoolse periode, dus nog voordat ze naar de kleuterschool gaan, de zo nodige steun konden bieden. Op dit terrein worden proeven en onderzoekingen b.v. in Rotterdam gedaan. Reeds in de vorige begrotingsvergadering heb ik het College verzocht ook in Leeuwarden een dergelijke proef te willen nemen. Gaarne zag ik, dat het College zijn serieuze medewerking zou willen verlenen aan een kleuterverzorging aan die kleuterscholen en in die gebieden, die daarvoor in aanmerking komen. De heer Ten Brug (weth.): Het rapport van prof. Van Heek is uiteraard ook ons bekend. De gegevens daarvan zijn ook in studie bij onze schooladviesdienst. Het voorstel van de heer Hogendijk komt erop neer, dat wij een proef zouden beginnen met „onderwijs" aan een geselecteerde groep van 3-jarige kleuters uit een bepaalde wijk, m.n. omdat volgens een van de conclusies van het rapport-Van Heek de sociale omstandigheden thuis en de taalarmoede met elkaar verband houden. Op zichzelf is deze gedachte alle overweging waard. Er zijn echter nog wel wat „maaren". In de eerste plaats zou een dergelijk experiment buiten de wettelijke regeling omgaan en geheel voor rekening van de Gemeente komen. Ten tweede hebben wij niet de ruimte om hiermee op grote schaal te starten. We kunnen een groep van 3-jarigen niet in het geheel van een kleuterschool opnemen, zonder op wettelijke moeilijkheden te stuiten. Het zou dus misschien op één enkele plaats kunnen geschieden. Dan blijft het nog moeilijk te weten, welke kleuters

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Notulen) | 1969 | | pagina 5