komme wol, is dat de Wethalder seit, dat wy de kom- mende jierren bisykje moatte 1600 wenningen yn dc frije sektor to bouwen. Ik gean dêr graech yn mei as dat kin, mar ik wol ek graech mei de beide fuotten op 'e gi aun stean. As dizze Wethalder my de wegen oanjaen kin en seit dat hy bilizzers hat, dy't ré binnc yn Ljouwert to bouwen en dat kin klear komme, dan gean ik dêr folslein mei akkoart. As dy wenningen mar boud wurde.) Ik sit noch mei sa'n rist rragen, dat ik gean mar fierder. De hear Miedema kin yn de plenaire sitting hjir noch wol op werom komme. Mar as wy sa trocn geane, komme wy hjir joun net klear. It skema fan trije jier is sa opset, dat wy us uterste bést dwaen moatte om it réalisearje to kinnen. It kin yndied wêze, dat der hjir en dêr noch wolris hwat korreksjes oanbrocht wurde moatte. Wy moatte ek bi sykje, dat oantal wenningen yn de net-subsidiearre sektor to forheegjen. Oant nou ta hawwe wy yn dy sektor net safolle wenningen bouwe kind. Ek de rraK- sje fan de hear Miedema hat altiten sein, dat der in great assortimint wenningen komme moat der is to folie massale bou. Dat assortimint sil binammen kom me moatte yn de preemjebou en de net-subsidiearre bou. En as wy dat réalisearje wolle, dan is it tal fan 440 wenningen dat de near Miedema neamt, to leech. Hy haldt by it neamen fan dy 1000 wenningen yn 't jier ek gjin rekken mei it feit, dat de léste jierren it oantal minsken per wenning lytser wurden is. Wy haw we nochal hwat .'\llinnichsteanden oan in wenning hol- pen en it kin bést wêze, dat wy dizze mmsken safolle mooglikheden jown hawwe, binammen yn it Bilgaerd, dat wy üs nou ris hwat mear rjochtsje kinne op 'e bou foar greatere hüshaldings. Dy üttinning kin der bést oan meiwurkje, dat tal fan 1000 nei ünderen to bringen. Ik hoopje, dat it program to leech is, mar it is in taek dy't wy üssels jowe. It hie maklik genöcn west der in pear hündert by to setten, mar as wy dan takomme jier sizze moatte, dat wy net klear komme koene, dan soe ik de hear Miedema wolris wer hearre wolle. Ik sjoch noch hiel hwat swierrichheden om dit klear to krijen. As wy in program meitsje, moatte wy it ek ridlikerwize klear krije kinne. Dér giet de hear Miedema hwat to maklik oerhinne. En dan kom ik by dy kwestje fan it brief, dat hjir al leit sunt novimber 1969. De hear Miedema seit, hiel gewoan, dat de wenningbouforienings noch neat fan üs heard hawwe. Hy stelt de saek folle ienfaldiger foar as it is. Yn it foarste plak is der nei't wy dat brief krigen hawwe, oerliz west mei de wenningbou forienings. Net ien kear, mar faker. De léste kear hat der oerliz west yn novimber 1970 en ik haw sels in pear wiken lyn ek noch wer mei de wenningboufor ienings praet oer dizze saek. Kommende moandei sil der wer in bisprek wêze. En de wenningbouforienings tinke wol mei üs yn in bipaelde rjochting. Hja tinke sels yn lanlik forban yn de rjochting fan in bank foar de wenningbouforienings. Ik mei de hear Miedema forwize nei it kongres, dat de Nationale Wo ningraad halden hat yn 't lést fan 1970; binammen de hear Hermsen hat dér doe nochal foar pleite. De wen ningbouforienings hawwe dér bisletten to bisykjen om ta sa'n bank to kommen, hwant dy finansiering is in saek fan de wenningbouforienings sels en hja moatte lanlik ta in oplossing komme. Wy hawwe as Ge meente sawol de foriening Leeuwarden-Leeuwardera- deel, as de Vereniging van Volkshuisvesting, as Patrimo nium wol holpen. De wenningbou is nea stagnearre omt de Gemeente de wenningbouforienings net helpe woe. It is allegearre al hwat makliker wurden nou't dy 10 pst. brocht is op 5 pst., seit de hear Miedema. Mar dat is net wier. Dy 10 pst. jildt noch. De wen ningbouforienings dy't yn de subsidiearre sektor bouwe wolle, moatte 10 pst. eigen kapitael ynblinge. Hiel ynsidinteel is it klear kaem, dat dêr fan öfwykt is, mar de regeling is noch gelyk. Dy ynformaesje fan de hear Miedema wie dus net goed. As Jo freegje, hoe't wy dy finansiering sjogge dan kin ik dit sizze. Wy hawwe hiel hwat dien. Wy hawwe holpen mei hypo- thekaire lieningen, ü.o. by dy 120 wenningen mei ga- raezjes fan de Dulf en de Fennen. De stiftingskosten mei garansje fan de Gemeente under hypothekair for ban wiene mear as 5 miljoen. Dan wiene der dy 160 wenningen oan it Van Harinxmakanael. Stiftingskos ten mei garansje fan 'e Gemeente foar de foriening Leeuwarden-Leeuwarderadeel de hear Miedema sit sels yn it bisjür fan dy wenningbouforiening, dy soe dat witte moatte mear as 7 miljoen. Dan neam ik de 438 wenningen dy't de Vereniging van Volkshuisves ting boud hat yn it Bilgaerd; de help fan de Gemeente wie 5 ton. As ik dat dan sa sjoch dan fyn ik, dat wy üs nochal hwat ütslove hawwe om to helpen. Mar dan de fraech oft de Gemeente net mear dwaen kin. Nou, dan wol ik wolris üt in oar fetsje taepje. As wy hjir mear oan dwaen moatte, meije wy dan ek ris in kear freegje: Wenningbouforienings, as jimme üs garansjes freegje, soene wy dan ek ris jimme jieroer- sichten sjen meije? Dêrmei binne de wenningboufor ienings twa jier efter. Wy hawwe nou krekt fan in- kele wenningbouforienings de rapporten fan 19671968 krige. Fan letter datum hawwe wy dy net. En krekt yn dy tiid is der sa'n soad bard. Dy rapporten krije wy net sa maklik los. De hear Miedema kin sa maklik sizze, dat dy forienings noch gjin antwurd krige hawwe op in brief fan 1969. En wy hawwe der noch wol mei dy forienings oer praet. Wy hawwe in goed oerliz hawn. Ik hear yn syn wurden in forwyt, dat wy mar hwat dogge, wylst de wenningbouforienings sels strib- je nei in lanlike bank, hwat ek folie mear foar de han leit. Wy hawwe op dit stuit to min ynsjoch yn de finansiéle posysje fan de wenningbouforienings en dat jowt üs soargen. It is net sa maklik om op dizze wize fierder to gean. Dy forienings hawwe in hypotheek op in bilangryk part fan it aide wenningbisit. Hja jowe de dekking hwat üt hannen en dogge dat eins op in wize, dat wy üs öffreegje oft dit net better troch in lanlike ynstansje barre kin. Wy leauwe dat dat folie better wêze soe. Yn it ramt fan de renovaesje hawwe de wenningbouforienings foar dat aide wenningbisit dochs in 7 a 8 miljoen nedich. As it Ryk ré is dêrfan 75 pst. oan finansieringsmiddels by to dragen moatte dy forienings sels dochs ek noch 2 miljoen üt eigen middels sjen to heljen. Dat moat aenst ek noch to foarskyn komme. Dêr komt noch by, dat it under hy pothekair forban bringen fan aid wenningbisit dat binne hast alle aide wenningwetwenningen net hie lendal sünder risiko is. Wy sizze net, dat wy dizze Ontwikkeling ófremje wolle. Mar wy soene der wol op oanstean wolle en dat hat Minister Schut ek steld yn syn brief fan novimber 1970 dat de wen ningbouforienings hjir sels mei oan 'e gong geane. It giet op it lést om in eigen taek fan dizze forienings en it is in bytsje to maklik om to sizzen, dat de Ge meente hjir mear oan dwaen moat. Ik soe sizze: Wen ningbouforienings, dit hat jimme kar west, de Natio nale Woningraad stelt it. Gean hjirmei fierder. Sa lang it noch net sa fier is, sille wy jimme net yn 'e kjeld stean litte. Mar wy drage hjir risiko's troch bi nammen de aide wenningen, dy't typysk wenningen binne dy't yn de soasiale sektor sitte de aide goed- keape wenningwetwenningen to brüken (de oer- wearde dêrfan) foar it bouwen fan preemjewenningen, dy't djürder binne en dy't net yn 'e selde sektor sitte. Moatte de wenningen foar de minsken dy't de leechste hieren bitelje nou dêrfoar brükt wurde? Wy sizze gjin né, mar wy sjogge hiel goed hokker biswieren hjir oan fêst sitte. Ik wol graech de hear Miedema dat artikel „Naar een bank voor de woningbouwcorporaties" oan- bifeelje. Ik wol net, dat wenningen yn de preemje-sektor net boud wurde omt de Gemeente net diligint is yn dit stik fan saken. Mar der kin perfoarst net sein wurde, dat wy dêrtroch yn dizze sektor net oan bod komme. Mar der moat eins al in oare wei socht wurde foar dizze finansieringsproblemen. It is spitich, dat Lekkumerend-oost noch net fan 'e groun is, is der sein. Dat is yndied sa. It plan is, dat mei de earste flat (75 wenningen) bigoun wurdt per 1 april as der oerienstimming is oer de priis. In moan- ne letter komt de priis los foar nochris 100 wenningen. Der soene earst 248 wenningen foar minsken op jier ren boud wurde. Troch de skouwerij mei dy wei kinne dat mar 148 wurde. Der kin nou wol sein wurde, dat der net folie dien wurdt oan dit soarte wenningen. Mar dy 248 bitsjutten op in totael fan 1000 wenningen yn dat plan 25 pst. en wy hawwe yn de stêd 10 pst. mins ken op jierren. Jo kinne wol bigripe, dat it my oan it hert giet, dat der nou mar 148 fan dy wenningen kom- me kinne. Mei dat soarte fan problemen hawwe wy to meitsjen by it opsetten fan de planning. Dit punt is ek bisprutsen mei de wenningbouforienings. Wy haw we it lef hawn it ütstel to dwaen om in great part fan dy 1000 wenningen oan to wizen as wenningen foar minsken op jierren. Wy hawwe ek sein, dat, as yn de sektor goedkeape beneden-wenningen in hüs frij komt, dêr dan minsken op jierren komme to wenjen. Ek op dizze wize wolle wy hwat dwaen foar dizze minsken. En as ik dat dan sjoch, dan fyn ik, dat der hiel hwat dien wurdt foar minsken op jierren, ek sjoen yn it ramt fan de mooglikheden dy't wy hawwe. Wy soene foar dy huzen foar minsken op jierren yn it tvvadde kwartael de priis krije. Fan dy 248 wenningen soe it greatste part yn heechbou torjochte komme. Dêr soo gjin subsydzje foar komme, om't dy allinne jown wurdt foar de earste fiif wenlagen. Nou sille de wenningen dy't foar minsken op jierren boud wurde allegearre flats mei to'n heechsten fiif wenlagen wurde. Dêrtroch krije wy it folie subsydzje fan f 400,per jier. Dat is dan yn elts gefal in foardiel. It doel hwer't wy nei stribje stiet üs goed foar eagen, mar wy moatte op in bipaeld momint wolris mei hwat minder genoegen nimme. De Ried kin der fan oertsjüge wêze, dat wy üs bést dogge sa gau mooglik mei de ütfiering fan dit plan to bigjinnen. Oer Aldlan-west hat de hear Miedema ek in fraech stcld. Dat is ck sa'n probleem. Doe't wy dat plan üt hannen jown hawwe, wie it yn earste ynstansje sa, dat de minsken dy't hjir bouwe soene biswier hieno tsjin heechbou. Hja woene leechbou hawwe. Doe hawwe wy sein: Nou as jimme dat wolle, moatte jim sels mar in plan meitsje, jimme moatte it plan dochs ek sels bitelje. Doe woene hja bigjinne mei 550 wenningen. (Der soene earst 1100 yn dat plan boud wurde.) Doe die al gau bliken, dat hja dy 550 wenningen nea bouwe koene. De grounkosten waerden fierstento heech. Doe is men kaem mei in plan foar 700 wenningen, en letter ien foar 840 en doe nochris mei ien foar 1000 wenningen en sa't it der nou foarstiet, leau ik dat hja op 800 torjochte kaem binne. It wurde wenningen foar in priis dy't past yn de Ljouwerter forhaldings. Mar foar dat de bou los komtIk sit hjir earlik sein al twa jier op to wachtsjen. Ik woe wol graech, dat it hwat flugger gie. Mar is it nou in taek foar it Kolleezje om der hurder oan to lüken? De Ried hat hjir sels ek by ynskeakele west troch de Kommisje Romtlike Oarde- ring. Jimme hawwe it folgje kind. Jimme witte hoe't it probleem der hinne leit. Ik haw ek de hoop, dat der nou einliks in bigjin makke wurde sil mei dy bou. Bi nammen yn de sektor dy't hwat hjürder is as de wenningwetsektor krije wy dan hwat mear romte. Der moat hwat mear assortimint komme as oant nou ta it gefal west hat. Der is sein dat wy it tal wenningen foar minsken op jierren forgreatsje moatte. Dat hawwe wy ek wol bi- socht en wy bisykje it noch hyltiten. Yn it ramt fan it plan dat üs foar eagen stiet, stiene op de planning foar 1971 248 wenningen yn Lekkumerend-oost. Dat binne nou dus 148 wurden. Fierder stiene dêr 106 wenningen op foar Werkmanslust en foar de N.C.H.B. 150. Dus fan de 1400 wenningen dy't wy fan plan wiene to bouwen yn 1971, wiene der 504 foar minsken op jierren. De opmerking, dat net genöch dien wurdt oan de bou fan huzen foar minsken op jierren, is, tocht ik, net op syn plak. Safolle hawwe wy noch nea tagelyk boud yn Ljouwert. Nou kin men fine, dat der noch mear komme moatte. Mar as wy dit klear hawwe, is der, tocht ik, in fiks stik fan de efterstan ynroun. (De heer Van Haaren: Wij willen graag, dat die huizen in laagbouw gerealiseerd worden en niet alleen in hoog bouw, zoals dat in Lekkumerend-oost gebeurt. Inder daad staan we als Raad met de rug tegen de muur. Want de plannen zijn van dien aard, dat je er toch eigenlijk, als je je gezond verstand gebruikt, nee op moet zeggen. Maar dat kun je niet doen, want als je nee zegt, verlies je weer ik weet niet hoeveel wonin gen. We zeggen dus echt met de rug tegen de muur ja tegen dit soort hoogbouw die toch eigenlijk onge wenst is voor deze categorie van de bevolking.) De woorden van de heer Van Haaren zijn mij uit het hart gegrepen. Ik zou ook graag in die andere richting werkzaam willen zijn. Ik heb destijds met vertegen woordigers van woningbouwverenigingen verschillende laagbouwwoningcomplexen in de bejaardensector in de provincie bekeken, o.a. in Joure. Ik heb toen gevraagd of de woningbouwverenigingen er niet voor voelden dit type woningen te bouwen ook al omdat wij ze broodnodig hebben. Het was niet mogelijk om dit in Lekkumerend-oost te realiseren. De tijd was te kort, het plan was er niet geschikt voor. Als ze ergens moeten komen dan zou het in Aldlan-oost moeten. Het is ook de bedoeling als de woningbouwverenigingen trachten dit te realiseren dat in te brengen in dit plan. Maar ook de woningbouwverenigingen hebben hier een stem in. Wij kunnen wel zeggen, dat wij die richting uit willen, maar wanneer de woningbouwver enigingen tenslotte toch tot de overtuiging komen dat het anders moet, dan zullen we zien, dat het er ten slotte toch niet van komt. Zoals b.v. in Aldlan-west ten aanzien waarvan wij gepleit hebben om ook eens met iets anders te komen dan met platte daken en ook eens huizen met puntdaken te bouwen. Als de mensen zien, dat het economi scher is huizen met platte daken te bouwen dan bouwen ze die. Dat is jammer, ik zou het ook graag anders willen. Maar wij kunnen toch niet zeg gen, dat het per se puntdaken moeten worden. Het College zou graag wat meer assortiment in dit soort woningen brengen. Het ligt bepaald niet aan ons. U moet er toch beslist ook eens rekening mee houden, dat de mensen die hier hun geld in steken ook een vinger in de pap hebben. Van deze zijde wordt in de zelfde richting gedacht als de heer Van Haaren doet. De hear Miedema hat ek hwat sein fan de troch- streamingsregeling. Yn de sirkulaire fan de Minister stiet, dat de minsken, dy't in hüs krije, in stik tekenje moatte. Op groun dêrfan hawwe Jo der dan letter greep op. Dat punt is bisprutsen yn de Raad voor de Volkshuisvesting. Mar dy ried fielde dêr net folie foar. Hja fregen harren óf, oft hja it wier yn dizze rjoch ting sykje moasten, wylst wy hjir yn Ljouwert al jier ren foarüt binne op de wei dy't de Minister oanjowt. Wy fiere al trije of fjouwer jier in trochstreamingsbi- lied, dat sa goed foldocht, dat wy it oan üs eigen wen ningen merke kinne. Yn de 3800 wenningwetwenningen mei in hierpriis oant f 110,yn 'e moanne ta wen nen per 1 juny 1967 900 en nou noch mar 200 gesinnen mei in ynkommen boppe de wolstansgrins. Dy troch- streaming rint knap. Wy hawwe in goed rjochte hüs- fêstingsbilied hawn. Dy flats oan it Van Harinxma kanael wiene sa mar fol en der hiene noch wol mear leafhawwers foar west. En moatte wy, nou't dy troch- streaming sa goed rint, de minsken dy't yn sa'n goed keape wenning komme in forklearring tekenje litte, dat hja üt dy wenning gean sille as hja oer in pear jier mear fortsjinje as safolle? As de hear Miedema it sa wol, dan moat hy der mar in ütstel fan meitsje. (De hear Miedema: Ik wol it net, de Minister wol it.) De Minister jowt üs yn oerweging in goed rjochte trochstreamingsbilied to fieren. Mar dat dogge wy yn Ljouwert al jierren. Der binne hiel hwat gemeenten fier by üs to'n efter. Ik fiel der neat foar de minsken in forklearring tekenje to litten. De wenningboufor ienings fiele der ek neat foar. Wy halde dy saek goed yn 'e gaten. Wy hawwe mear bilang by wenningen dy't de minsken mei hegere ynkommens opfange kinne. Sa leit it. Mar as it yn de takomst nedich wêze sil, kin it altiten noch. De Raad voor de Volkshuisvesting is it hielendal mei üs iens. It wurkjen mei dy forklear ring soe ek in hiel geseur jaen mei de biwenners. Wy soene hiel hwat oeralhelje. Mevr. Brandenburg heb ik al beantwoord, wat haar vraag over Lekkumerend betreft. Ik hoop, dat we daar dit jaar flink wat kunnen doen. Ik weet van de prij zen nog niets, dus zeker kan ik niets zeggen. Als de prijzen tegenvallen, geeft dat weer vertraging. Maar omdat we met een bouwstroom te maken hebben die in Bilgaard al op gang gekomen is de aannemers hebben hier hun hele capaciteit op ingesteld heb ik de hoop, dat het wel zal lukken. Maar wij hebben dat niet in de hand. Als alles meezit kunnen wij onze plannen dit jaar in Lekkumerend-oost waar maken, alleen zullen er geen 769 maar ongeveer 550 woningen worden gebouwd. Dat staat i.v.m. de opschuiving van die weg naar het noorden. Als we het oorspronkelijke plan toch zouden willen doorvoeren, zouden we de wo ningen in of achter de Bonke moeten bouwen. En dat

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Notulen) | 1971 | | pagina 10