8
skiphuzen fan 5,50 m boppe peil wol hwat heech. Ik
haw my öffrege, hokker séskippen men dér yn dwaen
wol.
Yn de taljoehting op de foarskriften stiet in pear
kear „navolgende". Nou komt de taljoehting yn it
stik nèi de foarskriften. Ien fan beide: of men skrast
„navolgende" derüt, of men forwikselet it efkes yn 'e
ban.
De léste sin is foar my hwat kryptysk. Der stiet:
„De verdere in art. 4 opgenomen bepalingen verhinde
ren, dat het karakter van het gebied in dat geval zal
worden aangetast en de bedoelde bestemming van klei
nere, minder omvangrijke industrie wordt gerealiseerd"
Ik tocht, dat dat léste oarsom, wêze moast. Dy bipaling
forhinderet, tocht ik, net, dat it plan neffens de bi-
doeling réalisearre wurdt; der soe stean moatte: „niet
wordt gerealiseerd". Miskien wol men dat nochris nei-
gean.
Dan it plan en de plankaert. It hiele plan wurdt
bipaeld troch de wetters dy't der om hinne rinne; fier
der yn it noarden troch de spoarline en yn it suden
troch it gebiet Froskepólle. In bilangryk struktuerele-
mint is it trasé fan de eastlike tangintwei. Westlik
dêrfan hat men in rekréative „zone" tocht mei hwat
lytsere yndustry en oan de eastkant de greatere yn-
dustryen. Dat men it by dizze greate struktuerlinen
litten hat, fyn ik it fortsjinstlike fan it plan. Der steane
noch wol hwat wegen op en hwat haedwettergongen,
mar men is net to folie yn détail gien en ik leau, dat
dat goed is. Men hat nou de kans om as bipaelde saken
oan de oarder binne, ien en oar neffens de bihoefte
noch to regeljen en to bipalen. Men neamt it yn de
taljoehting ek in „grootmazig plan". Ik fyn ek, dat
der üt de foarskriften in geast fan net al to strakkens
en krektens sprekt, mar in opset hwermei wy noch
ris hwat switche kinne.
Myn fraksje is minder to sprekken oer it feit, dat
yn de südwestlike hoeke fan it plan sportterreinen
komme, ornearre foar it takomstige Aldlan. Wy fine,
dat dizze terreinen eksintrysk lizze. Wis, men kin
der komme fia de nije brêge strak oer de Greuns, mar
dat is dochs net in tige béste forbining. Ik sjoch wol
oankommen, dat it takomstige greate krüspunt (east
like tangintweinije Greunswei) de birikberheit fan
dizze terreinen net sa hiele bést meitsje sil. Der komme
sil noch wol gean, mar der wer wei sil dochs fia in
omwei moatte. Nou waerd der by it birie yn de kom-
misje destiids sein, dat dizze terreinen faeks ek tsjinje
koene as sportterreinen foar de bidriuwen. Dy opmer
king haw ik yn de taljoehting net werom foun en ik
freegje my öf oft dat nou net mear de bidoeling wêze
soe.
It liket my ta, dat der destiids by de planning fan
it trasé fan de gaslieding foar in great part al rekken
halden is mei it trasé fan 'e eastlike tangintwei. Mar
krekt by it krüspunt is dat net it gefal. It rint fol-
slein under it krüspunt troch en ik freegje my óf oft
dy lieding strak ek nochris forlein wurde moat. As
men dat nou noch net wit, hoech ik ek gjin antwurd;
dat sille wy dan letter wol sjen. De kaert moat op it
stik fan gaslieding ek noch hwat korreksje foardat dy
foar hegere goedkarring fuortgiet. Der is in stik üt-
spatten; dat is in tekentechnysk flaterke.
Dan is der noch in biswierskrift ynkommen fan ien
fan de boeren dêrre. Ik haw my der al hwat oer for-
wündere, dat it net fan de eigener kommen is. Miskien
is it ek wol fan de eigener, mar hat de boer it yn-
tsjinne. Ik bin it iens mei de fisy dy't B. en W. yn it
préadvys jowe op it biswierskrift. Ik soe wol witte
wolle hwat yn it biswierskrift bidoeld wêze kin mei
„de weifelende houding" by de grounoankeapen troch
it Grounbidriuw.
It brief fan de Spoarwegen is gjin biswierskrift,
mar men stiet der op oan safolle mooglik romte to
jaen oan de bilangen fan it iepenbier forfier. Ik woe
my dér graech by oanslute en der by it Kolleezje op
oanstean, dat dat ek barre sil. Hwant al bin ik der
fan oertsjüge, dat wy üs blikken hynders fuort noch
net op stal sette wy sille der miskien wolris in
skjinne motor yn dwaen op 'en dür sil it iepenbiere
forfier relatyf en abslüt dochs wer mear yn de bi-
langstelling komme. Ik soe graech wolle, dat oan it
punt fan it iepenbiere forfier yn kombinaesje mei it
plan-„Camminghaburen" foldwaende omtinken jown
wurdt.
Op in pear lytse korreksjes nei, dy't ik al neamd
haw en dy't miskien noch oanbrocht wurde kinne,
ear't it plan fierder giet, kin myn fraksje it wol mei
ien en oar iens wêze. Wy sprekke dêrby de winsk üt,
dat it bydrage mei ta in fierdere goede üntjowing fan
üs Gemeente.
De Voorzitter schorst de vergadering om 21.05 uur
voor de eerste koffiepauze.
De Voorzitter heropent de vergadering om 21.20 uur.
De hear Miedema: Ik wol bigjinne it Kolleezje lok
to winskjen mei it klearkommen fan dit bistimmings-
plan. Jo witte, dat wy wol graech noch hurder woene,
mar wy binne bliid, dat dit birikt is. Wy hoopje, dat
it fierder in flotte fuortsetting hawwe mei.
Wy hawwe net folie opmerkingen; sa fier wy sjen
kinne, liket it der tige op.
Der binne wol inkele détails, byg. de üntsluting
fan 'e Froskepólle, mar dér krije wy it op 'en dür
noch wol oer.
Der bliuwt dan noch ien punt en dat giet net sa
sear om de kaert en it plan, mar om de groun-„ver-
werving". Ik wol dér graech in pear dingen fan sizze,
omdat it hjir nei myn bitinken net sa maklik leit.
It hinget ek gear mei it biswierskrift dat de hear Mie
dema ynbrocht hat. It is wier wol bigryplik fan dizze
man. De hear Tjerkstra frege him óf oft de eigener
der eins net efter siet, mar ik leau bislist, dat de
pachter it biswierskrift seis yntsjinne hat. Om üs
stanpunt düdlik to meitsjen moat ik efkes werom gean
nei de tiid, foar't wy as Gemeente groun bigounen to
keapjen yn dit gebiet. It hat altiten in eilan west.
Nou makket men hjoed-de-dei yn 'e lanbou frij rom
gebrük fan ütbisteegjen fan wurk oan leanbidriuwen.
Dêrta wiene de minsken fan it eilan nea by steat. Hja
hawwe harren meiinoar rédde moatten en dat koe ek
bést. Hja hiene seis wurktugen oanskaft en ien fan
de boeren wie ek smid. Hja rédden harren folslein seis.
Oant de Gemeente kaem en sei: „Allegearre ta ,(o
tsjinst, mar wy moatte de groun brüke". De Gemeente
hat doe forskillende pleatsen oankocht en eigeners en
pachters skeaforgoeding jown. Sa binne de measte
boeren fuoitgien, de smid ek. Der binne noch twa oer,
nl. de pachter fan Kingma's Bank en de pachter fan
de famylje Verkouteren. Dy minsken hawwe it troch
dizze üntjowing tige swier krige. Hja moatte harren op
dizze greate spullen hielendal seis rédde en dat kin
bislist net. De hear Miedema hat in biswierskrift yn
tsjinne, omdat er him óffreget: „Hoe lang moat ik
hjir yn dizze omstannichheden noch boer bliuwe?" Nou
is dit net sa'n great punt, mar dat kin de hear Mie
dema miskien net witte. Yn de foarige riedsgearkom-
ste is troch it Kolleezje sein, dat Kingma's Bank wol
ré is de pleats to forkeapjen. As it Kolleezje tasizze
wol dat efter dy oankeap de nedige faesje set wurde
sil, meije wy hoopje en forwachtsje, dat dizze swier-
richheit oplost wurde sil. Lêstiger leit it mei de pleats
fan de famylje Verkouteren. Dizze famylje - de Wet
halder hat dat yn de foarige riedsgearkomste al sein -
wol net forkeapje. Hja stjüre oan op Onteigening. Dér
komt by, dat de groun foar twatredde part leit yn it
bistimmingsplan „Himrik"; dan leit der in stik yn it
plan „Camminghaburen" en in oar stik yn it plan „It
Kealledykje". As wy nou mei ünteigenjen bigjinne,
rinne wy greate kans, dat wy tsjin dizze famylje twa
ünteigeningsprosedures fiere moatte. Ik bin my dat wol
biwust. Hja hawwe al in advokaet oanlutsen en dizze
sil wol advisearje it spul yn twaën to spyljen. As hja
de Gemeente de foet dwêrs sette wolle, krije wy me'
de earste prosedure net mear as twatredde. De res.
moat dan letter noch. Ik bin it mei de Wethalder iens,
dat dit in réeel biswier is. Oan de oare kant is it sa,
dat de pachter fan de famylje, troch üs dwaen, yn
greate swierrichheden sit en ik leau, dat it moreel ne
forantwurde is en stel in ünteigeningsprosedure tsjin
de famylje Verkouteren noch langer üt. Dan bringe
wy in boarger fan üs Gemeente yn noch greater swier
richheden.
Der spilet noch in oar, ik leau, wichtiger punt me.
De pleatsen binne, mien ik, rom twa jier lyn troch
Sotterdamske Kommisje taksearre op forkeapwearde.
Doe is ek de ynkommensskea fan de pachter taksearre
en wol nei it ynkommen fan de léste trije jier (1965,
1966 en 1967). As wy nou op de léste ünteigening
wachtsje, dy yn Camminghaburen wierskynlik, dan
kin it noch wol trije jier duorje foar 't wy dy prose-
dare oanspanne kinne. De taksaesje is dan 6 jier aid.
Wy moatte der rekken mei halde, dat in rjochter dan
syn ütspraek net docht op groun fan de boekjierren
1965, 1966 en 1967. Hy sil in nije taksaesje freegje.
Dan forliest dizze pachter, dy't syn bidriuw nou bi
langryk ynkoarte hat omdat er it wurk net neikomme
toe en praktysk gjin winst mear makke, ek noch in
part fan de forgoeding fan syn ynkommenskea. Wolle
wy moreel forantwurde wêze, dan moatte wy bisykje
op dit momint ta ünteigening to kommen. It giet dan
miskien mar om twatredde part, mar wy kinne sa de
pachter in stik yn 'e mjitte komme. Fan twatredde
part fan de forgoeding fan syn ynkommenskea is hy
dan wis. Hy kin syn bidriuw dan fuortsette mei de
middels, dy't hy op it eilan hat. Hy haldt in tredde
part fan syn groun oer en dat is wol to dwaen. Wy
kinne dizze man net sitte litte mei syn 35 hektare
lan. Ik soe fan de Wethalder graech hearre wolle, oft
hy op koarte termyn bisykje wol ta oerienstimming
to kommen mei Kingma's Bank, sadat foar pachter
Miedema de swierrichheden oplost wurde kinne. Fier
der woe ik witte, oft hy ré is binnen de koartst moog-
like tiid in ünteigeningsprosedure to bigjinnen tsjin
ie famylje Verkouteren.
Ik haw alle lof foar de wize fan groun-,,verwerven"
troch de Gemeente. Ik leau, dat dat tige goed bart en
it bringt gjin problemen mei. Mar yn dit spésiale ge
fal leit it dochs wol tige lêstich. Dêrom freegje ik
iêrfoar it greatst mooglike omtinken fan it Kolleezje.
Ik haw noch ien fraech. Yn 'e foarige riedsgearkom
ste is it bislüt nommen, dat in diel fan 'e Himrik op-
spuite wurde sil. It sil him wol oan my lizze, mar it
is my doe net düdlik wurden hokker diel. Is it moog
lik, dat de Wethalder dit oan de han fan de plankaert
oantsjutte kin?
De hear Tiekstra (weth.): Ik wol bigjinne mei de
hearen Tjerkstra en Miedema to tankjen foar harren
wurdearjende wurden foar it foar üs lizzende plan.
It like de hear Tjerkstra goed it plan yn to passen
yn in struktuerplan. Ik wiis him der op, dat, al wie
lat alhiei net wetlik, der in jier of hwat lyn in struk
tuerplan fan de gemeente Ljouwert west hat. It wie
allinne in biliedsstik en Dep. Steaten hawwe dér ken
nis fan nommen. Ik bin it mei de hear Tjerkstra iens,
lat wy yn it ramt fan de jildende wetjowing, dus nei
it yn wurking treden fan de Wet Romtlike Oardering,
in nij struktuerplan meitsje moatte; dan soe de totael-
opset fan 'e forskillende bistimmingen him better bi-
oardielje litte. Ik wol folstean mei to sizzen, dat nou
wol blykt, dat sawol yn it aide as yn it nije plan de
situearring fan de yndustryterreinen op de Himrik
leselde bleaun is.
De hear Tjerkstra hat in stikmannich opmerkingen
makke, dy't ik, foar safier sy bitrekking hawwe op
Mergeskikte korreksjes, graech fan him op papier
iiawwe wol. Dat is, sjoen de prosedure, it meast gaed-
ük; wy kinne net wachtsje op it momint dat it rieds-
forslach biskikber is, hwant de wetlike prosedure moat
nou ienkear trochgean.
De hear Tjerkstra hat it hawn oer de ünderbrekking
yn it trasé fan de ierdgaslieding (op 'e tekening). Op
le tekening, dy't heart by it troch de Ried fêststelde
plan, is dizze apart ynkleurd. It technysk biswier fan
le hear Tjerkstra slacht allinnich op de net-kleurde
tekening. De hear Tjerkstra hat gelyk, dat wy, wolle
wy op tiid genöch yndustryterrein biskikber hawwe,
lan wol hwat avesearje moatte. Wy hawwe net sa'n
soad mear en it is allinne to hoopjen, dat wy noch
gau troch it léste lytse bytsje hinne komme.
It is tige wichtich, dat wy sa gau mooglik meiwur-
king krije foar it oanlizzen fan de üntslutingsdyk fan
it Aldlan en de brêge mei opritten, hwant, as wy dizze
foarsjenningen net hawwe, dan kinne wy der noch
iet komme. Ik hoopje wol, dat it yn 1971 üt de sub-
sidiearringsmoune komt. Der is nochal hwat haest by
it spul, tocht ik. Bistjürlike haest dan alteast, hwant
bistjürlike haest duorret altiten noch in pear jier. In
brêge leit men ek net yn fjirtjin dagen.
Fierder in inkele opmerking oer it hastich bihan-
neljen fan bistimmingsplannen. It like üs it gaedlikste,
dit plan, ek om't it, sa't de hear Tjerkstra al sein hat,
in ienfaldige, düdlike struktuer hat, to bihanneljen yn
de aide Ried. It wie sa fier ré, dat wy it yn prosedure
bringe koene. As der gjin biswierskrift west hie, dan
hie it noch folie makliker west. Nou is der ien biswier
skrift kommen en ik haw alles dien om dêroan sa goed
moogiik rjocht to dwaen. Ik hoopje, dat wy by folg-
jende gelegenheden, ek mei help fan de kommisje üt
de Ried, mear omtinken jaen kinne oan biswierskrif-
ten, lyk as wy dien hawwe by it plan Goutum. Ik bin
it mei de hear Tjerkstra iens, dat it biswier yn dit
gefal minder great wie.
Men kin yndied better sprekke fan bütentangint as
fan middentangint. It is my net alhiel düdlik, hoe't
dat middentangint der yn kommen is, hwant ik sjoch
ek net sa gau hwer't de bütentangint dan komme moat.
De kapasiteit fan de jachthaven is fêststeld nei sa
goed mooglike ynformaesje fan it bistjür fan de Nije
Ljouwerter Jachthaven. Wy hechtsje der nochal oan,
dat de minsken, dy't yn Ljouwert wenje, harren boat
tichte by fine kinne, ek al omdat der oan boaten, krekt
as oan auto's, nochal ris hwat „sleutele" wurde moat.
Dan noch in inkele opmerking oer it fiadukt. Men
moat yndied by dit soarte fan forkearsfoarsjenningen
goed rekken halde mei de lüdshinder, dy't dizze mei-
bringe kinne. De béste oplossing om dy op to fangen
is it oanbringen fan in sa goed mooglike biplanting.
By in fiadukt leit dat wol hwat lêstich; op beton wolle
min beammen groeije. It rekréaesjegebiet Froskepólle
sil sa ynrjochte wurde moatte, dat lüdshinder sa min
mooglik lést foroarsaket.
De tagongswei nei de Froskepólle stiet net op de
tekening. Yn de romten, dy't der foar forkearsfoar
sjenningen binne, is it wol mooglik dy forbining to
meitsjen; oars soe ik net witte, hoe't men der komme
moast. It bitsjut, dat wy de üntsluting fine moatte yn
de bistimmingen sa't dy op it plan oanjown binne.
Ris in kear mei de pont is wol aerdich, mar it moat
net to faek barre en boppedat sille der tüzenen rekré-
anten hinne wolle.
Hwat it rioelwetter fan dit gebiet oangiet, dér is
rekken mei halden by it rüzjen fan de kapasiteit fan
de bisteande ynstallaesje. Der is in bipaelde kapasi
teit fan ynwenners-equivalinten oan tarekkene en yn
dy skatting is ek de Himrik opnommen, dus dat sit
wol goed. Alhoewol op dit momint natuerlik gjin wiis
wurd sein wurde kin oer de fraech, hokker yndustryen
der komme en hoefolle dy oan óffalwetter produsearje
sille. It wie dus in kwestje fan rüzjen op groun fan
statistyske „gegevens".
It is wol spitich, dat de sportfoarsjenningen, binam-
men de foarsjenningen foar de organisearre sportbi-
oefening, büten it Aldlan torjochte kommen binne.
Mar dér kin men noch wol op werom komme (de hear
Tjerkstra spitigernóch net), as it plan Aldlan bihan-
nele wurdt. Ik wol der allinne op wize, dat dit nochal
in greate oerflakte is en soe men de sportfoarsjen
ningen ek noch yn it Aldlan ünderbringe wolle, dan
giet dat fan de bibouwing fan it Aldlan óf. Oer it al-
gemien binne de foarsjenningen foar de organisearre
sportbioefening aerdich knap birikber, mar nou kom
me se foar it earst oan de oare kant fan in frij hege
brêge to lizzen. Kin it net oars, dan moatte wy it sa
akseptearje. Wy moatte sjen yn it plan Aldlan en
dan tink ik efkes oan de foarsjenning dy't ré mak
ke wurdt op basis fan wintergebrük as iisbaen en
simmergebrük foar sportbioefening ien en oar sa
goed mooglik op to heinen.
Mei it brief fan de Spoarwegen wurdt by it plan
Camminghaburen rekken halden. Dit brief is winliks
mear in kompletearring fan de stikken. It iepenbiere
forfier moat nou ienris, ek foar dizze takomstige wen-
wyk regele wurde.
De hear Miedema hat mei rjocht de problematyk oan-
tsjut, dy't mei de „verwerving" fan eigendom yn sok-
soarte fan gebieten oan de oarder komt; binammen
spylje dêrby de bilangen fan de pachters. Ik bin der
wol wiis mei, dat hy syn foldwaning ütsprekt oer de
wize hwerop wy oer't algemien mei de bilangen fan
de pachters rekken halde. Ik hie graech joun noch, as